Nys
In nys of niche is beskate spesjalisearre funksje binnen in biotoop, dy't ferfolle wurdt troch in beskaat organisme. In nys is bûn oan in stikmannich betingsten dêr't in organisme oan foldwaan moat as er de nys ferfolje wol, lykas klimaat, wetterhúshâlding, boaiemtekstuer, soergehalte, fiedingsrykdom, ensfh. Oer it algemien evoluëarje soarten organismen om oan sokke betingsten te foldwaan. Dêrtroch komme se der faak gelikens út te sjen. Om in foarbyld te jaan, sa liket de prêrjewolf of kojoate, út Noard-Amearika, tige op 'e jakhalzen fan 'e Alde Wrâld, hoewol't se binnen de famylje fan 'e hûneftigen net nau besibbe binne: dy likenis is it resultaat fan it feit dat se yn ferskillende ekosystemen deselde, oerienkomstige nys ferfolje.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |