Dokkum
Flagge fan Dokkum Wapen fan Dokkum
Flagge Wapen
Lokaasje fan Dokkum
Gemeente Noardeast-Fryslân
Ynwennertal 12.830 (1 jannewaris 2022)[1]
Webstee Webstee Dokkum

Dokkum (Frysk en Dokkumersk) is in stêd yn de gemeente Noardeast-Fryslân. Dokkum leit noardlik fan Damwâld, eastlik fan Boarnwert, westlik fan Eastrum en besuden Ealsum. Dokkum hat 12.830 (1 jannewaris 2022)[2] ynwenners. De kearn fan de stêd leit tusken de grêften op de twa âlde terpen dêr't Dokkum op boud is.

de himrik fan Dokkum
Dokkum eartiids
Satellytfoto fan Dokkum
Syl yn it Grutdjip
Winkelstrjitte Dokkum
Yn Dokkum
1rightarrow.png Dizze side giet oer de stêd Dokkum. Foar it eardere gemeente, sjoch: Dokkum (gemeente).

De buorskip Betterwurd heart ek by Dokkum.

Dokkum is in stêd fan de Fryske stêden.

SkiednisBewurkje

Foar de oarsprong fan de namme Dokkum binne ferskate ferklearrings. Guon tinke in kombinaasje en gearlûking fan de Fryske manljusnamme 'Docko' dy't hjir in hiem hân hawwe soe. Oaren assosjearje Dokkum mei 'Tockingen', dat is in 'delsetting oan in tocht of stream'.

Om Dokkum hinne binne terpen mei prehistoaryske grêven, dat de omkriten hawwe in lange skiednis fan bewenning. Yn de beskriuwing fan Bonifatius, troch Willibald fan Mainz skreaun om 766 hinne, wurdt de namme fan Dokkum net fermelden. De twa generaasjes letter op skrift stelde Vita oer Bonifatius, neamt it ûnderwilens op de grêfhichte ûntstiene beafeartsoarde Dokkum wol "in loco qui Dockinga dictur". [3] Oare farianten binne ûnder mear 'Villa Nocdac' en 'Dockynchirica'.

Op it plak dêr't Bonifatius deadien wêze soe, waard om 760 hinne in oan him wijde tsjerke stifte dêr't Liudger en Willehad ek oan ferbûn west hawwe. De delsetting op in terp ûntwikkele him frijwat hurd troch syn geunstige lizzing oan in krusing fan in lânwei mei in see-earm. Ien fan de greeflike tollen kaam dêr te lizzen en de hartoggen fan Brunswyk joegen Dokkum rjocht fan muntslach yn de 11e iuw. Dy munten binne werom fûn yn de Skandinavyske- en Baltyske lannen en sels op Yslân en yn de Oeral oan ta. Yn de folle midsiuwen ûntjoech Dokkum him mei syn ynternasjonale hannelsbetrekkingen en merkfunksje ta in ûnôfhinklik plak, los fan de gritenij Dongeradiel. Yn 1298 krige Dokkum nei Starum, Harns en Drylts as fjirde stêd fan Fryslân stedsrjochten.

Earder, yn 1214, preke Olivier fan Keulen yn Dokkum de krústocht, dêr't dan ek Dokkumers oan meidien hawwe. Dy skiednis wurdt troch in heale moanne op it wapen fan Dokkum yn oantinken hâlden.

Yn de Grutte Fryske Oarloch giet it Alliearde leger ûnder lieding fan Fokko Ukena op Dokkum oan (1418). Nei inkele skermutselingen mei de Skieringer ferdigeners jouwe dy har oer en is de stêd oermastere. Dokkum wurdt brânskatte en de stêd militêr útskeakele.

It ierst bekende stedssegel fan Dokkum waard yn 1491 makke. It segel hat in ôfbyld fan de parochytsjerke wijd oan Sint Martinus. Inkelde tsientallen jierren fierder yn de tiid wie Dokkum waakst ta in mienskip fan sa'n 1400 minsken [4][5]

Yn de Tachtichjierrige Oarloch tsjin Spanje wie Dokkum in wichtige pion yn de striid. Yn 1572 wie de stêd inkele oeren yn hannen fan de Geuzen. Dokkum waard dêrfoar swier bestraft mei de Dokkumer Fury. Nei 1579, doe't Dokkum him oansleat by de Uny fan Utert begûn in tiidrek fan rêst.

