Swarte rôt
De swarte rôt (Latynske namme: Rattus rattus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae), de ûnderfamylje fan 'e mûzen en rotten fan de Alde Wrâld (Murinae) en it skaai fan 'e echte rotten (Rattus). Dit bist wurdt ek wol skipsrôt, hûsrôt, dakrôt, pestrôt en Aleksandrynske rôt neamd. De swarte rôt fynt syn oarsprong yn tropysk Aazje, mar berikte al yn 'e earste iuw Jeropa. Tsjintwurdich is it ien fan 'e meast algemien foarkommende rottesoarten, al is er yn guon kontreien, wêrûnder it grutste part fan Nederlân, fierhinne ferkrongen troch de brune rôt. Yn Fryslân komt er net of frijwol net mear foar. Histoarysk spile de swarte rôt, troch syn parasiten, in wichtige rol by de fersprieding fan 'e pestpandemyen yn 'e Midsiuwen en it post-Midsiuwske tiidrek.
swarte rôt | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Rattus rattus | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
lânseigen ferspriedingsgebiet yntrodusearre troch de minske as eksoat |
Skiednis
bewurkje seksjeHoewol't fossile fynsten bewize dat de swarte rôt yn 'e prehistoarje tusken de iistiden yn sawol yn it Midden-Easten as Jeropa foarkaam, wie dat yn it iere histoaryske tiidrek net mear sa. Ut ûndersyk nei bonkefragminten en DNA hat bliken dien dat de swarte rôt him as soarte nei alle gedachten yn Súdeast-Aazje ûntjûn hat, dêr't er syn wengebiet wei útwreide nei tropyske dielen fan it Yndiaaske subkontinint. Men is fan tinken dat er út dat ferspriedingsgebiet yn 'e waarmere prehistoaryske tiidrekken ferskate kearen oant yn Jeropa trochkrongen is, om him ûnder nije iistiden wer werom te lûken yn syn tropyske habitat.
Yn 'e histoaryske perioade libbe de swarte rôt yn 'e tropyske dielen fan Yndia en Súdeast-Aazje, dêr't er him yn 'e Romeinske tiid wei fersprate nei it Heine Easten en Egypte. Fia de oerseeske hannelsrûtes fan 'e Romeinen bejoech er him doe nei Jeropa, wêrby't er noch yn 'e earste iuw Brittanje berikte. Ut Jeropa wei fersprate er him letter, fan 'e Renêssânse ôf, fierder oer in grut diel fan 'e wrâld, as ferstekling op 'e skippen fan ûntdekkingsreizgers en keaplju.
Troch syn parasiten, dy't it pestfirus by har droegen, wie de swarte rôt yn 'e Midsiuwen en dêrnei grutdiels ferantwurdlik foar de fersprieding fan dy sykte. Dat late ta de Pest fan Justinianus, de earste pestpandemy yn Konstantinopel, Lyts-Aazje en súdeastlik Jeropa, yn 541-542, en de saneamde Swarte Dea of twadde pestpandemy yn hiel Jeropa en it Midden-Easten, dy't fanôf de earste útbraak yn 1347-1351 iuwenlang periodyk (sels noch oant de njoggentjinde iuw) trochgie. Der bestiet in teory dat de ôfname fan útbraken fan 'e pest it resultaat wie fan 'e ferkringing fan 'e swarte rôt troch de brune rôt. Lykwols, mei't dy beide ûntwikkelings net yn tiid en plak oerienkomme, wurdt dêr tsjintwurdich mar kwealk mear leauwe oan hechte.
Fersprieding
bewurkje seksjeAlgemien foarkommen
bewurkje seksjeDe swarte rôt komt tsjintwurdich foar yn in grut part fan 'e wrâld, al moat dêrby opmurken wurde dat er net oer kâlde temperatueren kin, en datoangeande yn syn wengebiet beheind is. Teffens is er fan 'e Midsiuwen ôf op plakken ferkrongen wurden troch de brune rôt, dy't grutter en agressiver is, en him boppedat better oanpasse koe oan kâldere klimaten. Ek is de brune rôt in graver, dy't him better thúsfielde yn 'e stiennen huzen mei pandakken dêr't de minske syn houten wenten mei ferfong, wylst de swarte rôt in beammeklimmer is, dy't mear op hie mei houtene bouwurken en reidtekken. Letter joech de meganisaasje yn 'e lânbou, dy't it rispe nôt troch opslach yn silo's ûnberikber makke, de swarte rôt yn guon gebieten de genedeklap.
