Súdeast-Aazje
Súdeast-Aazje is in subregio fan Aazje. It bestiet foar in part út fêstelân (Yndosina, in skiereilân) en tûzenen eilannen en eilantsjes. De krite leit op it plak dêr't geologyske platen by elkoar komme, mei fan gefolgen swiere seismyske en fulkanyske aktiviteit. De folgjende lannen lizze yn Súdeast-Aazje:
- Brûnei
- Kambodja
- Filipinen
- Yndoneezje
- Laos
- Maleizje
- Myanmar (Birma)
- East-Timor
- Singapore
- Tailân
- Fietnam
Súdeast-Aazje hat in oerflak fan likernôch 5 miljoen km². Der wenje mear as 650 miljoen minsken yn de regio (2010), ienfiifde dêrfan wennet op it Yndonesyske eilân Java.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Southeast Asia fan Wikimedia Commons. |