Grutte Bearemar
De Grutte Bearemar (Ingelsk: Great Bear Lake; Frânsk: Grand lac de l'Ours; Slavy: Sahtú), is in mar yn 'e Kanadeeske Noardwestlike Territoaria, op 'e grins fan 'e poalsirkel. It is it grutste binnenwetter dat folslein op Kanadeesk grûngebiet leit (de gruttere Boppemar en Hueronmar lizze foar in diel op Amerikaansk grûngebiet). It is de op trije nei grutste mar yn Noard-Amearika (wêrby't it dan ek noch de Amerikaanske Michiganmar foargean litte moat), en de op sân nei grutste yn 'e wrâld.
Grutte Bearemar | ||
geografy | ||
type wetter | mar | |
lokaasje | noarden fan Noard-Amearika | |
lân | Kanada | |
territoarium | Noardwestlike Territoaria | |
koördinaten | 65°50′01″N 120°45′06″W | |
sifers | ||
oerflak | 31.153 km² | |
djiptegemiddelde | 71,7 m | |
djipste punt | 446 m | |
wetterfolume | 2.236 km³ | |
kaart | ||
Lokaasje yn de Noardwestlike Territoaria.
|
De Grutte Bearemar, dy't op 186 m boppe seenivo leit, hat in oerflak fan 31.153 km². It djiptegemiddelde is 71,7 m, mei in djipste punt op 446 m ûnder it wetteroerflak. De namme fan it wetter komt fan 'e Yndianen dy't oan 'e noardkant libje, de Tsjippewaien (Chipewyan), wa har namme oft "folk fan it grizzlybearewetter" betsjut.
De krite fan 'e Grutte Bearemar hat in toendraklimaat, en it wetter fan 'e mar is fan ein novimber oant yn july beferzen. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 19,4 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat –20,9 °C. Rekôrtemperatueren binne 33,5 °C yn july en –49,1 °C yn jannewaris. De Grutte Bearemar kriget jiers trochinoar 268,7 mm delslach, mei dêrûnder oer it hiele winterhealjier ferdield 150 sm snie.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|