Wiskonsin
Wiskonsin (Ingelsk: Wisconsin; útspr.: [wɪs'kɒnsɪn], likernôch "û-iskônsin"), offisjeel de Steat Wiskonsin (Ingelsk: State of Wisconsin), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Wisconsin, byneamd de Badger State (de "Dassesteat"), leit yn it noarden fan it lân, yn it gebiet fan 'e Grutte Marren, deunby (mar net oan) de grins mei Kanada. De steat wurdt ta de regio fan it Amerikaanske Midwesten rekkene. De haadstêd is Madison, mar de grutste stêd is Milwaukee. Neffens in skatting út 2014 hie Wiskonsin doe krapoan 5,8 miljoen ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de 20e steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeande oerflak is Wiskonsin mei likernôch 170.000 km² de 23e steat. Wiskonsin stiet benammen bekend om syn agraryske sektor en wurdt dêrom behalven de Badger State ek wol America's Dairyland (it "Suvelgebiet fan Amearika") neamd.
Steat Wiskonsin State of Wisconsin | |
---|---|
flagge | wapen |
Forward (Ingelsk, "Foarút") | |
lokaasje yn de Feriene Steaten | |
algemien | |
ôfkoarting | WI |
lân | Feriene Steaten |
status (jier) | steat (1848) |
haadstêd | Madison |
grutste stêd | Milwaukee |
offisjele taal | Ingelsk (de facto) |
sifers | |
ynwennertal | 5.757.564 (2014) |
befolkingstichtens | 40,6 / km² |
oerflak | 169.639 km² (17% wetter) |
bykommende ynformaasje | |
bynamme | de Badger State |
tiidsône | UTC –6 |
simmertiid | UTC –6 |
webside | www.wisconsin.gov |
- Dizze side giet oer de Amerikaanske steat Wiskonsin. Foar oare betsjuttings, sjoch: Wiskonsin (betsjuttingsside).
Etymology
bewurkje seksjeWiskonsin is ferneamd nei de rivier de Wiskonsin. Dy rivier ûntfong syn namme fan 'e oarspronklike Algonkwynsktalige Yndiaanske bewenners fan 'e steat. De Frânske ûntdekkingsreizger en jezuyt Jacques Marquette tekene de namme fan 'e rivier yn 1673 op as Meskousing, mar neitiid waard dy foarm troch oare Frânske skriuwers ferbastere ta Ouisconsin, dat dêrnei wer anglisearre waard ta Wisconsin. De oarspronklike betsjutting fan 'e (no argayske) namme yn 'e Algonkwynske talen is obskuer. Neffens ien teory soe de namme werom gean op it wurd meskonsing út 'e Majêmy-taal, dat safolle betsjutte soe as "it leit read", ferwizend nei it wetter fan 'e rivier de Wiskonsin dêr't dy oer de reade sânstiennene ûndergrûn hinne steamt. In oare teory wol hawwe dat meskousing in âld wurd út 'e Odjibwe-taal is, mei betsjuttings dy't útinoar rinne fan "read stiennen plak" en "grutte rots" oant "dêr't it wetter gearkomt".
Geografy
bewurkje seksjeWiskonsin hat in oerflak fan 169.639 km², wêrfan't 17% út wetter bestiet en 46% oerdutsen is mei wâlden. De steat leit yn 'e Sintrale Tiidsône (UTC –6, simmertiid –5). Yn it easten wurdt Wiskonsin begrinzge troch de Michiganmar, ien fan 'e fiif Grutte Marren. Yn it suden grinzget de steat oan Illinois, yn it súdwesten oan Iowa, yn it westen oan Minnesota, yn it noardwesten oan 'e Boppemar en it noarden en noardeasten oan Opper-Michigan. De westgrins fan Wiskonsin wurdt fierhinne foarme troch de rivieren de Mississippy en de St. Croix, wylst de grins mei Opper-Michigan foar it grutste part bestiet út 'e rivieren de Menominee en de Montreal. De grutste rivier dy't troch sintraal Wiskonsin streamt, is de Wiskonsin, dy't útmûnet yn 'e Mississippy.
Hoewol't de steat frij flak is, bestiet Wiskonsin dochs út fiif ûnderskate lânskipstypes. Yn it noarden rint it Leechlân fan de Boppemar yn in bân by de kust fan 'e Boppemar lâns. Justjes súdlik dêrfan beslacht it Noardlik Heechlân hast in trêdepart fan it oerflak fan 'e steat. Dat gebiet is begroeid mei mingd wâld en omfettet tûzenen lytse markes. Ek it heechste punt fan 'e steat, Timms Hill, op 595 m boppe seenivo, is dêr te finen. Yn 'e midden fan Wiskonsin strekt de Sintrale Flakte him út yn in healmoannefoarm dy't fan 'e grins mei Minnesota nei it súdeasten rint en dan mei in bocht nei it noardeasten einiget by de grins mei Opper-Michigan. Dat is in krite fan fruchtber lânbougebiet, dy't unike sânstiennene formaasjes omfiemet, lykas de Dellings fan 'e Rivier de Wiskonsin. De Eastlike Heuvels en Leechlannen foarmje in bân by de eastkust fan Wiskonsin lâns, oan 'e Michiganmar. Yn dat gebiet lizze de grutste stêden fan 'e steat, de Winnebago-mar, dat de grutste mar fan Wiskonsin is, en ek it leechste punt fan 'e steat, nammentlik it strân oan 'e Michiganmar, mei in hichte fan 176 m boppe seenivo. It Westlik Oplân, ta einbeslút, behearsket it súdwestlike part fan 'e steat, mei in grut tal kliffen by de rivier de Mississippy lâns.
Der binne yn Wiskonsin 12 Yndianereservaten:
- it Bad River Yndianereservaat
- it Fond du Lac Yndianereservaat (foar it meastepart yn Minnesota)
- it Forest County Yndianeservaat
- it Winnebago Yndianereservaat (Wiskonsin)
- it Lac Courte Oreilles Yndianereservaat
- it Lac du Flambeau Yndianereservaat
- it Menominy Yndianereservaat
- it Mole Lake Yndianereservaat
- it Oneida Yndianereservaat (Wiskonsin)
- it Red Cliff Yndianereservaat
- it St. Croix Yndianereservaat
- it Stockbridge-Munsy Yndianereservaat
Skiednis
bewurkje seksjeArgeologyske fynsten hawwe bewiisd dat Wiskonsin al teminsten 12.000 jier bewenne wurdt troch de minske. De ierste bewenners wiene nomadyske jager-sammelders, dy't jacht makken op no útstoarne bistesoarten lykas de mastodont. Yn 'e Wâldlânperioade, rûchwei fan 1000 f.Kr. oant 1000 n.Kr., ûntjoegen har yn 'e steat de earste maatskippijen dy't lânbou bedreaune. Letter leine tusken 1000 en 1500 de Mississippy- en Oneotakultueren de earste delsettings fan oansjenlik grutte oan, wêrûnder Aztalan, yn it súdwesten fan Wiskonsin.
Tsjin 'e tiid dat de earste Jeropeänen de krite berikten, waard it súdwesten fan Wiskonsin befolke troch de Sûaanske Iowa en Winnebago, dy't mooglik ôfstammen fan 'e Oneota. De rest fan 'e krite waard bewenne troch Algonkwynske folken: yn it suden en súdeasten de Sôk (Sauk), Foks (Fox) en Kikkepû (Kickapoo), yn 'e midden de Menominy (Menominee), en yn it noarden de Odjibwe (Ojibwe), ek wol Tsjippewa (Chippewa) neamd, en de Potawatomy (Potawatomi).
De earste blanke dy't Wiskonsin oandie, wie nei alle gedachten de Frânske ûntdekkingsreizger Jean Nicolet, fan wa't tradisjoneel oannommen wurdt dat er by syn kanotocht troch it gebiet fan 'e Grutte Marren yn 1634 by Red Banks oan lân gien is. Tusken 1654 en 1666 diene twa oare Frânsen, Pierre Radisson en Médard des Groseilliers, it plak oan dêr't no de stêd Green Bay leit, en teffens besochten se de krite oan 'e Chequamegon-baai, dêr't se mei de pleatslik Yndianen hannel dreaune om oan pelzen te kommen. Yn 1673 wiene Jacques Marquette en Louis Jolliet de earste Jeropeänen dy't it grûngebiet fan 'e steat trochkrústen, doe't se fan 'e Michiganmar oer de rivieren de Fox en de Wiskonsin nei de Mississippy peddelden.
Hoewol't de Frânsen yn 'e santjinde en achttjinde iuw djip behelle rekken yn 'e pelshannel yn Wiskonsin, fêstigen se gjin permaninte delsettings yn 'e steat foar't Grut-Brittanje troch de oerwinning yn 'e Frânske en Yndiaanske Oarloch yn 1763 it hiele gebiet fan 'e Grutte Marren yn 'e hannen krige. Om't er net werom woe nei Kebek, dêr't de Britten it no foar it sizzen hiene, waard de Frânske pelskeapman Charles de Langlade, dy't yn 1754 in semy-permaninte hannelspost stifte hie op it plak fan it hjoeddeiske Green Bay, yn 1764 de earste blanke dy't him foargoed yn Wiskonsin nei wenjen sette. Hoewol't Wiskonsin tsjin dy tiid eins ek al ta Britsk Noard-Amearika hearde, bleau de Britske ynfloed der amper merkber, mei't de Britten der, krekt as de Frânsen, inkeld belangstelling hiene foar de lukrative pelshannel.
De wiere kolonisaasje fan Wiskonsin begûn yn 1781, twa jier foar't it gebiet yn 1783, oan 'e ein fan 'e Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch, op papier by de Feriene Steaten kaam te hearren. Yn 'e praktyk holden de Britten it der lykwols foar it sizzen oant nei de Oarloch fan 1812. Under Amerikaansk bestjoer naam de wichtigens fan 'e pelshannel ôf, om ferfongen te wurden troch de mynbou. Yn 't earstoan gie it dêrby fral om maklik berikbere leadfoarrieden by Mineral Point en Dodgeville. Om't de iere mynwurkers hoalen útgroeven yn 'e grûn om yn te bivakkearjen, krigen de bewenners fan Wiskonsin de bynamme fan dassen, sa kaam de steat oan syn bynamme de Badger State.
De hommelse tastream fan blanken late ta spannings mei de lânseigen befolking, dy't yn 1827 ta útbarsting kaam yn 'e Winnebago-Oarloch mei de Winnebago en yn 1832 jitris yn 'e Oarloch fan Swarte Hauk mei de Sôk, Foks en Kikkepû. Dy konflikten brochten it Amerikaanske Kongres ta it beslút om it grutste part fan 'e Yndianen út súdlik Wiskonsin wei nei it westen ta de deportearjen, dêr't de Sôk, Foks, Kikkepû, Iowa en Winnebago noch altyd yn Kansas, Nebraska en Oklahoma libje, hoewol't in diel fan 'e Winnebago him yn westlik Wiskonsin wist te hanthavenjen. Letter waarden guon oare Yndiaanske groepen (de Oneida, Mohikanen en Munsy) krekt út 'e steat New York en út súdlik Nij-Ingelân wei nei Wiskonsin tà deportearre.
Fan likernôch 1830 ôf setten har grutte oantallen kolonisten út 'e eastlike Feriene Steaten en ymmigranten út Jeropa yn 'e steat nei wenjen. Yn 1836 waard troch it Amerikaanske Kongres it Territoarium Wiskonsin skepen, it begjin fan Wiskonsin as in bestjoerlike ienheid. Ynearsten hearde dêr ek it skiereilân Opper-Michigan by, mar dat waard yn 1837 taparte oan 'e buorsteat Michigan. Tusken 1840 en 1850 naam de blanke befolking fan it territoarium ta fan 31.000 oant 305.000 minsken. Dêrfan bestie in trêdepart út Dútsers, in trêdepart út lju fan 'e Britske Eilannen (Ierlân ynbegrepen) en in trêdepart út Yankees út Nij-Ingelân en New York. Op 29 maaie 1848 waard Wiskonsin as de 30e steat talitten ta de Amerikaanske Uny. Yn 'e folgjende fyftjin jier ferskode de ekonomy fan 'e nije steat fan yn haadsaak mynbou nei yn haadsaak de papieryndustry. Pas yn 'e 1890-er jierren waard feehâlderij mei de klam op suvel de wichtichste ekonomyske sektor fan Wiskonsin.
