Prêrjewolf

(Trochferwiisd fan Coyote)

De prêrjewolf of coyote (Latynske namme: Canis latrans) is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e hûneftigen (Canidae) en it skaai fan 'e hûnen (Canis), dat lânseigen is yn it grutste part fan Noard-Amearika en teffens yn Midden-Amearika. De prêrjewolf is in stik lytser as de wolf (Canis lupus), dêr't er net mei betize wurde moat. Fanwegen syn lichemsgrutte en de ekologyske nys dy't er ynnimt, wurdt dit bist ek wol de Amerikaanske jakhals neamd.

prêrjewolf
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift rôfdieren (Carnivora)
famylje hûneftigen (Canidae)
skaai hûnen (Canis)
soarte
Canis latrans
Say, 1823
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
Dizze side giet oer de bistesoart coyote. Foar oare betsjuttings, sjoch: coyote (betsjuttingsside).

De prêrjewolf ûntjoech him lykwols ûnder it Pleistoseen, sa'n 1,8 miljoen jier lyn, yn Noard-Amearika, en is nauwer besibbe mei de wolf as mei de jakhalzen fan Afrika en Jeraazje. Oars as dat mei de wolf it gefal is, hat de prêrjewolf krekt baat ûnderfûn fan 'e opmars fan 'e minske, û.m. om't er him maklik oanpast oan it libben yn stêden en oare troch de minske makke biotopen, en teffens om't de minske op in protte plakken war dien hat om 'e wolf út te rûgjen, dy't de grutste natuerlike konkurrint en fijân fan 'e prêrjewolf is. De prêrjewolf spilet fierders in wichtige rol yn 'e mytology fan ferskate Noardamerikaanske Yndiaanske folken, yn 'e foarm fan Coyote, in godheid en trickster.

De namme 'prêrjewolf' is ûntliend oan 'e prêrjes, de gersflakten fan Noard-Amearika, dy't in grut part fan it ferspriedingsgebiet fan 'e prêrjewolf útmeitsje. Nettsjinsteande dat komt dit bist ek foar yn bergen, wâlden en woastinen. De alternative namme 'coyote' komt fan it Ingelske coyote (útsprutsen mei trije of twa wurdlidden, as "kojoté" of "kojoot"), dat ûntliend is oan 'e Spaanske beneaming coyote (altyd trije wurdlidden), dat wer weromgiet op it Azteekske wurd cóyotl, dat "trickster" betsjut (yn 'e mytologyske betsjutting) of gewoan "skarlún". De wittenskiplike namme Canis latrans is Latyn foar "blaffende hûn".

Fersprieding

bewurkje seksje

De prêrjewolf is lânseigen yn it grutste part fan Noard-Amearika, ynklusyf guon eilannen foar de kust, lykas Vancouvereilân, de Keninginne Sjarlotte-eilannen, Prins Edwardeilân en Kaap Bretoneilân. Oarspronklik wied er yn syn fersprieding beheind ta it westlike part fan Noard-Amearika, mar sûnt de kolonisaasje fan dat kontinint troch de blanken hat er him almar mear nei it easten ta ferpraat. De prêrjewolf komt lykwols net foar yn súdwestlik Alaska, en yn Kanada ûntbrekt er yn 'e noardeastlike helte fan 'e Noardwestlike Territoaria, hiel Nûnavût, Labrador en Nijfûnlân, it noardeasten fan Saskatchewan en it noarden fan Manitoba, Ontario en Kebek.

Yn 'e legere achtenfjirtich Feriene Steaten komt er oeral foar behalven yn in grut diel fan 'e súdeastlike steaten: yn Floarida, Georgia, de Karolina's, Firginia, West-Firginia, Tennessee, Kentucky, Delaware, Nij-Jersey en op Long Island ûntbrekt er hielendal of hast hielendal, wylst Marylân, Pennsylvania en Ohio mar foar in part ta syn ferspriedingsgebiet hearre. Fierders mist er ek yn in smelle stripe lân fan 'e Florida Panhandle by de kust fan 'e Golf fan Meksiko lâns nei Louisiana en yn 'e Mississippydelta. Fierder súdlik libbet de prêrjewolf yn hiel Meksiko útsein op it Jûkatan-skiereilân. Teffens komt er yn Midden-Amearika foar yn in stripe by de kust fan 'e Stille Oseaan lâns oant yn Panama.

 
In prêrjewolf yn profyl.

