Jamhuri ya Kenya (Swahili)
Republic of Kenya (Ingelsk)
Flagge fan Kenia Wapen fan Kenia
Flagge Wapen
Lokaasje fan Kenia
Offisjele taal Ingelsk, Swahily
Haadstêd Nairobi
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
582.646 km²
2,3­%
Ynwenners (2006) 34.707.817
Munt Keniaanske shilling (KES)
Tiidsône UTC +3
Lânkoade KEN
Ynternet .ke
Tillefoan 254

Kenia is in lân yn East-Afrika. De haadstêd is Nairobi.

De Mount Kenya

Kenia wurdt begrinzge troch:

Kenia beskikt oer in oerflakte fan 582.646 km², wêrfan om-ende-by 13.400 km² út wetter bestiet. De heechste berch is de Mount Kenya mei 5199 meter, dat is de op ien nei heechste berch yn Afrika nei de Kilimanjaro yn Tanzania. It gebiet fan Mount Kenya is tige fruchtber en dêrom wurde de leger lizzende gebieten ek brûkt foar de lânbou.

De twa wichtichste rivieren binne de Galana en de Tana.

It klimaat fan Kenia is in tropysk klimaat. Oan de kust is it hiet en fochtich, tuskenbeiden yn it binnenlân en tige skrok yn it noarden en noardeastlike part fan it lân. Dêr falt lykwols in protte rein yn de moannen maart, april en maaie. Ek yn de oktober en novimber moannen binne meastepart wiet.

Ut archeologyske fynsten fan fossilen docht bliken dat yn East-Afrika miljoenen jierren lyn al minsken omrûnen. De ierst datearre bonken binne mear as seis miljoen jierren âld. Resinte fynsten fûn by de Turkanamar wize derop dat minskeftigen as Homo habilis en Homo erectus 2,6 miljoen jaar lyn yn Kenia libbe hawwe.

De skreaune skiednis fan Kenia begjint yn de 8e iuw as de Arabieren har oan de eastkust fêstigje. Yn 1497 berikt Vasco da Gama Kenia. Letter yn de 16e iuw fêstigen Portegeeske hannelaren har oan de kust, oant sy yn 1720 troch de Arabieren fuortjage wurde. Yn 1885 wurdt it gebiet beset troch de Dútsers dy't der in koloanje fan meitsje wolle. As yn 1888 de Britten yn it gebiet oankomme mei itselde plan as de Dútsers komt it lykwols net ta in striid omdat de Dútsers harren besittings yn 1890 oerdrage oan de Britten.

Healwei de 20e iuw ûntstiet yn Kenia in politike beweging dy't nei ûnôfhinklikens stribbet. Fan oktober 1952 oant desimber 1959 wie de needtastân fan krêft as gefolch fan in opstân tsjin it Britske bewâld. De opstân einiget as yn 1957 de Kenianen harren sels bestjoere meie en ferkiezings hâlden wurde. De ferkiezings wurde wûn troch de Kenya African National Union fan Jomo Kenyatta dy't in regearing foarmet.

Op 12 desimber 1963 waard Kenia folslein ûnôfhinklik fan de Britten. Kenyatta waard ta earste presidint keazen. Tsjintwurdich is Mwai Kibaki presidint.

Yn Kenia libbet in ferskaat oan etnyske folken.

Etnyske groepen

bewurkje seksje

Kikuyu 22%, Luhya 14%, Luo 13%, Kalenjin 12%, Kamba 11%, Kisii 6%, Meru 6%, oare Afrikaanske groepen 15% (wêrûnder de Embu, Kuria, Masaï, Mijikenda, Somaljers, Swahily, Turkana en de Yaaku) en net Afrikaanske groepen (Aziaten, Jeropeanen en Arabieren) 1%.

Kenia is in meertalich lân. De offisjele talen binne it Ingelsk, yntrodusearre ûnder it Britske koloniale bewâld tusken 1890 en 1964, en it Swahily, dat al iuwen lang foar de koloniale oerhearsking as lingua franca fungeare tusken de ferskate folken. Yn totaal wurde yn Kenia 61 talen sprutsen. Sawat alle talen hawwe har oarsprong op it Afrikaanske kontinint en kinne ûnderferdield wurde yn trije taalfamilys; Bantoetalen, dy't benammen yn it midden en súdeasten fan it lân sprutsen wurde, Nilotyske talen yn it westen en Koesjityske talen yn it noardeasten.

Nei godstsjinst is de befolking as folget opdiele: Protestant 45%, Roomsk katolyk 33%, moslim 10%, ynheemske religys 10% en oar 2%.