Sinteklaas
It Sinteklaasfeest (sinteklaazjen) is basearre op ferskate tradysjes dy’t om de nammedei, 6 desimber, fan biskop Niklaas fan Myra hinne ûntstien binne. Niklaas libbe yn de tredde iuw n.Kr. yn Lyts-Aazje. Yn Nederlân wurdt benammen de Pakjejûn op 5 desimber en yn Belgje de nammedei fan 6 desimber fierd. Doe’t it Sinteklaasfeest yn Nederlân foaral in bernefeest wie, fûnen de bern op 6 desimber snobbersguod of kadokes yn harren skoech of klompe. Dy waarden op de foarjûn by de hurd setten. De ûnderwizer Jan Schenkman skreau yn 1850 in lêsboekje mei de titel “Sint Nikolaas en de Knecht”. Dat boekje hat grutte ynfloed hân op de hjoeddeiske tradysje. Schenkman kaam mei trije nije eleminten: in feint foar Sinteklaas, in yntocht en de stoomboat.

Feint foar Sinteklaas bewurkje seksje
Foar 1850 koe it Nederlânske Sinteklaazjen net in fêste helper foar Sinteklaas. Mei troch dat boek fan Schenkman waard Sinteklaas hieltiten faker beselskippe troch Swarte Pyt en letter gauris troch in tal Swarte Piten. Yn guon oare lannen hie Sinteklaas al wol in fêste helper. Sa hat Sinteklaas yn parten fan Dútslân Ruprecht ta feint en benammen yn de Alpestreken de feint Krampus. Fan beide karakters kin men tige kjel wurde.
- Yn it Katolike Sealterlân ken de tradysje folslein oare helpers. Dêr wurdt Sinteklaas net beselskippe troch Swarte Piten mar troch ingels.
Broer fan Sinteklaas bewurkje seksje
Yn it doarp Grou fiere se it feest fan Sint Piter, de broer fan Sinteklaas. Sint Piter komt op de sneon foar 21 febrewaris, syn nammedei, nei Grou ta.
Fryske ferskes bewurkje seksje
By it sykjen op it ynternet nei Frysktalige Sinteklaasferskes út it ferline, komme der mar in stikmannich foar it ljocht.
- 'Swarte Pyt soe út fytsen' – wie om 1940 hinne al bekend
- 'Sinteklaes op it hynder' (J.K. Dykstra) - boekje út 1945 fan E.S. de Jong
- 'Sinteklaes Kapoentsje' (folksmûle) - boekje út 1945 fan E.S. de Jong
- Yn 2008 hat de Stifting Warber Fryslân in kompaktskiif útbrocht mei 21 ferskes (10 besteande oersettings út it Nederlânsk en 11 folslein nije nûmers).
Oare foarmen bewurkje seksje
Op de Westfryske eilannen binne der hiel oare tradysjes mei it Sinteklaazjen, dy't net folle oant neat mei it hjoeddeiske Sinteklaasfeest fan de fêstewâl te dwaan hawwe. Sa hawwe se op Teksel de Ouwe Sunderklaas (ien wike nei de gewoane Sinteklaas), op Skylge de Sunderums en op Skiermûntseach de Klozums. Miskien fine ûndersikers nochris in link mei de eardere midsiuwske tradysjes.
Keppelings om utens bewurkje seksje
- (ned) Het Meertens Instituut over het sinterklaasfeest