Grûniikhoarntsjes

De grûniikhoarntsjes (Latynske namme: Marmotini) foarmje in tûke fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), it ûnderskift fan 'e iikhoarntsjes en sliepmûzen (Sciuromorpha), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae) en de ûnderfamylje fan 'e grûniikhoarntsjes en Afrikaanske beamiikhoarntsjes (Xerinae). Ta dizze tûke hearre û.m. de marmotten, de prêrjehûnen, de wangsekiikhoarntsjes (chipmunks) en de echte grûniikhoarntsjes. Yn totaal binne der 99 libbene soarten, ferdield oer 3 ûndertûken.

Grûniikhoarntsjes
In gielbealchmarmot.
In gielbealchmarmot.
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: kjifdieren (Rodentia)
ûnderskift: iikhoarntsjes en sliepmûzen (Sciuromorpha)
famylje: iikhoarntsjes (Sciuridae)
ûnderfamylje: grûniikhoarntsjes en Afrikaanske beamiikhoarntsjes (Xerinae)
tûke: grûniikhoarntsjes (Marmotini)
Pocock, 1923

Grûniikhoarntsjes libje, sa't de namme al seit, op en/of ûnder de grûn, yn tsjinstelling ta de beamiikhoarntsjes, dy't it grutste part fan 'e tiid yn 'e beammen tahâlde. In oar ferskil tusken dy beide groepen is dat grûniikhoarntsjes oer it algemien sosjaler binne, en in protte soarten binne feitliks koloanjedieren, dy't maatskippijen mei yngewikkelde sosjale regels ûntjûn hawwe. It grutste grûniikhoarntsje (en trouwens it grutste fan alle iikhoarntsjes) is de Alpenmarmot (Marmota marmota), dy't 53-73 sm lang en 5-8 kg swier is.

Tûke-opbou bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Footnotes en References, op dizze side.