Foarôfgeande oan 'e Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) wiene in protte politisy út Wiskonsin tige aktyf yn 'e abolysjonistyske beweging. Yn dyselde geast waard yn Wiskonsin op 20 maart 1854 de (doe tige progressive) Republikeinske Partij oprjochte yn it plak Ripon. Under de Boargeroarloch tsjinnen likernôch 91.000 Wiskonsinsters yn it Noardlike Leger. Ek neitiid bleau Wiskonsin in polityk tige foarútstribjende steat, dy't yn 'e 1920-er en 1930-er jierren op steatsnivo dominearre waard troch in trêde partij, de Progressive Partij fan Robert "Fighting Bob" La Follette en dy syn soannen. Begjin tweintichste iuw ûntstie yn Wiskonsin it earste moderne foarferkiezingsstelsel foar de Amerikaanske presidintsferkiezings, de earste Amerikaanske arbeidûngeskiktheidsfersekering (beheind ta de gefolgen fan ûngemakken ûnder it wurk) en de earste ynkommensbelesting fan 'e Feriene Steaten.
Nei de Twadde Wrâldoarloch waard Wiskonsin lange tiid behearske troch de ekstremen fan it Amerikaanske politike stelsel, mei oan 'e iene kant de Wiskonsinster senator Joseph McCarthy en syn heksejacht tsjin kommunisten, en oan 'e oare kant de sosjalistyske boargemasters fan Milwaukee. Radikale anty-oarlochsprotesten mank studinten oan 'e Universiteit fan Wiskonsin-Madison kulminearren yn augustus 1970 yn 'e bomoanslach op Sterling Hall. Yn 'e 1990-er jierren sette de Republikeinske gûverneur Tommy Thompson útein mei de ôfbraak fan it sosjale sekerheidssysteem fan Wiskonsin. Fan 'e ein fan 'e tweintichste iuw ôf hat Wiskonsin syn ekonomy diversifiëarre, mei't de wichtigens fan yndustry en lânbou ôfnamen yn it foardiel fan 'e tsjinstesektor.
Bestjoer
bewurkje seksjeWiskonsin bestiet bestjoerlik út 72 countys. De steatshaadstêd, Madison, leit yn Dane County, yn it sintrale suden fan 'e steat. Krekt as alle Amerikaanske steaten wurdt Wiskonsin bestjoerd troch in steatsregear mei oan it haad de gûverneur. De wetjaande macht is yn 'e hannen fan it Parlemint fan Wiskonsin, dat bestiet út 'e Steatssenaat mei 33 sitten en it Steatshûs fan Offurdigen mei 99 sitten. Yn 'e Amerikaanske Senaat wurdt Wiskonsin, lykas alle Amerikaanske steaten, fertsjintwurdige troch 2 senators. Yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen hat Wiskonsin 8 sitten.
It politike lânskip fan Wiskonsin wurdt behearske troch de beide grutte Amerikaanske politike partijen, de Demokratyske Partij en de Republikeinske Partij. Alle oare partijen spylje mar in marzjinale rol. Fan âlds wie Wiskonsin in kearngebiet fan 'e Republikeinen, mar sûnt de ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch hâlde de beide grutte partijen inoar yn 'e steat yn lykwicht. Yn 2014, doe't sawol it gûverneurskip fan 'e steat as de beide keamers fan it steatskongres yn Republikeinske hannen kamen, liek Wiskonsin fansiden skuord te wurden nei rjochts, mar it hat wol kâns dat dat mar tydlik is. Yn 2016 wie Wiskonsin de steat dy't de Republikeinske presidintskandidaat Donald Trump oan in mearderheid yn it Elektoraal Kolleezje holp.
De grutste stêd fan Wiskonsin, Milwaukee, stiet derom bekend dat dêr yn 'e earste helte en de midden fan 'e tweintichste iuw oanhâldend iepentlik sosjalistyske boargemasters keazen waarden: Emil Seidel (1910-1916), Daniel Hoan (1916-1940), Frank P. Zeidler (1948-1960) en Henry Maier (1960-1988). Fierders waard de sosjalistyske krante-útjouwer Victor Berger ferskate kearen keazen om Wiskonsin te fertsjintwurdigjen yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen, hoewol't men him yn Washington, D.C. fanwegen syn wjerstân tsjin 'e Amerikaanske dielname oan 'e Earste Wrâldoarloch in skoft út it Kongres warde.
Ekonomy
bewurkje seksjeYn 2010 bedroech it bruto steatsprodukt fan Wiskonsin $248,3 miljard, wat per lid fan 'e befolking delkaam op in trochsneed jierynkommen fan $35.239 yn 2008. De ekonomy fan 'e steat driuwt op 'e lichte yndustry, de lânbou en de sûnenssoarch. Yn 2011 wie de grutste wurkjouwer yn Wiskonsin de supermerkkeatling Wal-Mart, folge troch de Universiteit fan Wiskonsin-Madison, de iepenbiere skoallen fan Milwaukee en de Amerikaanske Postale Tsjinst. De lichte yndustry draacht foar 20% by oan it bruto steatsprodukt en produsearret benammen papier, ferpakkingsmateriaal, apparatuer foar de sûnenssoarch en software.
As de suvelsteat by útstek produsearret Wiskonsin likernôch in fearn fan alle tsiis yn 'e Feriene Steaten, wêrmei't it fan alle steaten it earste plak ynnimt. Op it mêd fan 'e produksje fan bûter komt Wiskonsin op it twadde plak, efter Kalifornje, en oangeande de produksje fan molke nimt de steat it trêde plak yn, nei Kalifornje en Fermont. Fierders is Wiskonsin fan alle Amerikaanske steaten de grutste produsint fan foermaïs, cranberrys en ginseng. Ek is de steat ien fan 'e grutste produsinten fan hjouwer, jirpels, woartels en eskdoarnsjerp.
It toerisme is yn Wiskonsin de op twa nei grutste sektor fan 'e ekonomy, nei de lichte yndustry en de lânbou. Wichtige toeristyske bestimmings binne it House on the Rock, by Spring Green, it Circus World Museum yn Baraboo, de natoerskientme fan 'e Dellings fan de Rivier de Wiskonsin, it Summerfest-muzykfestival en de Oshkosh Airshow. Mei tûzenen marren yn 'e steat leit it foar de hân dat yn Wiskonsin wettersport en oare foarmen fan wetterrekreaasje tige populêr binne. Ek foar jacht en angeljen komme in protte minsken nei Wiskonsin ta.
Demografy
bewurkje seksjeNeffens in offisjele rûzing troch it Amerikaanske Folkstellingsburo (op grûn fan gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010) hie Wiskonsin yn 2014 5.757.564 ynwenners, wat in groei fan 1,24% is yn ferhâlding ta de stân fan saken yn 2010. De befolkingstichtens wie yn 2014 40,6 minsken de km². De grutste stêd fan 'e steat is Milwaukee, mei 599.000 ynwenners yn 2012. Oare gruttere stêden binne: de steatshaadstêd Madison (240.000), Green Bay (105.000), Kenosha (100.000) en Racine (78.000).
Etnisiteit
bewurkje seksjeNeffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 wie de etnyske opbou fan 'e befolking fan Wiskonsin doe sa: 83,3% blanken; 6,3% swarten; 2,9% Latino's; 2,3% Aziaten; 1,0% Yndianen; 4,2% oaren of fan mingd etnysk komôf. Blanke Wiskonsinsters binne fierhinne fan Middenjeropeeske orizjine, mei as grutste oarsprongsgroepen Dútsers (42,6% fan 'e totale steatsbefolking), Ieren (10,9%), Poalen (9,3%), Noaren (8,5%), Ingelsen (6,5%) en Italjanen (6,1%). In trêdepart fan 'e Aziaten yn Wiskonsin wurdt foarme troch de Hmong, in etnyske groep út Laos en Fjetnam; dy hawwe har oan 'e ein fan 'e Fjetnamoarloch as flechtlingen yn 'e Feriene Steaten nei wenjen set.
Lju fan Dútsk etnysk komôf foarmje de grutste befolkingsgroep yn alle countys fan Wiskonsin útsein Menominee, Trempealeau en Vernon. Yn Menominee County, ien fan mar trije countys beëasten de Mississippy mei in Yndiaanske mearderheid (de oare beide lizze yn Noard-Karolina), wurdt de grutste etnyske groep foarme troch de Menominy, en yn Trempealeau en Vernon foarmje lju fan Noarsk komôf de grutste groep. Wiskonsin hat fierders it heechste persintaazje fan minsken fan Poalsk komôf fan alle Amerikaanske steaten.
Wiskonsin omfiemet 12 federaal erkende Yndianestammen, elts mei har eigen reservaat:
● de Bad River Troep fan de Boppemarder Stamme fan Tsjippewa Yndianen
● de Fond du Lac Troep fan Boppemarder Tsjippewa (ek yn Minnesota; ûnderdiel fan de Tsjippewa Stamme fan Minnesota)
● de Forest County Potawatomy Naasje
● de Winnebago Naasje (ek yn Minnesota)
● de Lac Courte Oreilles Troep fan Boppemarder Tsjippewa Yndianen
● de Lac du Flambeau Odjibwe Naasje
● de Menominy Naasje
● de Oneida Naasje fan Wiskonsin
● de Red Cliff Troep fan Boppemarder Tsjippewa Yndianen fan Wiskonsin
● de Sokaogon Tsjippewa Mienskip
● de St. Croix Tsjippewa Yndianen fan Wiskonsin
● de Stockbridge-Munsy Troep fan de Mohikaanske Naasje
Der binne yn Wiskonsin gjin stammen mei inkeld erkenning op steatsnivo. Wol moatte noch neamd wurde de Brothertown Yndianen fan Wiskonsin, dy't al jierren foar federale erkenning krewearje.
Taal
bewurkje seksjeWiskonsin hat gjin offisjele taal dy't as sadanich by wet fêstlein is. Yn 'e praktyk ferfollet lykwols it Ingelsk dy funksje.
Godstsjinst
bewurkje seksjeOp it mêd fan godstsjinst bestie yn 2000 81% fan 'e befolking fan Wiskonsin út kristenen, wêrûnder 51% protestanten en 29% roomsen. De grutste protestantske denominaasjes wiene yn 2010 de Evangelysk-Lutherske Tsjerke yn Amearika mei 414.000 en de Lutherske Tsjerke-Synoade fan Missoury mei 223.000 leden. Ateïsten en agnosten foarmen yn 2000 15% fan 'e befolking. Oare godstsjinsten wiene: it joadendom, de islaam, it boedisme, en it hindoeïsme, allegear mei likernôch 0,5% fan 'e befolking.
Klimaat
bewurkje seksjeWiskonsin hat in fochtich lânklimaat, mei waarme simmers en iiskâlde winters. Simmerdeis binne yn it súdeastlike part fan 'e steat temperatueren oerdeis fan 27 °C alhiel net útsûnderlik, wylst it kwik by 't winter oan 'e kust fan 'e Boppemar, yn it noarden fan Wiskonsin, oerdeis maklik sakje kin oant –6 °C en nachts oant –17 °C. Rekôrtemperatueren wiene 46 °C, op 13 july 1936 yn Dellings fan 'e Rivier de Wiskonsin, en –48 °C op sawol 2 as 4 febrewaris 1996 te Couderay. By 't winter falt der yn Wiskonsin ornaris in tsjûk pak snie, fan likernôch 102 sm yn it súdlike part fan 'e steat en wol 406 sm (oftewol mear as 4 m) oan 'e kust fan 'e Boppemar.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.
|
steaten | ||
---|---|---|
Alabama • Alaska • Arizona • Arkansas • Delaware • Fermont • Firginia • Floarida • Georgia • Hawaï • Idaho • Illinois • Indiana • Iowa • Kalifornje • Kansas • Kentucky • Kolorado • Konettikut • Louisiana • Maine • Marylân • Massachusetts • Michigan • Minnesota • Mississippy • Missoery • Montana • Nebraska • Nevada • Nij-Hampshire • New York • Nij-Jersey • Nij-Meksiko • Noard-Dakota • Noard-Karolina • Ohio • Oklahoma • Oregon • Pennsylvania • Rhode Island • Súd-Dakota • Súd-Karolina • Teksas • Tennessee • Utah • Washington • West-Firginia • Wyoming • Wiskonsin | ||
ûnynkorporearre territoaria | ||
Amerikaanske Famme-eilannen • Amerikaansk-Samoä • Gûam • Noardlike Marianen • Porto Riko | ||
federaal distrikt | ||
Distrikt Kolumbia | ||
· · |