Yn eardere jierren hie de stêd in iepen ferbining mei de see, it Dokkumer Grutdjip. Yn 1597 fêstige de Fryske Admiraliteit him yn Dokkum. Fan hjirút waarden alderlei saken foar de befeiliging fan de hannelsfeart en oarlochfiering mei Spanje op see regele. Dokkum wie fan grut strategysk belang, wat ek bliken die út de oanlis fan de stedswâlen yn de jierren 1581-1582.

Dochs bleau de Admiraliteit net lang yn Dokkum. Troch it tichtslykjen fan it Grutdjip moasten se yn 1644 it kantoar nei Harns ferpleatse. Yn 1729 waard de iepen ferbining mei de Lauwerssee definityf ôfsluten troch de oanlis fan de Dokkumer Nije Silen. Dy syl ferfong teffens de âlde 16e-iuwske seeslûs ûnder de Syl. Dokkum ûntjoech him hieltyd mear ta in op it lân oriïntearre stêd.
Troch de hege kosten fan de oanlis fan de Strobosser Trekfeart yn de jierren 1654 - 1656 gie Dokkum fallyt. Dokkum stie en stiet yn de lokale tradysje bekend as "Earm Dokkum".

Besuden Dokkum is in boarne, dy't troch oerlevering yn ferbân brocht wurdt mei (de dea fan) de Frankyske misjonaris Bonifatius yn 754 en dêrtroch in roomsk-katolyk beafeartsoarde wurden is.

Yn Dokkum begûn Fedde Sonnema syn distillearderij en likeurstokerij, tsjintwurdich noch altyd bekend fan Sonnema Bearenburch. It âlde fabrykje stiet noch altyd yn Dokkum. It pleintsje foar it eardere fabryk is nei Sonnema Sonnemapleintje neamd.

Yn de njoggentjinde iuw ûntstie in tanimmend romtegebrek yn Dokkum. Dat kaam troch de fêstingwâlen dy't groei nei bûten behinderen, yn it skoatsfjild fan de kanonnen op de bastions mocht nammentlik net boud wurde. Alle nijbou waard yn de binnenstêd opproppe, wat late ta it ferlies fan in soad histoaryske gebouwen. Gelokkich waard de binnenstêd fan Dokkum - as ien fan de earste plakken yn Nederlân - yn 1974 útroppen ta beskerme stedsgesicht. (Sjoch ek: Beskerme steds- en doarpsgesichten yn Fryslân).

Foar de Twadde Wrâldoarloch stoppe der ek in trein yn Dokkum, it Dokkumer Lokaeltsje. De passazjierstsjinst is al yn 1936 opheft, it frachtferfier earst healwei de santiger jierren, mar dochs is by mannich Dokkumer it Dokkumer lokaaltsje in bekend ding. Sa is der in kroech yn Dokkum mei de namme "Dokkumer lokaaltsje", en kinne in protte Dokkumers it liet oer it treintsje. Yn 2008 wiene der plannen foar it opnij oanlizzen fan dy ferbining, mar dy giene net troch.

Oant 1984 wie Dokkum ek in selsstannige gemeente. Troch in gearfoeging mei de gemeenten West- en East-Dongeradiel ûntstie de gemeente Dongeradiel. By de gemeentlike weryndieling dy't per 1 jannewaris 2019 trochfierd waard, kaam Dokkum as haadplak by de nije fúzjegemeente Noardeast-Fryslân te hearren. Dokkum hat altyd haadplak west fan Dongeradiel en is dat sûnt 2019 ek fan Noardeast-Fryslân.

Dokkum (754-2004) 1250 jierBewurkje

Omdat 754 de earste kear yn de skiednis is dat Dokkum neamd wurdt, is dat as stiftingsjier fan Dokkum keazen. Yn 2004 wie dat 1250 jier lyn, en fanwege dat jubileum wie 2004 foar Dokkum in jier fan feestlikheden. Under oaren mei de fjouwerjierlikse stedsfeesten waard dat jier ekstra grut útpakt. Ek ferskynde in standertwurk oer de skiednis fan Dokkum: Skiednis fan Dokkum, hert fan noardlik Eastergoa.

It besjen wurdichBewurkje

 
Stedhûs fan Dokkum

Ein 20e iuw is der in soad restaurearre yn Dokkum. Mei jild fan de Jeropeeske Uny is de binnenstêd opnij fluorre en binne der ferskate keunstwurken oanbrocht. Ek partikulier is der in soad oan de stêd opknapt. Foarbylden dêrfan binne de Kofjebrânerij, dêr't no in restaurant yn sit en trepgevelhûs 'De Gouden Hân' oan de Fleismerk. Dokkumer spesjaliteit is Dockumer kofje.

