Súd-Hollân
Súd-Hollân (Nederlânsk: Zuid-Holland) is in provinsje fan Nederlân, dy't as sadanich bestiet sûnt de âlde provinsje Hollân yn 1840 midstwa spjalten waard. It hat 3.840.662 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS) en in oerflak fan 3.308 km², en is dêrmei de provinsje mei de measte ynwenners en de tichtbefolkste fan Nederlân. Haadstêd is De Haach, dat de Nederlânske residinsjestêd is, en de grutste stêd is Rotterdam. De grutste seehaven fan Jeropa, de haven fan Rotterdam leit yn Súd-Hollân.
Súd-Hollân | ||
folksliet: Het Zuid-Hollandlied | ||
polityk | ||
lân | Nederlân | |
status | provinsje | |
oprjochting | 1840 | |
offisjele taal | Nederlânsk | |
haadstêd | De Haach | |
tal gemeenten | 50 | |
kommissaris fan de kening |
Jaap Smit (CDA) | |
geografy | ||
geograf. koördinaten | 52°08' NB 4°30' EL | |
oerflak | 3.307,86 km² (2015) | |
• dêrfan lân | 2.698,40 km² | |
• dêrfan wetter | 609,46 km² | |
rang provinsjes | 5e fan 12 | |
demografy | ||
ynwennertal | 3.840.6621 | |
teldatum | 1 jannewaris 2024 | |
rang provinsjes | 1e fan 12 | |
befolkingstichtens | 1.410 / km² | |
grutste plak | Rotterdam | |
religy (2015) | 52,2% ateïsten en agnosten 18,2% protestanten 14,5% roomsk-katoliken 7,5% moslims 2,0% hindoes 5,5% oaren | |
oar | ||
NUTS | NL36 | |
ISO 3166-2 | NL-ZH | |
tiidsône | MET (UTC+1) | |
simmertiid | MEST (UTC+2) | |
offisjele webside | ||
www.zuid-holland.nl | ||
1) boarne: CBS-StatLine |
De provinsje grinzget yn it noarden oan Noard-Hollân, yn it easten oan Utert en Gelderlân, yn it súdeasten oan Noard-Brabân, yn it suden oan Seelân en yn it westen oan de Noardsee.
Skiednis
bewurkje seksjeFoar 1795 hearde Súd-Hollân by it Greefskip Hollân. Nei de omfoarming fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen ta de Bataafske Republyk waard Hollân, lykas de rêst fan Nederlân ferparte yn departeminten. It suden fan Hollân, waard mank mei Seelân en it westen fan Brabân part fan it departemint fan de Skelde en Maas. It noarden fan it hjoeddeistige Súd-Hollân waard part fan it departemint fan de Delf. Yn 1801 kamen de grinzen fan earder werom en waard it departemint Hollân foarme. Yn 1807 waard dat departemint yn twaen spjalte dêr't it súdlike departemint it departemint Maaslân waard, dêr't de grinzen sawat fan oerienkomme mei dy fan it lettere Súd-Hollân. Yn 1810 doe't Nederlân by it Earste Frânske Keizerryk ynlive waard, waard Maaslân omfoarme ta it departemint fan de Mûning fan de Maas.
Nei de Frânske tiid kamen de grinzen fan foar 1795 fannijs werom. It noarden en suden fan Hollân waarden wer feriene yn de nije provinsje Hollân. De skieding ferdwûn lykwols net alhiel, want fan 1814 ôf hie Hollân twa kommissarissen fan de kening, ien foar it noarden en ien foar it suden. Nettsjinsteande dat de provinsje ien wie, waarden it noarden en suden apart behannele en libbe der it idee om de provinsje fannijs op te spjalten. Dat barde yn 1840 doe't Hollân opspjalte waard yn Noard- en Súd-Hollân, om't de provinsje Hollân te dominant waard yn befolking, grutte en woltierigens. Yn de lette 20e en iere 21e iuw giene der fiif gemeenten oer nei de provinsje Utert; Aldewetter yn 1970, Woerden yn 1989, Fianen yn 2002 en Leardaam en Zederik yn 2019.
