Wylde knyn

(Trochferwiisd fan Wylde kninen)

De wylde knyn (wittenskiplike namme: Oryctolagus cuniculus), om ûnderskie te meitsjen mei oare kninesoarten ek wol Jeropeeske knyn of Jeropeeske wylde knyn neamd, is in sûchdier út it skift fan 'e hazze-eftigen (Lagomorpha), de famylje fan 'e hazzen en kninen (Leporidae) en it monotypyske (út ien soarte besteande) skaai fan 'e Jeropeeske kninen (Oryctolagus). It mantsje hjit yn it Frysk in raam en it wyfke is in ei of mot. Wylde kninen komme yn in grut part fan kontinintaal Jeropa (wêrûnder Fryslân) en op 'e Britske Eilannen rûnom foar. Troch opsetlike yntroduksje troch de minske libbet dizze soarte no ek yn oare dielen fan 'e wrâld, benammen yn Austraalje, dêr't er him ûntjûn hat ta in pleachdier. In domestisearre ûndersoarte fan 'e wylde knyn, de nuete knyn (Oryctolagus cuniculus domesticus), is in populêr húsdier.

wylde knyn
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift hazze-eftigen (Lagomorpha)
famylje hazzen en kninen (Leporidae)
skaai Jeropeeske kninen (Oryctolagus)
soarte
Oryctolagus cuniculus
Linnaeus, 1758
IUCN-status: gefoelich
ferspriedingsgebiet
     lânseigen ferspriedingsgebiet
     yntrodusearre troch de minske as eksoat

Fersprieding

bewurkje seksje

Algemiene fersprieding

bewurkje seksje

Djip yn 'e prehistoarje kaam de wylde knyn yn hiele Jeropa foar, mar ûnder de lêste iistiid loek er him werom nei it westlike Middellânske-Seegebiet. Nei it ferdwinen fan it lâniis wûn er syn âlde territoarium ynearsten net werom, mei't er yn 'e oerbosken net goed út 'e fuotten koe en om't de hege berchrige fan 'e Pyreneeën boppedat syn opmars tsjinkearde. Yn 'e Midsiuwen waard er troch de minske oeral útset as jachtwyld, mar resint ûndersyk hat útwiisd dat de wylde knyn úteinlik, sij it folle letter, syn hjoeddeistige fersprieding yn Jeropa ek op eigen krêft berikt hawwe soe.

Hoe dan ek, yn Jeropa wurdt de wylde knyn as lânseigen beskôge op it Ibearysk Skiereilân en yn súdwestlik en westlik Frankryk (Bretanje ynbegrepen). Yn oare dielen fan Jeropa komt er ek al sûnt de Midsiuwen foar, mar wurdt er frjemdernôch noch altiten beskôge as in eksoat. Ta dy gebieten hearre: de Britske Eilannen, de Benelúks, noardlik en eastlik Frankryk, Dútslân, Denemark, noardeastlik Itaalje, Korsika, Sardynje, Sisylje, de Baleären, Kreta, Syprus, Sloveenje, Hongarije, Transsylvaanje, Slowakije, Tsjechje, Poalen, Litouwen, eastlik Eastenryk, it uterste westen fan 'e Oekraïne en Wyt-Ruslân, súdlik Sweden en de Finske Ålâneilannen.

Bûten Jeropa is de wylde knyn yn 'e Magreb lânseigen yn it Atlasberchtme fan Marokko en Algerije. As eksoat komt er ek foar yn noardlik Sily, yn it Argentynske Fjoerlân, oan 'e súdpunt fan Súd-Amearika, op 'e Britske Falklâneilannen yn 'e súdlike Atlantyske Oseaan, yn hiele Austraalje, útsein it uterste noarden en noardwesten, en yn Nij-Seelân. Fral yn Austraalje, dêr't er troch de Britske kolonisten ek wer as jachtwyld útset is. hat dat laat ta in wiere kninepleach om't it bist dêr suver gjin natuerlike fijannen hat. Jiers moat der foar kaptalen útjûn wurde om 'e populaasje wylde kninen yn Austraalje yn 'e besnijing te hâlden.

 
In wylde knyn.

Fersprieding yn Nederlân

bewurkje seksje

Yn Nederlân komt de wylde knyn hast oeral foar, al lykje krekt Fryslân, mar ek Grinslân en it noardeasten fan Noard-Hollân, wat minder tichtbefolke te wêzen. Yn Fryslân libje wylde kninen fral op 'e sângrûnen fan 'e Wâlden, op 'e Waadeilannen, yn Gaasterlân en by de Iselmarkust lâns. Yn 'e greiden op 'e Klaai sil men omdôch nei it bist sykje.

Uterlike skaaimerken

bewurkje seksje

Wylde kninen hawwe in kopromplingte fan 35–45 sm, en in sturtlingte fan 4–8 sm. De earen binne 61/2–71/2 sm lang. It gewicht bedraacht trochinoar 1,2–2,5 kg. De eien hawwe in wat smeller kopke as de rammen. De kleur fan 'e pels kin útinoar rinne fan sânkleurich oant griisbrún, al komme oare kleuren ek foar as gefolch fan krusings mei nuete kninen. De wylde knyn liket frijwat op 'e hazze (Lepus europaeus), mar kin dêrfan ûnderskaat wurde troch fjouwer dingen. Yn it foarste plak is de hazze grutter fan stal; oard binne de earen fan 'e hazze oansjenlik langer; trêd hawwe de earen fan 'e hazze swarte úteinen; en fjird litte hazzen by it draven de dûnkerbrune oant swarte boppekant fan 'e sturt sjen, wylst de wylde knyn dravendewei de wite ûnderkant fan 'e sturt toant.

