Jacht (aktiviteit)

De jacht is de praktyk fan it sykjen nei of lokjen fan wylde bisten, mei de bedoeling om dy te deadzjen of te fangen. Soks kin dien wurde fanút in ferlet oan iten, om der oan te fertsjinjen, om troch wylde bisten oanrjochte skea of feroarsake oerlêst tsjin te gean, as bloedsport of as natoerbehearskingsmaatregel. Wannear't dit dien wurdt by fisken, hjit it gjin jacht, mar fiskerij. As it yllegaal dien wurdt, hjit it gjin jacht, mar streuperij.

In foksejacht yn Ingelân.

Yn 'e prehistoarje die de minske oan jacht om oan iten te kommen en om 'e pelzen fan 'e bejage bisten as klean te brûken. Bewiismateriaal út Kenia wiist derop dat de minske en oare hominiden dêr al twa miljoen jier oan jacht dogge. Doe't de minsklike maatskippij him wat langer wat fierder ûntjoech, begûn de hegerein fan ferskate minsklike kultueren yn 'e Aldheid ek op jacht te gean by wize fan tiidferdriuw of bloedsport, wylst se strikt nommen gjin ferlet fan 'e deade bisten hiene om te oerlibjen.

Dyselde trent sette him fuort yn 'e Midsiuwen. Tsjin 'e Renêssânse stie de dracht fan 'e Jeropeeske hegerein ûnder ynfloed fan it ferskynsel moade, en waard bygelyks beverbûnt foar it meitsjen fan klean heech wurdearre. Dat late yn it nij-ûntdutsen kontinint Noard-Amearika ta de pelshannel, wêrby't Jeropeeske keaplju tsjininoar opbeaen om beverpelzen fan 'e lânseigen folken te keapjen. It gefolch dêrfan wie dat de jacht op 'e Kanadeeske bever kommersjalisearre rekke.

 
In Amerikaanske trofeejager.

Yn 'e iere tweintichste iuw krige in diel fan 'e Westerske elite it foar de moade om nei fiere oarden (bgl. Afrika) ôf te reizgjen mei de bedoeling om op grut wyld te jeien, poer foar de trofeeën. Soksoarte jachtpartijen stiene oan 'e widze fan 'e moderne safary. Tsjintwurdich dogge de measte minsken net mear oan jacht, en, sterker noch, is der yn 'e measte Westerske maatskippijen sels in wjeraksel tsjin jacht ûntstien, dy't him yn Nederlân polityk uteret yn 'e oanwêzigens fan 'e Partij foar de Dieren yn 'e Twadde Keamer.

Yn Nederlân wurdt no eins inkeld noch jage om troch wylde bisten oanrjochte skea of feroarsake oerlêst tsjin te gean of by wize fan natoerbehearkingsmaatregel, dus om troch it ôfsjitten fan eksimplaren fan beskate bistesoarten it natuerlik lykwicht te reparearjen. Sels dat stiet ta diskusje, mei't it ôfsjitten fan bygelyks ferwyldere katten neat oplost, om't de frijkommen nys daliks wer troch in oare kat ynnommen wurdt.

Fan 'e Aldheid ôf en mooglik noch earder hat de minske beskate bisten domestisearre om se helpe te litten by de jacht op oare bisten. In foarbyld is bgl. de fret, dy't spesifyk domestisearre is om te helpen by de jacht op 'e rôt. Ek wurde ferskillende soarten falken wol brûkt foar de jacht op dowen of oare fûgels; dy jachtfoarm hjit falkerij of falkejacht. It wichtichst is yn dit ferbân lykwols de hûn, dy't ta húsdier makke is om te helpen by de jacht op lyts oant middelgrut wyld, lykas mollen, murden, dassen, foksen, fûgelt, harten, ensfh. De minske hat ferskillende rassen hûnen fokt om te helpen by ferskillende jachtmetoaden, lykas speurhûnen (of rinnende hûnen), steande hûnen, terriërs en wynhûnen.

 
Inûyt op walrusjacht

Jachtseizoen

bewurkje seksje

Fan âlds bestie der foar alle proaidieren yn 'e Midsiuwen al in seizoen wêryn't se bejage wurde mochten (en dêrbûten net). Dit wie om oerbejaging (mei as resultaat it mooglike útstjerren fan 'e bejage bistesoarte) tsjin te gean. Dy jachtseizoenen wiene sa:[1]

  • brune bear: maaie – desimber
  • das: PeaskeMidsimmer
  • deim: mids juny – mids septimber
  • everswyn: 14 of 29 septimber (de boarnen ferskille fan miening) – 30 novimber yn Frankryk; 8 septimber – Marije-Ljochtmis (2 febr.) op 'e Britske Eilannen
  • foks: 8 septimber – 25 maart (mar fral bejage yn jann., febr. en maart)
  • hazze: altiten (oare boarne: 29 septimber – Midsimmer)
  • otter: yn maart en septimber (as de rivierstân heech wie)
  • reahart:
    • bok: 24 juny – 14 septimber
    • hine: 14 septimber – de Fêsteltiid
  • ree:
    • bok: Peaske – 29 septimber
    • hine: 29 septimber – Marije-Ljochtmis (2 febr.)
  • wolf: 8 septimber – 25 maart

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Cummins, John, The Hound and the Hawk: The Art of Medieval Hunting, Londen, 1988 (Weidenfeld & Nicolson), ISBN 1 84 21 20 972.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.