It graven fan de Nije Wetterwei yn 1863 betsjutte it úteinsetten fan it groeien fan de Haven fan Rotterdam. Op 14 maaie 1940 yn de Twadde Wrâldkriich waard it sintrum fan Rotterdam folslein ferneatige troch in bombardemint.
Yn 1953 waard it suden fan Súd-Hollân troffen troch de Wettersneed fan 1953. Dêrnei it regear sette útein mei de Deltawurken, dy't foltôge waard mei it reekommen fan de Maeslantdaam yn 1997.
Geografy
bewurkje seksjeSúd-Hollân grinzget yn it westen oan de Noardsee, yn it noarden oan Noard-Hollân, yn it easten oan Utert en Gelderlân, yn it súdeasten oan Noard-Brabân en yn it suden oan Seelân. Mei útsûndering fan de dunerige oan de Noardseekust is de provinsje folslein flak, en bestiet foar in grut part út drûchmealde polders en oanmakke feangrûn. It midden en it westen fan de provinsje is part fan de Rânestêd, wylst lânbou yn it easten foarkomt, dy't heart ta it Griene Hert. It suden fan de provinsje bestiet út in nustje eilannen en binne part fan de Ryn-Maas-Skelde-delta. Foar statistyske doelen is de provinsje ferparte yn fjouwer regio's: Rijnmond, Súd, West en East.
De Dune- en Bollestreek is in regio yn it noardwesten, om Katwyk hinne, dy't út dunen en bollefjilden bestiet. Yn it suden op de eilannen is der benammen lânbou op klaai en sângrûn. Yn it easten is der greidlân op benammen feangrûn. By de Alde Ryn is der in kliber stêdlike gebieten fan Katwyk ôf oer Leien nei Alfen oan de Ryn nei Zoeterwoude. Ek it gebiet om De Haach hinne en om de Alde Maas en de Merwede hinne binne stêdlike gebieten. Dy lêste gebieten, de Haachlannen, de Rijnmond en de Drechtstêden foarmje de súdlike wjuk fan de Rânestêd.
It Nasjonaal Park De Biisbosk leit yn it súdeasten fan de provinsje. Oare regio's yn de provinsje binne: Alblasserwaard, Gouwestreek, Krimpenerwaard, Hoekske Waard, Rynstreek, Fiifhearelannen en it Westlân.
Untwikkeling ynwennertal
bewurkje seksje
|
|
Gemeenten
bewurkje seksjeSúd-Hollân bestiet sûnt 2023 út 50 gemeenten.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- Webstee fan de provinsje
- Zuid-Holland, Plaatsengids
- Statistieken provincie Zuid-Holland, AlleCijfers
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Súd-Hollân | |
---|---|
Alblasserdam - Albrandswaard - Alfen oan de Ryn - Barendrecht - Boadegraven-Reeuwijk - Capelle oan de Isel - Delft - Doardt - Flaardingen - Foarne oan See - Goeree-Oerflakkee - Gorkum - Gouda - De Haach (haadstêd) - Hardinxveld-Giessendam - Hendrik-Ido-Ambacht - Hillegom - Hoekske Waard - Kaag en Braassem - Katwyk - Krimpen oan de Isel - Krimpenerwaard - Lansingerlân - Leiderdorp - Leien - Leidskendam-Foarburch - Lisse - Maasslûs - Midden-Delflân - Molelannen - Nieuwkoop - Nissewaard - Noardwyk - Oegstgeest - Papendrecht - Pijnacker-Nootdorp - Ridderkerk - Rijswijk - Rotterdam - Skiedam - Sliedrecht - Teylingen - Voorschoten - Waddinxveen - Wassenaar - Westlân - Zoetermeer - Zoeterwoude - Zuidplas - Zwijndrecht | |
· · |
Provinsjes fan Nederlân | ||
---|---|---|
Drinte - Flevolân - Fryslân - Gelderlân - Grinslân - Limburch - Noard-Brabân - Noard-Hollân - Oerisel - Seelân - Súd-Hollân - Utert | ||
· · |