WaachBewurkje

 
Dokkumer waach

De Waach is boud yn 1754, presys 1000 jier nei de stifting fan Dokkum. It gebou hat 4 Ioanyske pilasters mei byldhoude stedswapens en in klokkoepel.

Op de gevel stiet noch altyd de tekst waekt en weeght. Dat yn ferbân mei de twaliddige funksje dy't it earder hie. Alderearst waard dêr de suvel woegen en as twadde wiene dêr soldaten legere.

Tsjintwurdich sit der in restaurant yn de waach.

TsjerkenBewurkje

StedswâlenBewurkje

Der binne fiif stedswâlen om Dokkum boud. Dizze stedswâlen steane bekend as bolwurken. Om dizze bolwurken lei wetter. De iennichste yngongen om yn Dokkum te kommen wienen fjouwer poarten: Hanspoarte, Healemoannepoarte, Wâldpoarte en de Ealsumerpoarte. Om 21.55 waarden klokken let as warskôging dat de poarten ticht giene. Minsken bûten Dokkum hienen dan noch fiif minuten de tiid om der yn te kommen. De bolwurken binne noch altyd goed te sjen omdat se noch yntakt binne. Ek no noch wurde om 21.55 yn Dokkum de klokken let om dy tradysje yn eare te hâlden. Op de bolwurken steane ek de mûnen Seldenrêst en De Hoop.

WettertoerBewurkje

 
Wettertoer fan Dokkum

De wettertoer fan Dokkum (1957) is ien fan de twa Fryske weropboumonuminten dy't yn 2007 troch de Rykstsjinst foar Archeology, Kultuerlânskip en Monuminten op de list fan ryksmonuminten út de weropbouperioade komd is.

Arsjitekt fan de toer is de Ljouwerter Jo Vegter. Boppe-yn de 37 meter hege toer soe destiids in restaurant komme mar dat is der nea fan kaam.

EvenemintenBewurkje

MienskipBewurkje

TaalBewurkje

Yn Dokkum wurdt njonken Frysk en Nederlânsk ek Stedsk praat.

FerieningsBewurkje

  • Fryslân Teater - toaniel
  • Badmintonclub Oostergo - badminton
  • Basketbalvereniging Rebound - basketbal
  • Bodde Bouman Sportcentrum - fitness
  • C.S.V. Be Quick Dokkum - fuotbal
  • Sportstudio Dokkum - fitness
  • Gymnastiekvereniging Adundo - gymnastyk
  • Korfbalvereniging De Granaet - kuorbal
  • Loopgroep Dokkum - rinnen
  • Palestra welness/fitness - welness en fitness
  • V.V. Dokkum - fuotbal
  • Tennis Club Dokkum - tennis
  • Volleybalvereniging De Roeken/DVC - follybal
  • Tolhuisbad en Health Club - swimmen, welness, fitness en sportsealen
  • Massagepraktijk Dokkum - massaazje
  • Kaatsvereniging Dongeradeel - keatsen
  • Christelijke Muziekvereniging Fanfare Oranje Dokkum - muzyk
  • Stedelijke Harmonie Dockum - muzyk
  • Vocal Group Stim - muzyk
  • Joy for People Gospel Choir - muzyk
  • Christelijk Mannenkoor Pro Rege Dokkum e.o. - muzyk
  • Opus3 - muzyk

BefolkingBewurkje

FerbiningsBewurkje

Dokkum hie yn it ferline in iepen ferbining nei see troch it Dokkumer Djip. Yn 1596 waard dêr dan ek de Fryske Admiraliteit oprjochte. Mar om 1645 hinne gie de Admiraliteit nei Harns, en Dokkum rûn tebek wat de seefeart oanbelanget, oant yn 1729 in dyk tsjin it gefaar fan de Lauwerssee oanlein waard dy't Dokkum hielendal fan de see ôfsluet.

Fan 1645 oant 1656 is de Strobosser Trekfeart groeven yn opdracht fan de stêd Dokkum om de ferbining mei Grins te ferbetterjen. Troch de hege kosten kaam Dokkum yn grutte finansjele problemen.

