Hûn
De hûn (Canis lupus familiaris) is in domestisearre ûndersoarte fan de wolf. De hûn is in rôfdier út de famylje fan de hûneftigen (Canidae). De hûn komt op alle kontininten foar, meastal yn selskip fan de minsk, want de hûn is it âldste hûsdier Al sûnt tûzenen jierren wurdt de hûn brûkt foar bewakingstaken, by de jacht, as hardershûn en as trekdier. Noch altiten hat hy wurk as plysjehûn of helphûn, mar de measte hûnen wurde tsjintwurdich hâlden as selskipsdier.
Ofstamming
bewurkje seksjeNeffens genetysk ûndersyk fan Caries Vila (1997) binne der op grûn fan ferskillen yn it mitogondriaal DNA fjouwer ferskillende groepen hûnerassen te ûnderskieden, dy't mooglik it resultaat binne fan fjouwer ferskillende domestikaasjes yn it ferline.
Wol is dúdlik dat de hûn ôfstammet fan de wolf (Canis lupus) en net fan de coyote, de jakhals of in oare hûneftige: de ferskillen fan hûn en wolf mei al dizze soarten binne folle grutter as dy tusken hûn en wolf ûnderling. De grize wolf komt, alteast kaam, oer it grut ferspriedingsgebiet foar yn de Feriene Steaten fan Amearika, Europa en Aazje. It is op grûn fan de genetyske analyze net dúdlik oft de hûn noch fan in spesifike ûndersoarte fan de wolf ôfstammet lykas de Perzyske wolf (C. lupus pallipes), omdat dy by de brûkte metoade genetysk net te ûnderskieden wie fan oare typen wolven.
Groep ien fan de fjouwer troch Vila ûnderskieden kategoryen is wer yn ferskate tûken ûnder te ferdielen, wêrfan in súdeastlike tûke ûnder oare de Australyske dingo befettet, in primitive hûn dy't ek yn it wyld libbet en him fan de measte domestisearre hûnen ûnder mear noch ûnderskkiedt troch in jierlikse fuortplantingssyklus.
Genetysk ûndersyk nei ferskillen yn it mitogondriaal DNA fan de hûn toant in hast identike (0.2% ferskil) basenfolchoardder mei dy fan de grize wolf, wizend op in direkte ôfstamming yn it (evolúsjonêr sjoen) resinte ferline it ferskil tusken wolven en koyotes wie mei 4% folle grutter[1][2].
Ofbylden
bewurkje seksje-
Fizslahûn
-
Australyske Kelpy
-
Brave hûn
-
Ingelske cockerspanyl
-
Ingelske buldog
-
Sharpei
-
Switserske wite harder
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|