In safary is in reis oer lân troch Afrika, itsij te foet, itsij yn motorisearre ferfier, yn 'e regel troch toeristen mei as bedoeling om 'e floara en fauna dêre te bewûnderjen en der foto's fan te nimmen. Yn earder tiden draaide it ornaris om 'e jacht op grut wyld.

Westerske toeristen op safary yn 'e Ngorongoro-krater yn Tanzania.

Etymology bewurkje seksje

De beneaming "safary" komt fan it Swahily-wurd safari, dat "reis" betsjut en oarspronklik weromgiet op it Arabyske سفرية, safarīyaẗ, dat "in reis" betsjut. It wurd safari krong oan 'e ein fan 'e 1850-er jierren fanút it Swahily it Ingelsk binnen trochdat it brûkt waard troch de ferneamde ûntdekkingsreizger Richard Francis Burton. Ut it Ingelsk wei hat it him sûnt nei de measte oare Westerske talen ferspraat.

Safarystyl bewurkje seksje

Yn 1836 late William Cornwallis Harris in ekspedysje troch Súdlik Afrika dy't inkeld en allinne ta doel hie om 'e floara en fauna fan dat gebiet te observearjen en te ynventarisearjen. Harris lei de grûnslach foar it reizgjen yn sarafystyl, wêrby't de dei-yndieling begjint mei in rêstige start by moarnsdage, folge troch in dei fan enerzjyk kuierjen ûnderbrutsen troch in siësta op it hjitst fan 'e dei, en dan in formeel diner op 'e jûn, dy't beëinige wurdt mei it fertellen fan ferhalen mei in drankje en wat smokersguod. Ut dyselde tiid stammet de tradisjonele dracht fan safarygongers, mei khaki-kleurige klean en in tropehelm of sloprânige hoed. De heechweardiger kledaazje fan dit soarte, droegen troch de Westerske elite, soms ek by wize fan fashion statement as se net op safary binne, wurdt safari chic neamd.

De safary-yndustry bewurkje seksje

Tsjintwurdich is de safary-yndustry in wichtich ûnderdiel fan 'e ekonomy fan in grut tal Afrikaanske lannen, fral yn Kenia, Tanzania, Súd-Afrika en Namybje, mar ek yn Botswana, Simbabwe, Sambia, Uganda, Rûanda, Etioopje en de Demokratyske Republyk Kongo. Der wurde no ferskate soarten safarys oanbean, lykas guon wêrby't men eltse jûn weromkeart nei in lodge, oftewol in hotel dat yn prinsipe fan alle gemakken foarsjoen is, en mobile safarys, wêrby't de toeristen har yn motorisearre fiertugen ferpleatse en nachts in tintekamp opslaan. Ek is it mooglik om foar ien dei op safary te gean, en teffens besteane der saneamde "loftsafarys", wêrby't men de natoer út in fleantúchje, helikopter of hjitte-luchtballon wei bewûnderje kin.

Yn alle gefallen wurde de toeristen begelaat troch treende en ornaris mei jachtgewearen bewapene gidsen, dy't de taak hawwe om derfoar te soargjen dat de safarygongers net te nau yn 'e kunde komme mei de pleatslike fauna. Likegoed is in safary net sûnder gefaren, want men hat op 't lêst te krijen mei wylde bisten. Sadwaande dogge har dochs geregeldwei ûngelokken foar, faak troch stomme pech, mar soms ek om't de toeristen har net oan 'e regels hâlde.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.