Betuwe
De Betuwe is in lânstreek yn Nederlân. en leit tusken de rivieren de Waal yn it suden en de Nederryn en de Lek yn it noarden.[1]
Betuwe | ||
Karakteristyk Betuwsk lânskip mei ûnder oare fruitbeammen en grienden by de Linge del by Enspijk | ||
emblemen | ||
polityk | ||
soarte gebiet | Goa | |
lân | Nederlân | |
Provinsje | Gelderlân Súd-Hollân | |
Gemeente | Buren Culemborg Lingewaard Neder-Betuwe Overbetuwe Tiel West Betuwe Arnhim (Súd) Gorkum (East) Nimwegen (Noard) |
It karakter fan 'e krite wurdt foaral karakterisearre troch de túnbou. Yn it bysûnder stiet de Betuwe bekend om de fruitkwekerij yn hôven; dy foarmen by útstek yn de maitiid in opfallend aspekt fanwege de bluossem en binne dêrtroch (pleatslik) in attraktyf elemint. Ek stiet de streek bekend fanwegen it relatyf soad foarkommen fan oerflaktewetters yn it lânskip. De Betuwske rivier de Linge, dy't dwers troch de streek rint, foarmet in foaroansteand lânskipselemint. Ek is de krite nammejouwer fan de Betuweroute en de Betuweline; dizze spoarlinen geane dwers troch de regio.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|