Skiedam

Skiedam[1] (Nederlânsk en offisjeel: Schiedam) is in stêd en in gemeente yn de Nederlânske provinsje Súd-Hollân.

Skiedam
Schiedam
Schiedam, zicht op haven foto2 2008-05-12 11.32.JPG Sintrum fan Skiedam mei Zakdragershuisje
flagge wapen
Flag of Schiedam.svg Coat of arms of Schiedam.svg
lokaasje
NL - locator map municipality code GM0606 (2016).png
polityk
lân flagge fan Nederlân Nederlân
provinsje Flag of Zuid-Holland.svg Súd-Hollân
koördinaten 51° 55' NB, 4° 23' EL
boargemaster Cor Lamers (CDA)
sifers en geografy
haadplak Skiedam
grutste plak Skiedam
ynwennertal 79.745 (31 jannewaris 2022)
befolkingstichtens 4.475 / km²
oerflak 19,89 km²
● wêrfan lân 18,10 km²
● wêrfan wetter 1,79 km²
tal stêden 1
ferkearsieren NL-A4.svg, NL-A20.svg
spoar fan Amsterdam nei Rotterdam
skiednis
oprjochte 1275
oar
netnûmer 010
postkoade 3100 - 3125
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.schiedam.nl
Topografyske gemeentekkaart fan Skiedam

De gemeente leit ynklamme tusken Rotterdam en Flaardingen. It leit oan de Skiedamske Skie en de Nije Maas. Op 1 july 2021 wennen der 79.393 minsken yn de gemeente. De stêd is benammen ferneamd om syn jenever, de histoaryske binnenstêd mei de grêften. Ek steane yn Skiedam de heechste wynmûnen fan de wrâld.

SkiednisBewurkje

Skiedam ûntstie lykas Rotterdam oan de mûning fan in rivier, de Skie. Om 1250 hinne waard de Skie ôfdamme om de polders foar it seewetter te beskermjen. Om de daam hinne ûntstienen hannelsaktiviteiten omdat it guod dat oanfierd waard mei skippen oerladen wurde moast. In lytse doarpke ûntstie sa om de daam hinne.

Yn 1275 krige Skiedam stedsrjochten fan Aleida van Avesnes, de suster fan Willem II fan Hollân.

De achttjinde iuw wie de Gouden Iuw foar Skiedam fanwegen it opkommen fan de Skiedamske jeneverstokerij. Ut ferskate stokerijen en destillearderijen wei waard de Skiedamske jenever oer gâns de wrâld eksportearre. Troch de jeneveryndustry krige Skiedam de bynammen "Swart Nazaret". Hjoed-de-dei is dy berdiuwstûke foar it grutste part ferdwùn, dochs bepale seis mûnen noch hieltyd it stedsbyld: De Walvisch, De Drie Koornbloemen, De Vrijheid,De Noord, De Palmboom, de yn 2008 boude Noletmolen en de yn 2011 fannijs boude mûne De Kameel, ien fan de heechste mûnen yn 'e wrâld. Ek docht in grut tal fan de eardere stokerijen weromtinken oan de stokerstriid. Yn ien fan dy stokerijen is sûnt 1996 it Jenevermuseum yn fêstige.

Op 4 maaie 1976 kaam Skiedam yn it nijs omreden de Treinramp by Skiedam.

Yn 2009 waard de yntocht fan Sinteklaas yn Skiedam hâlden.

PopulaasjeBewurkje

Populaasje ûntwukkeling fan Skiedam sûnt 1983[2]:

WykyndielingBewurkje

 
Alde kaart fan Skiedam.

Skiedam bestiet út ferskate wenwyken:

  • Bijdorp
  • 's-Gravelandsepolder
  • Groenoord
  • Kethel
  • Nieuw-Mathenesse
  • Nieuwland
  • Skiedam-East
  • Skiedam-West
  • Skiedam-Súd
  • Spaanse Polder
  • Spaland
  • Stedssintrum
  • Woudhoek

Ek binne der noch twa buorskippen:

  • Kerkbuurt
  • Windas

It besjen wurdichBewurkje

 
It eardere stêdshûs fan Skiedam.

MuseumsBewurkje

  • It Steedlik Museum Skiedam
  • It Jenevermuseum.
  • Museummûne De Nieuwe Palmboom
  • Nasjonale Koöperaasje Musem Skiedam

MonumintenBewurkje

MûnenBewurkje

Berne yn SkiedamBewurkje

 
Inkelde fan de mûnen fan Skiedam, De Vrijheid en dêr efter De Noord.

Keppelings om utensBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. bygelyks neamt as "Skiedam" yn Grutske Weduwe smyt de lapen gear mei Boomsma, op Omrop Fryslân
  2. Tal ynwenners, wenningen en de trochstringse wenningbesetting, 1983 t/m 200, Gemeente Skiedam
 
Súd-Hollân
 
Alblasserdam - Albrandswaard - Alfen oan de Ryn - Barendrecht - Boadegraven-Reeuwijk - Capelle oan de Isel - Delft - Doardt - Flaardingen - Foarne oan See - Goeree-Oerflakkee - Gorkum - Gouda - De Haach (haadstêd) - Hardinxveld-Giessendam - Hendrik-Ido-Ambacht - Hillegom - Hoekske Waard - Kaag en Braassem - Katwyk - Krimpen oan de Isel - Krimpenerwaard - Lansingerlân - Leiderdorp - Leien - Leidskendam-Foarburch - Lisse - Maasslûs - Midden-Delflân - Molelannen - Nieuwkoop - Nissewaard - Noardwyk - Oegstgeest - Papendrecht - Pijnacker-Nootdorp - Ridderkerk - Rijswijk - Rotterdam - Skiedam - Sliedrecht - Teylingen - Voorschoten - Waddinxveen - Wassenaar - Westlân - Zoetermeer - Zoeterwoude - Zuidplas - Zwijndrecht