Uterlike skaaimerken

bewurkje seksje

De prêrjewolf hat trochinoar in kop-romplingte fan 76-86 sm, mei in sturtlingte fan 30-41 sm en in skofthichte fan 58-66 sm. Syn gewicht rint útinoar fan 6,8-20,9 kg. Eksimplaren fan 'e noardlike ûndersoarten binne yn trochsneed in stik grutter en swierder as har súdlike soartgenoaten. De grutste prêrjewolf dy't ea opmetten is, wie fan 'e snút oant de punt fan 'e sturt 1.75 m lang, en hie in gewicht fan 33,9 kg. De pels fan 'e prêrjewolf rint yn kleur útinoar fan griisbrún oant gielgrizich op it boppelichem, wylst de kiel en de bealch ljochter binne, witich of bêzje. De foarpoaten, de sydkanten fan 'e kop, en de snút binne readich brún, wylst der oer de rêch fan 'e boppekant fan 'e kop oant de ein fan 'e sturt in brede dûnkergrize of swarte streek rint, mei in krús boppe de skouders. De sturtpunt is ek swart. Eksimplaren dy't yn 'e bergen libje, binne dûnkerder fan kleur, wylst eksimplaren út 'e woastyn krekt ljochter as gemiddeld binne.

De snút is by de prêrjewolf spitser as by de wolf, en de earen binne tige grut yn ferhâlding ta de kop. De poaten binne krekt lyts yn ferhâlding ta de rest fan it lichem. De sturt is boarstelich en kin suver wol foar in plomsturt trochgean. De tosken fan binne tige skerp en bedoeld foar it snijen fan fleis. Prêrjewolven kinne lûden oant 80 kHz hearre, wat in tige hege frekwinsje is; de hûn heart mar oan 60 kHz. As er efterneisitten wurdt, en it der dus op oankomt, kin de prêrjewolf in faasje fan 69 km yn 'e oere helje, wêrmei't it ien fan 'e fluchste bisten fan Noard-Amearika is. Ek kin er 4 m fier springe.

 
In boerd dat it fuorjen fan prêrjewolven ûntmoedigje moat, om't soks derta liede kin dat de bisten minsken mei iten begjinne te assosjearjen.

Nettsjinsteande de namme 'prêrjewolf' komme prêrjewolven yn in grut ferskaat oan biotopen foar en lykje se har like thús te fielen op 'e prêrje, yn it wâld, yn 'e bergen of yn 'e woastyn. Se passe har tige maklik oan en hawwe der gjin swierrichheden mei om yn grutte stêden of oare troch de minsken makke fermiddens te libjen. Yn sompen binne se lykwols minder thús en dy mije se leaver.

Hâlden en dragen

bewurkje seksje

Prêrjewolven libje solitêr of yn lytse troepkes fan likernôch seis nau besibbe eksimplaren (âlden, healwoeksen bisten en jongen). Hoewol't se waarnommen binne wylst se yn gruttere groepen omdoarmen, jeie se yn 'e regel allinnich of yn pearkes. Prêrjewolvetroepen binne minder stabyl as wolvetroepen, in gegeven dat saakkundigen taskriuwe oan it feit dat prêrjewolven earder folgroeid en geslachtsryp binne as wolven (mei 1 jier ynstee fan 2 jier), en dat se dêrom earder agresje foarinoar oer toane.

Oarspronklik wie de prêrjewolf in deidier, mar ûnder druk fan 'e minske hat er him ûntjûn ta in bist dat yn it foarste plak in nachtdier is, al is er ek deis noch wol aktyf yn gebieten dêr't dat feilich is (net yn stêden of oare tichtbewenne kriten). Prêrjewolven kinne har eigen hoalen grave en dogge dat ek wol, mar jouwe der gauris de foarkar oan om besteande hoalen fan sulverdassen of prêrjehûnen oer te nimmen. Hja hawwe in territoarium dat wol in gebiet mei in middelline fan 19 km om harren hoale hinne beslaan kin. Dêrbinnen meitsje se faak gebrûk fan fêste paden. Krekt as oare hûneftigen sette prêrjewolven har territoarium ôf mei urine.

 
In nijberne prêrjewolvejong.

De peartiid falt by de prêrjewolf tusken ein jannewaris en begjin maart, wêrby't de wyfkes elts ien kear 2-5 dagen loopsk binne. As in wyfke ienris in mantsje útkeazen hat, komt it foar dat it pear jierrenlang monogaam bliuwt. De draachtiid duorret 60-63 dagen, wêrnei't it wyfke 1-19 jongen smyt. De mânske grutte fan 'e smeten is in evolúsjonêre oanpassing dy't de stjerte fan 50-70% ûnder prêrjewolvejongen kompinsearje moat. By de berte weagje de bline en slopearige jongen likernôch 250 g, mar se groeie folle flugger as wolvejongen. Mei 10 dagen geane de eagen iepen en komme de earen rjochtop te stean. Mei 21-28 dagen komme se foar it earst út 'e hoale en mei 35 dagen wurde se ôfwûn.