Hjoed de dei komt de swarte rôt algemien foar op it Yndiaaske subkontinint, yn Súdeast-, East- en Sintraal-Aazje, it Midden-Easten, Afrika besuden de Sahara, oan 'e Noard-Afrikaanske kust en yn Súd-Jeropa. Yn noardlik Jeropa is syn foarkommen fersnipele, en yn Skandinaavje (Denemark ynbegrepen) ûntbrekt er alhiel. Utsein yn Londen en Bristol en op 'e lytse Shianteilannen komt er op 'e Britske Eilannen likemin noch foar. Yn Noard-Amearika is er beheind ta guon kustgebieten en ynlânske eksklaves, wylst er yn Súd-Amearika mar amper foarkomt, en dat allinnich yn kustgebieten. Yn Austraalje arrivearren de earste swarte rotten nei alle gedachten tagelyk mei de earste finzenen foar de Britske strafkoloanje dêre, yn 1788. Neitiid ferspraten se harren by frijwol de hiele kust lâns. Yn Nij-Seelân en op in soad fan 'e lytsere eilannen yn 'e Stille Súdsee is de swarte rôt in rûnom foarkommende eksoat, dy't grutte skea oanrjochtet oan 'e lânseigen floara en fauna.
Foarkommen yn Nederlân
bewurkje seksjeTroch de al neamde oarsaken fan ferkringing troch de brune rôt en fan 'e meganisaasje fan 'e lânbou waard de swarte rôt yn Nederlân yn 'e tweintichste iuw sa fier weromdreaun, dat er yn 1964 inkeld noch yn Amsterdam en Rotterdam foarkaam. Neitiid hat de soart terrein weromwûn, benammen yn Noard-Brabân, dêr't er op 't heden yn it sintrale diel fan 'e provinsje en op 'e Peel wer algemien foarkomt. Neffens de Nationale Databank Flora en Fauna besteane der oare populaasjes yn Siuwsk-Flaanderen en yn 'e krite fan Haarlim-Saanstêd, wylst der ek befêstige waarnimmings dien binne yn 'e Betuwe, de noardlike Feluwe en West-Fryslân. Yn Fryslân komt de swarte rôt, ynsafier bekend, net mear foar.
Uterlike skaaimerken
bewurkje seksjeDe swarte rôt hat trochinoar in kop-romplingte fan 16-24 sm, mei in sturtlingte fan 18-26 sm en in gewicht fan 130-280 g. Oars as by de brune rôt it gefal is, is by de swarte rôt de sturt altyd langer as de romp. Nettsjinsteande syn namme hat de "swarte" rôt ferskate kleuren hier, dat yn 'e regel swart oan griisbrún op 'e rêch en wyt oant dûnkergriis op 'e búk is. Faak geane dy kleuren stadichoan yninoar oer, mar soms is der in dúdlik demarkaasjeline sichtber. Yn 'e pels hat de swarte rôt langere hierren, dy't tsjin in ljochte eftergrûn dúdlik útstekke. Hy hat in spits tarinnende snút, mei frij lange snorhierren en grutte eagen. De earen binne ek grut, en dêrnjonken suver keal.
Krektlyk as oare kjifdieren kinne swarte rotten in stikmannich patogenen by har drage, dy't ta sykten as de bûdepest (fia de noardlike rotteflie), tyfus, de sykte fan Weil en trichinoaze (wjirmynfeksje) liede kinne. Fan 'e swarte rôt binne, benammentlik yn Dútslân, yn ferline út en troch saneamde rottekeningen fûn, wêrby't 2-32 (mar yn 'e regel 6-12) eksimplaren mei har sturten ûnûnttiisber ferstringele sitte. Men giet derfan út dat soks it resultaat is fan it opgroeien fan in grut tal rottejongen yn in tige beheinde romte. Sa'n rottekening ferret him ornaris troch lûd piipjen of wurdt dea fûn. Yn Nederlân waard yn 1963 de lêste rottekening oantroffen yn it Noardbrabânske Rucphen.