Tusken 1901 en 1936 hie Dokkum ek in ferbining mei Ljouwert oer it spoar. It stasjon fan it saneamde Dokkumer Lokaeltsje lei doedestiids tusken Dokkum en Ealsum. Ferskate strjitnammen ferwize noch nei dy tiid, sa as de Stasjonswei, Stasjonsstrjitte en By 't Stasjon. Wat westliker leit no it busstasjon dêr't de bussen ôfsette nei Ljouwert, Drachten en Bûtenpost.

YndielingBewurkje

Yn it sintrum fan Dokkum is de âlde binnenstêd, binnen de Bolwurken.

Dokkum hat him yn de 20e iuw oan alle siden bûten de bolwurken útwreide. Der binne tal fan wenwiken bykaam:

  • Fonteinslannen (besuden de binnenstêd )
  • Jantsjessee polder (súdkant)
  • Koailannen (súd-eastkant)
  • It Fûgellân (eastkant)
  • Weeshúslannen (noardkant)
  • Huoddemakkerspolder (súdwestkant)
  • Wâldhoarne (westkant)

Fierders binne der ek noch twa yndustryterreinen:

De Trije Terpen (nijbouwyk)Bewurkje

 
De Trije Terpen

Súdwestlik fan Dokkum wurdt de nijbouwyk De Trije Terpen oanlein. Dy wyk krijt 220 nijbouwenten. Yn de wyk komt in farieard wenningoanbod. De wyk sil yn trije fazen boud wurde. Yn 'e midden komt in wyksintrum. De wyk grinzet oan Suderskâns (Zuiderschans), in winkel- en bedriuwegebiet, en de Wâldhorne (Woudhorne).

Underwiis en SûnenssoarchBewurkje

Foarbylden fan ûnderwiis- en sûnenssoarchynstellingen yn Dokkum binne:

Berne yn DokkumBewurkje

StrjittenBewurkje

Alle strjitten yn Dokkum.

Sjoch ekBewurkje

BouwurkenBewurkje

ByldenBewurkje


Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://opendata.cbs.nl/statline
  2. https://opendata.cbs.nl/statline
  3. H. Halbertsma (2000), "Frieslands oudheid, side 308.
  4. Dijkstra, J., 2003: Archeologisch onderzoek aan de Koningstraat te Dokkum. ADCrapport 204, Bunschoten.
  5. [1]
 
Alve Stêden fan de provinsje Fryslân

Boalsert · Dokkum · Drylts · Frjentsjer · Harns · Hylpen · Ljouwert · Sleat · Snits · Starum · Warkum

 
Plakken yn de gemeente Noardeast-Fryslân
 
Stêd: Dokkum

Doarpen en útbuorrens: AldwâldBurdaardBlijeBoarnwertBoerumBrantgumEalsumEanjumEasternijtsjerkEastrumFeankleasterFerwertFoudgumGinnumHallumHantumHantumerútbuorrenHantumhuzenHegebeintumHolwertIeIngwierrumJannumJislumJouswierKollumKollumersweachLichtaardLytsewâldDe Lytse JouwerLjussensMarrumMitselwierMoarreModdergatMuntsjesylNesNijewierPeazensDe PompRaardReitsumDe SkânsSweagerboskTernaardDe TriemeWaaksensWânswertWarfstermûneWestergeastWetsensWierum

Buorskippen: Ald TerpAldwâldmersylBartlehiem (foar in part) • BeintemahûsBetterwurdBoarnwerterhoekeBoarnwerthuzenBoatebuorrenBollingwierBrânbuorrenBûnte HûnDe DellenDykshoarneDokkumer Nije SilenEasterbeintumFarebuorrenFiifhuzen (Hallum)Fiifhuzen (Ternaard)FiskbuorrenFjildbuorrenGrut MidhuzenHallumerhoekeHanenburchHantumerhoekeHealweiHústernoardIesumasylJewierKeatlingwierDe KegenKletterbuorrenKollumer AldsylDe KolkKrabbuorrenLeechlânDe LeechteLyts MidhuzenLytse LeardLytse WierMeddertMûnebuorrenNijlânIt ParadyskeDe ReidswâlDe RypSânbultenSânhuzenSibrandahûsDe SkânsSkernehuzen't SkoarStienharstIt StienfekStiemTeardTeyebuorrenTergrêft (foar in part) • Ter LuneDe TibbenTilbuorrenTiltsjebuorrenTrijeboerehuzenWeardebuorrenWesterbuorrenWesternijtsjerkWieDe WygeastDe Wurden