Sunneklaas

Sunneklaas is in jierliks feest en in tradysje op de waadeilannen, it wurdt it meast fierd op it Amelân. It feest is in heidensk midden-winterfeest wêrmei't de kweageasten fuortjage wurde. It wurdt fierd ynstee fan Sinteklaas en bart ek om de Sinteklaastiid.

It Sunneklaas-feest hâldt yn dat manlju âlder as achttjin jier harren ferklaaije en mei in protte herje de kweageasten fuortjeie. Bern en froulju bliuwe binnen, oars wurde se nei hûs ta 'kneppele'. Ek mei gjin ljocht út de huzen nei bûten ta skine. Oan de ein fan de dei, om tolve oere wurde de maskers ôfset en makket eltsenien him bekend.

De feesten wurde sa min mooglik yn de wykeinen fierd. Sadwaande komme der sa min mooglik minsken fan bûten op it feest ôf, wêrtroch de tradysje yn stân bliuwt.

Nammen en datumsBewurkje

Op alle eilannen wurdt it feest oars neamd en fynt it feest op in oare datum plak.

Nammen en datums
Eilân Namme Datum
Tessel Ald-Sunderklaas 12 desimber
Flylân Omklaaie -
Skylge Sunderum 6 desimber
It Amelân Sunneklaas 4 en 5 desimber
Skiermûntseach Kloseren Wurdt alle jierren fêststeld, bûten it wykein om.