Grutte Slavemar
De Grutte Slavemar (Ingelsk: Great Slave Lake; Frânsk: Grand lac des Esclaves), is in grut binnenwetter yn it noardlike diel fan it Noardamerikaanske kontinint, yn 'e Kanadeeske Noardwestlike Territoaria.
Grutte Slavemar | ||
geografy | ||
type wetter | mar | |
lokaasje | noarden fan Noard-Amearika | |
lân | Kanada | |
territoarium | Noardwestlike Territoaria | |
koördinaten | 61°30′01″N 114°00′04″W | |
sifers | ||
maks. lingte | 480 km | |
maks. breedte | 109 km | |
oerflak | 27.200 km² | |
djiptegemiddelde | 41 m | |
djipste punt | 614 m | |
wetterfolume | 1.580 km³ | |
kaart | ||
Lokaasje yn de Noardwestlike Territoaria.
|
It is nei de Grutte Bearemar de grutste mar fan Noardlik Kanada, en de op njoggen nei grutste mar fan 'e hiele wrâld, mei in oerflak fan likernôch 27.200 km². It djiptegemiddelde is 41 m en it djipste punt leit op 614 m ûnder it wetteroerflak. De Grutte Slavemar bestiet út in sintraal diel mei trije útstekkende earms, dy't nei rûchwei nei it westen, noardwesten en easten wize. Op it langste punt mjit de mar 480 km (fan súdwest nei noardeast) en op it breedste punt 109 km (fan noardwest nei súdeast).
De Grutte Slavemar wurdt benammentlik fet troch de rivieren de Slave en de Hay, en wetteret ôf fia de rivier de Mackenzie nei de Noardlike Iissee. De namme fan 'e mar (en trouwens ek fan 'e rivier de Slave) komt fan 'e Slavy-Yndianen, dy't foarhinne yn it Ingelsk Slaves ("Slaven") neamd waarden.
Der binne ferskate delsettings oan 'e kust fan 'e Grutte Slavemar sitewearre, wêrûnder Behchoko, Hay River, Fort Resolution en Yellowknife, de haadstêd fan 'e Noardwestlike Territoaria. De mar leit yn in gebiet dêr't in toendraklimaat hearsket, en it wetter is dan ek beferzen fan novimber oant mids juny.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.
|