Carolus Linnaeus

(Trochferwiisd fan Linnaeus)

Carolus Linnaeus (berne as Carl Linné, yn 1761 yn 'e adelstân ferheft as Carl von Linné; Råshult, 23 maaie 1707Uppsala, 10 jannewaris 1778) wie in Sweedsk dokter en biolooch, dy't de binomiale nomenklatuer foar libbene wêzens ûntwikkele. Yn 1757 waard Linnaeus fan 'e adel makke, as Carl von Linné. Hy publisearre syn wurk, sa't dat doe dien waard, ûnder in Latynske namme: Carolus Linnaeus.

Carolus Linnaeus
Carolus Linnaeus, skildere troch Alexander Roslin, 1775.
Carolus Linnaeus, skildere troch Alexander Roslin, 1775.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Carl Linné
oare namme Carl von Linné (adelstân, 1761)
nasjonaliteit Sweedsk
berne 23 maaie 1707
berteplak Råshult (Småland)
stoarn 10 jannewaris 1778
stjerplak Uppsala (Uppland)
etnisiteit Sweden
wurkpaad
berop/amt dokter, biolooch
jierren aktyf 17291772
reden
  bekendheid
grûnlizzer fan 'e taksonomy
bekendste
  wurk(en)
Species Plantarum
Systema Naturæ
offisjele webside
www.linnaeus.uu.se

Jonkheid en oplieding

bewurkje seksje

Linnaeus syn heit, sels dûmny, woe dat Carl teology studearje soe. Linnaeus syn interesse lei dêr lykwols net en ien fan syn leararen wist syn heit derfan te oertsjûgjen dat it better wie dat Linnaeus medisinen studearje soe. En dat barde, mar dêrnjonken kaam der ek hieltyd mear botany yn syn stúdzje. Yn 1732 waard hy troch de Universiteit fan Uppsala op ûndersyksreis nei Laplân stjoerd, om dêr noch ûnbekende planten te sykjen. Yn 1734 gie hy nochris nei midden Sweden en yn de rin fan syn fierdere libben soe er noch ferskate oare reizen nei alle parten fan Sweden meitsje. Yn 1735 gie er nei Nederlân om syn stúdzje dêr ôf te meitsjen. Datselde jier promovearre hy yn de genêskunde oan de Universiteit fan Hurderwyk en publisearre hy syn Systema Naturæ, wêryn hy in systematyske klassifikaasje foar planten beskriuwt. Ek noch dat jier gong er nei de Universiteit fan Leiden, dêr't er oant 1738 bliuwe soe.

Klassifikaasje

bewurkje seksje

It meast revolúsjonêre aspekt fan syn klassifikaasje is, dat dy útgiet fan de seksuele organen fan planten. Yn dy tiid wie it in relatyf nij fenomeen dat planten seksuele organen hawwe en boppedat wie it sprekken oer seksualiteit in grut taboe. En no makke Linnaeus krekt dy seksuele organen ta de basis fan syn systeem: De planten waarden ferdield yn klassen, nei it tal manlike en froulike organen dat se hawwe. De seksuele basis fan syn ferdieling, en it foar dy tiid ongewoan frije taalgebrûk dêroer, makke dat syn systeem yn it begjin mar slim te akseptearjen wie foar syn tiidgenoaten.

Binomale nomenklatuer

bewurkje seksje

De grutte ferbettering fan syn klassifikaasje kaam yn Species Plantarum (1753}. Alhoewol ferskate biologen earder besocht hienen in beskriuwing fan all bekende planten te jaan, wienen der gjin fêststeande nammen foar planten, sadat ien en deselde plant by ferskillende skriuwers ferskillende nammen hawwe koe. Yn 1735 keppele Linnaeus oan syn klassifikaasje in systematyske nammejouwing, de binomale nomenklatuer. Dit systeem wie yn de rin fan de skiednis al faker brûkt, mar it wie nea ta in standert útgroeit. Linneaus foege syn eigen ferzje fan it systeem fan Gaspard Bauhine ta oan syn klassifikaasje sadat er, dêr't er earst de geslachtsnamme folgje litte moast troch in list fan eigenskippen fan de spesifike soart, no folstean koe mei twa nammen. De geslachtsnamme, folge troch in soartnamme.

Om't Linnaeus sûnt 1735 hieltyd mear omfettende fersjes fan syn Systema Naturæ publisearre hie, wie syn wurk in neisjach fan sa'n grutte wearde wurden, dat it allinnich dêrom al troch eltsenien brûkt waard. En om't de ideeën fan de klassifikaasje en de nammejouwing op himsels ynfâldich wienen waarden dy sa dan ek al gau akseptearre. Ek om't de studinten fan Linnaeus de wrâld oer reizgen en mei noch net klassifisearre planten werom kamen nei harren master. Sa wie Linnaeus foarop mei de omskriuwing fan planten en koe der foarkomme dat op 'e nij deselde plant ferskillende nammen krije soe fan ferskillende biologen. Mei de tsiende ferzje fan de Systema Naturæ, yn 1758, waard ek ik ryk fan bisten tafoege, lykas it ryk fan de mineralen.

Alhoewol faak oannaam wurdt dat Linneaus in namme wie dy't Carl oannaam foar de publikaasje fan syn wurk, is dit net it gefal. Carl syn heit, Nils Ingemarsson Linnaeus hie dy namme oannaam as famyljenamme doe't er begûn mei syn teology stúdzje. Dat Carl Linneaus hie fan himsels in Latynsk-eftige efternamme, en koe folstean mei it oanpassen fan syn foarnamme nei Carolus.

Oarsom wie Carl von Linné net syn bertenamme, sels al wie Carl dat al. Dy net-latynske ferzje fan syn namme hat Carl earst oannaam doe't er 1757 fan 'e adel makke waard.

Linnaeusklokje

bewurkje seksje

Der is in plant nei Linnaeus neamd: it Linnaeusklokje, Linnaea borealis. Hy ûntduts it op syn reis troch Laplân yn 1732. It plantsje wurdt lykwols net yn syn reisferslach beskreaun, mar wol yn de Flora Lapponica. It Linnaeusklokje is in tige beskieden, kwetsber plantsje. It hat in hichte fan sa'n 10 sm, mei twa lytse blomkes op in tin stâltsje. Yn Nederlân is it plantsje tige seldsum. Linneaus is faak portrettearre mei it plantsje yn syn hân.