Boppemar
De Boppemar (Ingelsk: Lake Superior; Frânsk: Lac Supérieur), is de grutste fan 'e fiif Grutte Marren fan eastlik Noard-Amearika, mei in oerflak fan 127.700 km². It djiptegemiddelde is 147 m, mei in djipste punt op 406 m ûnder it wetteroerflak. Op it breedste punt mjit dit wetter 260 km, en op it langste punt 560 km. It wurdt oer it algemien beskôge as de grutste swietwettermar yn 'e wrâld as dat neffens wetteroerflak metten wurdt, en it is de op twa nei grutste swietwettermar fan 'e wrâld (en de grutste fan hiele Amearika) as dat metten wurdt neffens de hoemannichte wetter.
Boppemar | ||
De Boppemar yn dûnkerblau, mei de oare Grutte Marren yn ljochtblau. | ||
geografy | ||
type wetter | mar | |
lokaasje | easten fan Noard-Amearika | |
lân | Feriene Steaten Kanada | |
koördinaten | 47°7′N 87°5′W | |
ûnderdiel fan | Grutte Marren | |
sifers | ||
maks. lingte | 560 km | |
maks. breedte | 260 km | |
oerflak | 127.700 km² | |
djiptegemiddelde | 147 m | |
djipste punt | 406 m | |
wetterfolume | 12.000 km³ |
De Boppemar wurdt oan 'e súdkant begrinzge troch de Amerikaanske steaten Minnesota, Wiskonsin en Michigan, en oan 'e noardkant troch de Kanadeeske provinsje Ontario. Yn 'e mar, tichter by de noardkust as by de súdkust, lizze in stikmannich lytseftige eilannen, nammentlik: it Isle Royale, de Aposteleilannen, Michipicoten en de Slate-eilannen.
De namme fan 'e mar giet werom op 'e earste Frânske ûntdekkingsreizgers yn dit diel fan Noard-Amearika, dy't de Boppemar yn 'e rin fan 'e santjinde iuw benei kamen fia de Hueronmar, dy't streamôf leit yn it systeem fan rivieren en marren dêr't de Boppemar ta heart. Sadwaande neamden se dit nije wetter le lac supérieur, of "boppe(lizzende) mar", d.w.s. "de mar dy't boppe (of streamop fan) de Hueronmar leit".
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.
|