Biotoop
bewurkje seksjeSwarte rotten kinne har oanpasse ta in grut ferskaat oan biotopen. Yn noardlik Jeropa libje se meast yn stêden en oare sintra fan minsklike bewenning, wêrby't se pakhuzen, skuorren, hokken, skippen, havens, pleatsen, fabriken en wenten kolonisearje. Oars as de brune rôt jout de swarte rôt de foarkar oan in drûch om-en-by. As beide soarten yn ien en itselde gebou foarkomme, sil de swarte rôt yn 'e regel boppe-yn en de brune rôt ûnderyn te finen wêze. Nêsten wurde fan papier, tekstyl, plantaardich spul en oare isolaasjemateriaal oanlein op goed ferskûle plakken, lykas tusken muorren of plafons yn. Yn Súd-Jeropa en de tropen komt de swarte rôt ek fier fan minsklike bebouwing foar, yn fjilden, rotsige omkanten en beammen, wêrby't se harren nêsten yn rotsspjalten, ierdhoalen en beamtoppen meitsje.
Hâlden en dragen
bewurkje seksjeSwarte rotten binne hast útslutend nachts aktyf, wêrby't se de foarkar jouwe oan 'e skimer om sinne-ûndergong en sinne-opgong hinne. Yn tsjinstelling ta brune rotten binne it tige linige springers en klimmers, ek oer fertikale touwen, keabels, buizen en wanden. Se binne twer fan swimmen, en graafwurk dogge se net oan; as se yn hoalen libje, binne dy groeven troch oare bisten. Swarte rotten libje yn 'e regel yn groepen fan 20 oant 60 eksimplaren mei in strange hierargyske struktuer en ien dominant mantsje oan it haad. Se hawwe in frij lytse aksjeradius, en trochdat se minder sterk op frjemde dingen yn har territoarium reägearje as de brune rôt kinne se makliker fongen wurde.
As de omstannichheden geunstich binne, kinne swarte rotten har it jier rûn fuortplantsje. Dat jout dan 2-6 smeten mei elts 4-10 jongen. De draachtiid duorren 3 wiken, en de jongen binne nei in fearnsjier al geslachtsryp. Populaasjetichtheden kinne op plakken tige heech wêze. Op swarte rotten wurdt fral jacht makke troch de hûskat. Harren libbensdoer bedraacht yn it wyld heechút 2 oant 3 jier, mar yn finzenskip kinne se wol 8 jier wurde.
Fretten
bewurkje seksjeDe swarte rôt is in omnivoar dy't in grut ferskaat oan dingen fret, wêrûnder sied (histoarysk wied er kwea ferneamd om it oanfretten fan nôt), fruchten, plantestâlen, en -blêden, poddestuollen, ynsekten en oar wrimelt en soms rêchstringdieren lykas hagedissen en fisk. Ek sjippe, kjersen en alderhanne soarten bistefoer (foar kij, bargen, hinnen, hûnen en katten) makket er sûnder swierrichheden lytsman. Lykwols jout er de foarkar oan fruchten en nuten.
Status
bewurkje seksjeDe swarte rôt hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er rûnom foarkomt. Op guon plakken foarmet er in wiere pleach, en kin dan in protte skea en oerlêst feroarsaakje. Dat is fral sa yn Nij-Seelân en op guon eilannen yn 'e Stille Súdsee, mar komt ek foar op Madagaskar, de Galapagoseilannen en de Florida Keys. De pleatslike floara en fauna is dêr net op swarte rotten berekkene, mei as gefolch dat harren yntroduksje dêr it útstjerren fan guon lânseigen soarten feroarsake hat. Dêrfandinne dat swarte rotten op sokke plakken troch de minske yntinsyf bestriden wurdt, û.m. mei rottestappen en mei gif en oare gemyske bestridingsmiddels. Yn guon dielen fan hindoeïstysk Yndia en Nepal wurde swarte rotten lykwols krekt as hillige bisten beskôge, lykas yn 'e ferneamde Karni Mata-timpel, yn Yndia, dêr't de leauwigen komme om harren iten mei de rotten te dielen.
Sjoch ek
bewurkje seksjeKeppelings om utens
bewurkje seksje- Side oer de swarte rôt op it webstee fan 'e Zoogdiervereniging, mei in link (Voorkomen in Nederland) nei de side fan 'e Nationale Databank Flora en Fauna, dêr't waarnimmings fan 'e swarte rôt yn Nederlân op in kaartsje werjûn binne
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|