Prêrjewolvejongen wurde fersoarge troch beide âlden, en it is gjin útsûndering dat in prêrjewolvepear de jongen fan oare prêrjewolven adoptearret as de oarspronklike âlden omkommen binne. Sadree't de jongen ôfwûn binne, wurde se fuorre mei fleis dat troch de âlden opkoarre wurdt. Prêrjewolvejongen lykje makliker te learen troch observaasje as dat by hûnen it gefal is. Jonge rikels ferlitte de âlden ornaris as se tusken 6 en 9 moanne âld binne, wylst jonge teven faak by de âlden yn 'e troep bliuwe. Mei 12 moannen binne de jongen geslachtsryp. Prêrjewolven hawwe in libbensferwachting fan maksimaal 18 jier yn finzenskip, wylst se yn it wyld op syn heechsten 14½ jier libje.

 
Prêrjewolvejongen.

De wichtichste natuerlike fijân fan 'e prêrjewolf is de grize wolf (Canis lupus), dy't de prêrjewolf sjocht as in konkurrint, en him deadet wannear't er kin. Nettsjinsteande it feit dat prêrjewolf in stik lytser is as de grize wolf, falt dat noch net ta, want prêrjewolven binne oansjenlik flugger en soms ek slûchslimmer. Ien snoade taktyk dy't se op heuvelich of bercheftich terrein foar de moade hawwe, is om by de lichte del by in wolf wei te draven. As de wolf dan de efterfolging ynset, keart de prêrjewolf om en draaft by de skeante op. De folle swierdere wolf hat dan muoite om te stopjen en om te kearen, sadat de prêrjewolf in grutte foarsprong opbouwe kin. Hoewol't fysike konfrontaasjes yn 'e regel yn it foardiel fan 'e wolf beslist wurde, komt it foar dat prêrjewolven út eigen beweging in wolf oanfalle as se in grutte nûmerike oermacht hawwe. Beide soarten deadzje inoars jongen as se dêr de kâns ta krije. Guon skieppeboeren brûke wolvemiich om oanfallen fan prêrjewolven op harren keppel tsjin te gean.

Oare natuerlike fijannen fan 'e prêrjewolf binne de poema (Puma concolor) en soms de grizzlybear (Ursus arctos horribilis). Yn konfrontaasjes mei de reade lynks (Lynx rufus) en de Kanadeeske lynks (Lynx canadensis) dominearret de prêrjewolf oer it algemien. De foks (Vulpes vulpes) en de grize foks (Urocyon cinereoargenteus) foarmje gjin gefaar foar de prêrjewolf, en mije prêrjewolven yn 'e regel safolle mooglik. Mei de sulverdas (Taxidea taxus) foarmje prêrjewolven soms in gearwurkingsferbân yn 'e jacht op kjifdieren, wêrby't de prêrjewolf boppegrûnsk wachtet oant de das de proaidieren ûndergrûnsk útgraaft.

 
In prêrjewolf.

Krusings mei hûnen en wolven

bewurkje seksje

Soms pearje prêrjewolven mei hûnen, benammen yn gebieten lykas Teksas en Oklahoma, dêr't grutte populaasjes prêrjewolven besteane en de peartiid langer duorret fanwegen it waarme klimaat. De krusingen dy't út sokke pearings fuortkomme, wurde coydogs neamd (in gearlûking fan coyote en dog). Sokken behâlde de rôfdiermentaliteit fan 'e prêrjewolf, mar keppelje dy oan it brekme oan skouwens dat de hûn foar de minske oer hat. Coydogs binne dêrom gefaarliker foar minsken as folbloed-prêrjewolven.

Inkeld pearje prêrjewolven ek mei wolven, meast fan 'e eastlike ûndersoarten fan 'e grize wolf, hoewol't soks minder foarkomt as pearings mei hûnen, om't wolven fan natuere fijannich foar prêrjewolven oer steane. De krusings fan prêrjewolven en wolven wurde coywolves neamd, en binne grutter as prêrjewolven mar lytser as wolven. Sokken komme benammen yn Nij-Ingelân, de Kanadeeske Kustprovinsjes en Sintraal Kanada foar. By in wittenskiplik ûndersyk yn 'e Amerikaanske steat Maine die bliken dat fan 'e hûndert prêrjewolven 22 eksimplaren foar 50% of mear wolve-DNA hiene. Guon mammalogen binne fan betinken dat de reade wolf (Canis rufus) eins fuortkomt út krusings tusken de grize wolf (Canis lupus) en de prêrjewolf.

 
In prêrjewolf fret fan in wapitykadaver.

