Haadmenu iepenje
Lake Nahuel Huapi (Argentynje)
Lake Mapourika, Nij-Seelân

In mar (ôfhinklik fan de grutte bytiden: plas) is in troch fêstelân omringde wetterflakte, almeast mei in 'fiedende' en in 'ôfwetterjende' rivier. It lêste is lykwols gjin rigel. Somtiden wurdt in beheindere definysje fan mar brûkt dy't gjin sâlt wetter talit. In wetterflakte sûnder in ôfwetterjende rivier, dêr't sâlt wetter yn stiet, jildt dan net as in mar. Sa wurdt de Kaspyske See dan net as in mar beskôge mar as in see, in sletten see.

Ynhâld

De grutste marren op 'e wrâldBewurkje

Hjirûnder stiet in opsomming fan de grutste marren op 'e wrâld, oardere nei de boppeflakte. Oardere nei ynhâld soe lykwols it Baikalmar, hjir nûmer 8, de grutste mar wêze.

  1. Kaspyske See (Aazje) - 371.000 km²
  2. Boppemar (Noard-Amearika) - 83.000 km²
  3. Fiktoariamar (Afrika) - 68.800 km²
  4. Hueronmar (Noard-Amearika) - 60.000 km²
  5. Michiganmar (Noard-Amearika) - 58.020 km²
  6. Tanganjikamar (Afrika) - 32.900 km²
  7. Grutte Bearemar (Noard-Amearika) - 31.790 km²
  8. Baikalmar (Aazje) - 30.500 km²
  9. Aralmar (Aazje) - 28.687 km²
  10. Grutte Slavemar (Noard-Amearika) - 28.440 km²

Grutste marren fan parten fan de wrâld binne:

  • De Ladogamar (18.100 km²) is de grutste mar fan Jeropa.
  • De Iselmar (1.100 km²) is de grutste mar fan Nederlân.
  • De Tsjûkemar (21,16 km²) is de grutste mar fan Fryslân.

Fan de Jeropeeske talen binne der guons (Dútsk, Frânsk, Latynsk), dêr't it besibbe Fryske wurd mar, see yn betsjut. Oarsom hat it Dútsk twa wurden See dêr't der See júst mar by betsjut.

Marren yn NederlânBewurkje

Marren earne oars yn JeropaBewurkje

Marren earne oars yn de wrâldBewurkje

Sjoch ekBewurkje

Keppeling om utensBewurkje

  • Wikiwurdboek-side - mar