Non-stop 11 Stêde Seekajak Prestaasjetocht

De Non-stop 11 Stêde Seekajak Prestaasjetocht (Nederlânsk en offisjeel: Non-stop 11 Steden Zeekajak Prestatietocht), miskien better bekend as de Kajakalvestêdetocht, is in evenemint dat elts jier yn 'e earste helte fan 'e moanne septimber yn 'e Nederlânske provinsje Fryslân holden wurdt. It is 200 km lange wedstryd yn it ramt fan 'e Alvestêdetocht by de Fryske alve stêden lâns. It evenemint wurdt organisearre troch de Frjentsjerter Kanoferiening Under it Waad, en dêrom binne de start en finish yn Frjentsjer.

Non-stop 11 Stêde Seekajak Prestaasjetocht
Non-stop 11 Steden Zeekajak Prestatietocht
plak en tiid
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente ferskaat
plak Fryske alve stêden
tiid fan it jier 1e helte septimber
bysûnderheden
oare namme Kajakalvestêdetocht
gelegenheid Alvestêdetocht
soarte evenemint sportevenemint
bestean 2003 – no
org. troch Under it Waad
offisjele webside
onderdewadden.nl

Yn 2003 waard de Non-stop 11 Stêde Seekajak Prestaasjetocht foar it earst holden. It evenemint duorret twa dagen. De dielnimmers, dy't har mei in faasje fan tusken de 6 en 9 km/h troch peddeljen fuortbewege yn seekajaks, geane op freedtemoarn fan start. Se peddelje de hiele dei, ite op 'e jûn en kinne dan ûnderwilens ek wat útrêste, om dêrnei wer fierder te gean en de hiele nacht troch te farren. Dêrby moatte se wekker sjen te bliuwen en de kop der goed by hâlde om net te ferdwalen as se yn it tsjuster marren oerstekke. Nei in twadde koart skofthâlden op 'e iere moarn giet de tocht sneons gewoan troch oant de dielnimmers ferspraat oer de middei oer de finish komme. Om ûngelokken, benammen troch wurgens, foar te kommen, wurde alle dielnimmers ûnderstipe troch 'wâlteam', dat him of har it hiele trajekt lâns folget.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • ――, Zestiende editie Non-stop 11 Steden Zeekajak Prestatietocht, yn: van Wad tot Stad, 4 septimber 2018, s. 3.