Freed
Freed is neffens de Gregoriaanske kalinder de sechste dei fan de wike. De dei is ferneamd nei de Germaanske goadin Frija en folget op de Tongersdei.
Freed is de lêste dei foar it wykein yn in soad gebieten mei in fiifdeiske wurkwike.
Betsjutting
bewurkje seksjeDizze dei fan de wike hat foar guon kristenen in minne namme, omdat de krusiging fan Kristus op in freed barde (sjoch: Goedfreed). Freed de trettjinde is foar guon in ûngeloksdei.
Foar de moslims is freed de wichtichste dei fan oanbidding.
De joadske sjabbat begjint by sinne-ûndergong op freedtejûn, en hâldt op by sinne-ûndergong op sneon.
Ferskaat
bewurkje seksje- By de Akan (bewenners fan Gana en Ivoarkust) krije op freed berne jonges de foarnamme Kofy.
- Freed wie ek de namme fan de kannibaal dy't it helpke waard fan Robinson Crusoe yn it ferneamde boek fan Daniel Defoe.
- It is teffens in toanielstik fan Hugo Claus.