Kultuer
It begryp kultuer komt fan it Latynske "cultura", dat alle soarch oantsjut om eat ta waaksdom te bringen. Hjoed-de-dei wurdt it begryp kultuer yn ferskate betsjuttings brûkt.
- Kultuer yn de meast brede sin is alles dat minsken fan oare minsken oanleare. In wichtich foarbyld is taal.
- Yn it deistich spraakgebrûk wurdt mei kultuer faak saken oantsjutten sa as keunst, literatuer en arsjitektuer, mar ek noarmen en wearden binne kultuer.
- Mei kultuer kinne ek alle aktiviteiten fan minsken bedoeld wurde, dy't net fuortendaliks te krijen hawwe mei de striid foar it fuortbestean. It is lykwols dreech om in grins te lûken.
Kultuer wurdt faak wichtich fûn, omdat op grûn fan kultuer kloften minsken ûnderskieden wurde kinne. Sa kin men, om de klam te lizzen op de eigen identiteit, en it groepsgefoel te fersterkjen, de eigen gewoanten en tradysjes útfergrutsje. Sa wurdt ûnder kultuer fan folken faak spesifyk tradysjes en gewoanten bedoeld, sa as bygelyks folksdûnsjen, tradisjoneel iten, en sa fuort hinne.
Ek lytsere kloften as folken kinne in eigen kultuer hawwe; sa kin men sprekke fan bygelyks in bedriuwskultuer.