De fret (wittenskiplike namme: Mustela putorius furo) is de domestisearre ûndersoarte fan 'e murd (Mustela putorius) of mooglik fan 'e steppemurd (Mustela evermanii). It is in lid fan it skift fan 'e rôfdieren, de famylje fan 'e martereftigen (Mustelidae) en it skaai fan 'e lytse marters (Mustela), dêr't behalven de murd û.m. ek de harmeling en de wezeling ta hearre. Fretten waarden mear as 2.000 jier lyn troch de minske nuet makke mei as doel om har yn te setten foar ûngediertebestriding.

fret
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift rôfdieren (Carnivora)
famylje martereftigen (Mustelidae)
skaai lytse marters (Mustela)
soarte murd (Mustela putorius)
ûndersoarte
Mustela putorius furo
Linnaeus, 1758
IUCN-status: n.f.t. (domestisearre bist)

Uterlike skaaimerken

bewurkje seksje

Fretten hawwe de namme dat se in wite pels hawwe, mar dat is lang net altiten sa; se komme teminsten like faak foar mei brún, swart of bûnt hier. Se hawwe trochinoar in kop-romplingte fan 38 sm, in sturtlingte fan 13 sm en in gewicht fan 0,7–2 kg. Dêrby binne se seksueel dimorf, wat sizze wol dat der kwa uterlik ûnderskie bestiet tusken de geslachten: it mantsje is in stik grutter as it wyfke. De libbensferwachting bedraacht foar fretten likernôch 10 jier.

 
In wite fret.

Hâlden en dragen

bewurkje seksje

Yn 'e regel bringe fretten 14–18 oeren deis sliepend troch. Se binne krepuskulêre bisten, wat betsjut dat se aktyf wurde om 'e jûnsskimer en de moarnsdage hinne. It leafst jouwe se har del yn in krappe romte, dêr't se har dan hielendal oprôlje. Oars as murden, dy't solitêr libje, binne fretten sosjale bisten, dy't graach ûnder soartgenoaten ferkeare. Wol binne se territoriaal, mar net yn it rare.

Krekt as murden en in protte oare martereftigen beskikke fretten oer anaalklieren dêr't se in stjonkende floeistof út spuitsje kinne as se kjel wurde of benaud binne. Ek brûke se dat wol om har territoarium mei te markearjen. Yn 'e Feriene Steaten wurde fretten yn 'e regel "ûntrookt" (de-scented), d.w.s. operatyf fan 'e anaalklieren ûntdien, mar yn Jeropa wurdt soks yn 'e measte gefallen beskôge as in ûnnedige skeining.

 
In fret dy't in "kriichsdûnske" opfierd.

As se opwûn reitsje, kin fretten mâltjirgjend omspringe yn wat faak harren "kriichsdûnske" neamd wurdt. Dat is gjin teken fan agresje, mar in bolbjirkene útnûging om te boartsjen, en giet gauris mank mei it útslaan fan in sêft ketskjend lûd. As se lulk binne, meitsje fretten krekt in tige karakteristyk siizjend lûd.

Frettefretten

bewurkje seksje

Fretten binne rôfdieren mei in hege stofwikseling, dat se moatte hiel regelmjittich (perfoarst eltse dei) te fretten krije, oars reitsje se hiel gau ûnderfuorre. Yn dierewinkels is wol spesjaal frettefoer te krijen, dat hast foar 100% út fleis bestiet, mar guon frette-eigners fuorje harren bisten eigendeade of noch libbene proaidieren op, lykas mûzen en kninen, om harren natuerlik dieet sa deun mooglik nei te bearen.

 
In murdkleurige fret.

Domestisearring en ferwyldering

bewurkje seksje

De skiednis fan 'e domestisearring fan 'e fret is ûnwis, mar ûndersyk fan it mitogondriaal DNA fan dit bist hat útwiisd dat dit bist nei gedachten likernôch 2.500 jier lyn ta húsdier makke is. Fierders binne der sterke oanwizings dat fretten al troch de Romeinen holden waarden. Lange tiid waard de fret inkeld brûkt foar ûngediertebestriding yn opslachplakken fan nôt en oare rispe lânbougewaaksen en foar de jacht (it saneamde "frettearjen") op wylde kninen. Tsjintwurdich wurdt er lykwols benammentlik as selskipsdier holden. Fral yn Noard-Amearika wurde in protte fretten holden. Yn 'e Feriene Steaten allinnich al libje mear as 5 miljoen fretten as húsdier.

Fretten hechtsje har oer it algemien net sterk oan harren eigeners en sille ornaris eltse kâns oangripe om út te naaien. Dêrfandinne komme op withoefolle plakken, ek yn Nederlân, ferwyldere fretten foar. Sa besteane op Teksel en It Amelân populaasjes murdkleurige fretten. Om't de murd sels op 'e Waadeilannen net foarkomt, hawwe se dêr in lege biologyske nys ynnommen. Op plakken dêr't de fauna evoluëarre is sûnder murden of oare soksoartige martereftigen, hawwe lânseigen soarten faak gjin ferwar tsjin fretten en kinne dizze bisten grutte ekologyske skea oanrjochtsje. Soks bart bgl. op 'e Sjetlâneilannen en yn Nij-Seelân, dêr't ek koloanjes ferwyldere fretten besteane.

As reäksje dêrop binne der yn guon parten fan 'e wrâld wetten oannommen om it hâlden fan fretten as húsdier oan bannen te lizzen of sels hielendal te ferbieden. Gebieten dêr't it hâlden fan fretten yllegaal is, binne û.m. Porto Riko, de Amerikaanske steat Kalifornje en de Australyske gewesten Queenslân en it Noardlik Territoarium. Yn Portegal, Brazylje en Nij-Seelân meie fretten allinne holden wurde as der oan tige strange betingsten foldien is, mei dêrûnder registraasje en sterilisaasje.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Lange, Rogier; Twisk, Peter; Winden, Alphons van; Diepenbeek, Annelies van, Zoogdieren van West-Europa, Utert, 2003 (St. Uitgeverij van de Koninklijke Nederlandse Natuurhistorische Vereniging en de Vereniging voor Zoogdierkunde en Zoogdierbeschrijving i.s.m. de Vereniging Natuurmonumenten), ISBN 9 05 01 10 770.

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.