Thomas Romein
Thomas Adrianus Romein (Ljouwert, 16 desimber 1811 – Ljouwert, 24 febrewaris 1881) wie in Fryske arsjitekt.
Beheinde biografy
bewurkje seksjeThomas Romein wie de soan fan de timmerman Jacob Romein. Nei de skoalle yn Ljouwert studearre hy yn Rotterdam. Yn 1843, neidat hy earst yn tsjinst west hie fan Wettersteat, waard hy stedsarsjitekt fan Ljouwert. Fan 1874 oant 1881 wie Romein ek direkteur gemeentewurken en hy organisearre de Ljouwerter brânwar.[1]
Yn 1860 sloech Romein in oanbod fan de gemeente Utert foar de funksje fan stedsboumaster ôf fanwegen in neffens him te leech salaris. As stêdsboumaster woe er neutraal de publike saak tsjinje kinne en syn salaris net oanfolle moatte mei opdrachten foar partikulieren.[2]
Hy ûntwurp benammen neoklassisistyske gebouwen.
Inkele wurken
bewurkje seksjePlak | Wurk | Jier | Ofbyld |
---|---|---|---|
Dokkum | Doopsgesinde tsjerke | 1852 | |
Ljouwert | Haadwacht | 1845 | |
Ljouwert | Paleis fan Justysje | 1851 | |
Ljouwert | Likehúske begraafplak Spanjaardsleane | 1874 | |
Ljouwert | Middelbere skoalle foar famkes, Grutte Tsjerkestrjitte 12 | 1876 | |
Ljouwert | Beurs- en waachgebou | 1880 | |
Ljouwert | Steedlik Gymnasium | 1881 | |
Menaam | Gemeentehûs | 1843 | |
Pitersbierrum | Tsjerke | 1845 | |
Sint Jabik | Groate Kerk | 1844 | |
Terbant | Rotondetsjerke | 1845 |
Literatuer
bewurkje seksje- Yedema, G., Thomas Romein; Neoclassicisme in Friesland, Ljouwert 1992.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
---
|