Hybride (biology)
Yn de biology is in hybride, krusing of bastert it resultaat fan seksuele fuortplanting fan twa ferskillende types planten of bisten. De âlders fan de krusing moatte werkenbere ienheden wêze, lykas:
- Twa erkende soarten, ûndersoarten, fariëteiten, kultivars, rassen.
- Sa is Krúst raaigers (Lolium × hybridum) in krusing fan Ingelsk raaigers (Lolium perenne) mei Italjaansk raaigers (Lolium multiflorum).
- Twa yntylde linen fan rassen.
Bastardearring by planten
bewurkje seksjeFoarming fan eupolyploïden | ||||
---|---|---|---|---|
Foarâldersoart diploïde genoom: ZZ |
||||
↙ | ↘ | |||
soartfoarming of spesiaasje (evolúsje) | ||||
↙ | ↘ | |||
diploïde soart A genoom: AA |
diploïde soart B genoom: BB | |||
↙ | ↓ | ↘ | ↙ | ↓ |
autopoly- ploïdy |
bastar- dearring |
autopoly- ploïdy | ||
↓ | ↓ | ↓ | ↓ | |
autotetraploïde AAAA |
hybride AB |
autotetraploïde BBBB | ||
↘ | ↓ | ↓ | ↓ | |
bastardearring | hybridogene polyploïdy |
|||
↓ | ↓ | ↓ | ||
triploïde AAA |
allotetraploïde AABB |
|||
↓ | ↓ | ↓ | ||
diploïdisaasje | diploïdisaasje | diploïdisaasje | ||
↓ | ↓ | ↓ | ||
diploïde soart AA |
diploïde soart AB |
diploïde BB | ||
skema fan boppe nei ûnderen lêze |
Soartkrusings komme yn de natuer geregeld foar. In krusing is meast tusken twa soarten út itselde skaai (yntragenetyske hybride), mar ek krusings tusken twa soarten út ferskillende skaaien komme foar (yntergeneryske hybride), bygelyks xTriticale, in krusing fan Triticum (weet) en Secale (rogge).
Hybriden binne faak fertyl of sels steryl. Der kin foarming fan (haploïde) gameten optrede as der earst ferdûbeling fan de gromosomen west hat, sadat by de meioaze de homologe gromosomen neist elkoar komme te lizzen.
Hybride en polyploïde planten binne wolris min fan elkoar te ûnderskieden; by hybriden binne de stomoalkerrels of de spoaren gauris sichtber minder ûntwikkele as by polyploïde planten.
By planteferedeling wurdt in soad gebrûk makke fan hybriden. De earste generaasje nei in krusing neame jo in F1-hybride, de twadde generaasje in F2-hybride, ensafh. In soad as sied ferhannele kultivars binne F1-hybriden tusken twa yntylde linen. Dit hat as foardiel dat dêrmei in grutte mjitte fan unifoarmiteit te berikken is.
Hybriden by bisten
bewurkje seksjeBy de karpereftigen yn Jeropeeske en Aziatyske wetters treed ek gauris hybridisaasje op yn natuerlike omstannichheden, foar’t neist troch de massale pearings fan ferskillende soarten yn itselde seizoen en itselde wetter, wêrby’t aaien en sperma frij-út yn it wetter ferspraat wurde. Oer it algemien is de neiteam fan twa ferskillende soarten net fruchtber.
De hybriden fan Pelophylax-soarten (griene kikkerts) hawwe in aparte status. Se wurde klepton neamd om’t se har wer mei ién fan de âldersoarten fuortplantsje kinne en yn guon gefallen ek ûnderling, mar sûnder ferminging fan it genetysk materiaal fan de geslachtssellen.[1] De mingfoarm is ek te machtich om ôfkomstich te wêzen fan krusings tusken de âldersoarten. De bastertkikkert is in klepton. Mei de puolkikkert en de markikkert foarmet er in synklepton.
By it fokken fan bisten wurdt in soad gebrûk makke fan hybriden. De measte lishinnen, slachtpiken en fleisbargen binne hybriden tusken twa bot yntylde rassen. De foardielen binne heteroasis en in grutte unifoarmiteit fan de neiteam.
Foarbylden fan hybriden binne:
- Liger/tiuw, krusing tusken in liuw en in tiger
- Mûldier/mûlezel, krusing tusken in hynder en in ezel
- Sezel, krusing tusken in sebra en in ezel
- Giep/skeit, krusing tusken in skiep en in geit
- Bastertkikkert, de meast algemiene foarm fan de griene kikkert
- Hybridekamiel, krusing tusken in kamiel en in dromedaris
- Iisgrizzly, krusing tusken in iisbear en in grizzlybear
- Wolfhûn, krusing tusken in wolf en in hûn
- Savannah, krusing tusken in serval en in kat
Dûkeinen en guozzen
bewurkje seksjeFan bistesoarten út in tal skaaien wurde relatyf faak hybriden waarnommen. Dat jildt ûnder oare foar de dûkeinen út it skaai Aythya en foar guozzen út de skaaien Anser en Branta. It relatyf hege tal hybriden ûnder dûkeinen en guozzen kin ûnder oare ferklearre wurde troch in lege ynterspesifike barriêre en út domestikaasje en ferwyldering fan sierwetterfûgels út wetterwyldparken. Dat wol noch net sizze dat der gjin skaaien an fûgelsoarten binne wêryn’t hybriden faker foarkomme, lykas ûnder de sjongfûgels, mar dat dizze hybriden minder faak opmurken wurde.[2]
Fûgels yn de Lege Lannen
bewurkje seksjeUnder fûgels wurde yn België en Nederlân hieltyd faker hybriden waarnommen.[3][4] Benammen ûnder de wetterfûgels binne in tal soarten dy’t frij geregeld hybriden fuortbringe. Benammen de stiging fan it tal waarnommen krusings mei domestisearre skiere guozzen en wylde einen, ek wol sopguozzen en sopeinen neamd, falt op. [5][6][7][8][9][10][11][12][13][14]
Fierder falle de ynsidintele waarnimmings fan krusings tusken rôffûgels op. Dat giet foar ’t neist om neiteam fan eksoatyske rôffûgels dy’t út finzenskip ûntsnapt binne. In soad rôffûgels dy’t yn finzenskip opgroeie fertoane, troch problemen mei de ynprinting gedrachsôfwikings.[15]
Dêrnjonken wurde geregeld hybriden waarnommen fan fûgelsoarten dy’t ek as ringsoarten beskôge wurde kinne, lykas hybriden fan kobben en lytse sulverkobben.[16] Oft it tal krusings tusken dizze kobben omheech giet is net dúdlik. Om’t guon soarten yn it ferline faak as farianten of ûndersoarten fan Larus-soarten sjoen waarden, ûntsnapten se meast oan it omtinken fan in soad fûgeltsjelju. Sûnt de topklasse fierrekikers en teleskopen foar fûgeltsjelju te beteljen binne, wurde dy kobbesoarrten en/of hybriden faker synjalearre.
Under biologen, fûgeltsjelju en natuerbeskermers wurdt ferskillend tocht oer it tellen en observearjen fan algemien foarkommende hybriden, lykas sopguozzen en sopeinen.[8][7][9][10] Yn natuergebieten en stedske omjouwings nimt it tal hybride wetterfûgels stadichoan ta en minge se harren súntsjesoan fierder mei ferskillende populaasjes wylde wetterfûgels. Dêrtroch wurdt it hieltyd lestiger om de kleurôfwikings yn it dek fan krusings te ûnderskieden.