Prêrjewolven wurde gauris omskreaun as karnivoaren, mar eins binne it opportunistyske omnivoaren. Se jeie benammen op lytse sûchdieren, lykas fjildmûzen, prêrjehûnen, kninen, grûniikhoarntsjes en mûzen, mar ek wol op fûgels, slangen, hagedissen, lytse harten, ynsekten en oare wringeleazen en, net te ferjitten, lytsfee, lykas skiep, geiten en keallen (wêrmei't se har tige hate makke hawwe by feehâlders). Troepen prêrjewolven binne by steat om in grut hart, lykas in wapity, te bejeien.

Prêrjewolven frette ek aaien fan lykfol hokker fûgel dy't op 'e grûn nêstelet, en se binne ek net fiis fan ies, hoewol't se de foarkar jouwe oan farsk fleis. Simmerdeis en hjerstmis foarmje fruchten en oar plantaardich materiaal in oansjenlik diel fan it menu. Yn 'e stêden en op jiskebulten kinne se fierders maklik har kostje gearsykje út ôffal dat troch minsken efterlitten wurdt. Stedske populaasjes prêrjewolven frette brune en swarte rotten, kninen en soms ek lytsere húsdieren, lykas katten en lytse hûnen.

 
In prêrjewolf besiket in skiep te smoaren.

De prêrjewolf hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Dat nettsjinsteande it feit dat er, benammen yn 'e legere achtenfjirtich Feriene Steaten, fûleindich bejage wurdt troch jachtopsjenners, feehâlders en oare plattelânbewenners. Allinnich al amtners dy't foar de Amerikaanske oerheid wurkje, binne jiers ferantwurdlik foar it ôfsjitten, fergiftigjen en op oare wizen deadzjen fan 90.000 prêrjewolven. De reden foar dy ferfolging is it feit de prêrjewolf op 't heden yn 'e westlike helte fan Noard-Amearika it wichtichste rôfdier is dat it op fee foarsjoen hat. Yn gebieten dêr't de wolf troch de minske útrûge is, florearret de prêrjewolf yn 'e regel. Dat is bygelyks sa yn Nij-Ingelân, dêr't de prêrjewolf de ekologyske nys fan 'e wolf oernommen hat.

Oanfallen fan 'e prêrjewolf op 'e minske komme net faak foar en resultearje selden yn slimme ferwûnings. Yn 'e tritich jier foarôfgeande oan maart 2006 waarden der yn 'e Feriene Steaten 160 prêrjewolve-oanfallen melden, wêrfan't fierwei de measten yn it gebiet om Los Angeles hinne plakfûnen. Om't prêrjewolven yn 'e stêden net troch de minske bejage wurde, ferlieze se dêr har skouwens. Dat hat deryn resultearre dat soms hurddravers, fytsers en kuierders efterfolge of oanfallen binne. Faak konsintrearje se har dêrby op bern ûnder de tsien jier, om't dy fanwegen behindige lichemsgrutte makliker proaien binne. Undersyk hat útwiisd dat it by sokke oanfallen yn 'e eastlike Feriene Steaten en eastlik Kanada frijwol altyd om coywolves giet ynstee fan om echte prêrjewolven.

 
Fersprieding fan 'e ûndersoarten fan 'e prêrjewolf.

Undersoarten

bewurkje seksje

Der binne 19 (stân fan saken yn 2016) erkende ûndersoarten fan 'e prêrjewolf:

  1. de Meksikaanske prêrjewolf (Canis latrans cagottis)
  2. de San Pedro Martir-prêrjewolf (Canis latrans clepticus)
  3. de Salvadoraanske prêrjewolf (Canis latrans dickeyi)
  4. de súdeastlike prêrjewolf (Canis latrans frustor)
  5. de Belizaanske prêrjewolf (Canis latrans goldmani)
  6. de Hondoereeske prêrjewolf (Canis latrans hondurensis)
  7. de Durango-prêrjewolf (Canis latrans impavidus)
  8. de noardlike prêrjewolf (Canis latrans incolatus)
  9. de Tiburóneilânske prêrjewolf (Canis latrans jamesi)
  10. de flakteprêrjewolf (Canis latrans latrans)
  11. de berchprêrjewolf (Canis latrans lestes)
  12. de mearnsprêrjewolf of Mearns' prêrjewolf (Canis latrans mearnsi)
  13. de Neder-Rio Grande-prêrjewolf (Canis latrans microdon)
  14. de Kalifornyske dellingprêrjewolf (Canis latrans ochropus)
  15. de Skiereilânske prêrjewolf (Canis latrans peninsulae)
  16. de Teksaanske flakteprêrjewolf (Canis latrans texensis)
  17. de noardeastlike prêrjewolf (Canis latrans thamnos)
  18. de Noardwestkustprêrjewolf (Canis latrans umpquensis)
  19. de Colima-prêrjewolf (Canis latrans vigilis)
  20. ûnbeskate fariëteiten fan 'e prêrjewolf (Canis latrans "var.")

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading op dizze side.