Wylde kninen komme it meast foar yn drûge gebieten mei sângrûn en healiepen begroeiïng. Iepen gerslân hâlde se net fan en yn klaai kinne se gjin hoalen grave, dat yn 'e Greidhoeke en de Bouhoeke fan Fryslân sille se net gau aardzje. Wiete of moerassige kriten ferspije se alhielendal. Mar fierders hawwe se har oanpast oan in grut ferskaat fan lânskipstypen, mei dêrûnder dunen, sânopspuitings, seediken, begroeide bermen en sleatskanten, beamwâlen, wâldsiggen, nuddelbosken, greiden op sângrûn, tunen, stedsparken en sels yndustryterreinen. Yn 'e bergen komme se foar oant de beamgrins.

Hâlden en dragen

bewurkje seksje

Wylde kninen grave hoalen om har feilich yn deljaan te kinnen en as plak fan beskûl foar as der gefaar driget. Wat langer oft se der tahâlde, wat grutter oft sa'n hoale wurdt en wat mear gongen oft der nei ta en út wei groeven wurde, sadat it úteinlik in boarch wurdt. Yn sa'n boarch libje wylde kninen yn famyljegroepen, dy't op syn measten út tsien eksimplaren besteane. Somtiden nimme wylde kninen ek wol âlde fokse- of dasseboargen oer. Boppegrûnsk meitsje se soms legers, ûndjippe kûltsjes yn 'e begroeiïng, dy't lytser en ûndjipper binne as dy fan 'e hazze. It territoarium fan in famyljegroep strekt him út oant in straal fan 50 m om 'e boarch hinne.

 
In wylde knyn dy't deade wurdt troch in (folle lytsere) harmeling.

Oars as hazzen kinne wylde kninen allinne mar sprinte en binne it gjin lange-ôfstânsdravers. As se flechtsje moatte, geane se ornaris sigesaagjend op 'e tichtstbye hoale oan. De wylde knyn is eins in nachtdier, dat him benammentlik yn 'e skimer en it tsjuster oppenearret. De famyljes besteane oer it algemien út ien dominant pearke mei in stikmannich ûnderhearrige eien en rammen, dy't faak har eigen âldere jongen binne. De dominante raam, mar ek syn ei, sille nijynkommelingen besykje te ferjeien.

De djoeitiid, as de eien jachtich wurde, rint by de wylde knyn fan jannewaris oant augustus. Nei in draachtiid fan likernôch in moanne wurde der 1–9, mar yn 'e regel 3–7 jongen smiten. In folwoeksen ei kin jiers trijeris smite. By de berte binne de jongen blyn, keal en helpleas, mar al nei 10 dagen komme se foar it earst bûtendoar en nei harren earste winter binne se geslachtsryp. As it fretten krap is of by slimme kjeld of oerbefolking kin by wylde kninen oant 60% fan 'e embryo's noch foar de befalling ôfbrutsen en wer opnommen wurde yn it lichem fan 'e mem, sadat de fuortplanting sterk belunet.

Wylde kninen meitsje oer it generaal net in protte leven, op út en troch in pear gnoarjende lûden nei. Mar as se yn panyk reitsje, kinne se in grille, hege gjalp uterje. Om alaarm te slaan, geane se rjochtop sitten en trommelje dan mei beide efterpoaten op 'e grûn om.

Wylde kninen libje yn it wyld trochinoar mar 11/2 jier, hoewol't se yn teory de fiif jier wol helje kinne. Yn finzenskip kinne kninen wol 9 jier wurde. De grutste gefaren foar wylde kninen wurde oan 'e iene kant foarme troch bejaging troch rôfdieren as de foks, de harmeling, de húskat en beskate rôffûgels (en fansels de minske), wylst oan 'e oare kant epidemyske sykten lykas myksomatoaze en RHD (rabbit haemorrhagic disease; "kninebloedfloeien") in hege tol easkje.

 
In itende wylde knyn.

Wylde kninen binne herbivoaren, dy't libje op in dieet fan gerzen, krûden en jonge leaten fan strewelleguod. Fierders frette se ek wol plantewoartels en as se der de kâns ta sjogge lân- en túnbougewaaksen, yn 't bysûnder grienten lykas slaad, koal en woartels. Winterdeis tarre se oer it algemien op beamskoars. Ek fret de wylde knyn syn eigen kjitte wol op, in ferskynsel dat kropofagy neamd wurdt.

Fanwegen syn kwetsberens foar epidemyen hat de wylde knyn de IUCN-status fan "gefoelich" krigen, wat sizze wol dat er net bedrige wurdt, mar dat syn tastân al yn 'e rekken holden wurde moat. Yn Nederlân waard er healwei de 1950-er jierren fan 'e tweintichste iuw foar it earst troffen troch myksomatoaze, mei as gefolch dat er doe op in soad plakken ferdwûn is. Neitiid woeks de populaasje wer oan, mar fan 1994 ôf wie der op 'e nij in weromfal. Diskear wie dêr nei alle gedachten in útbraak fan RHD debet oan. Yn 2004 wie der yn Nederlân noch mar in trêdepart oer fan it oantal wylde kninen fan tsien jier earder.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Lange, Rogier; Twisk, Peter; Winden, Alphons van; Diepenbeek, Annelies van, Zoogdieren van West-Europa, Utert, 2003 (St. Uitgeverij van de Koninklijke Nederlandse Natuurhistorische Vereniging en de Vereniging voor Zoogdierkunde en Zoogdierbeschrijving i.s.m. de Vereniging Natuurmonumenten), ISBN 9 05 01 10 770.