Territoarium (biology)
In territoarium is yn 'e biology in gebiet dat beset wurdt troch ien beskaat bist fan in soarte, dy't dat as syn domein beskôget, en der almeast gjin soartgenoaten fan itselde geslacht duldet. Territoaria wurde yn 'e regel ôfbeakene mei geurflaggen yn 'e foarm fan miich, stront of muskes. De grutte fan territoaria rint útinoar per soarte. De territoaria fan mantsjes fan in beskate soarte binne ornaris grutter as dy fan wyfkes, sadat it territoarium fan in mantsje dy fan ferskate wyfkes oerlapet.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |