Boarkum
Flagge fan Boarkum
(Flagge fan Boarkum)
Lokaasje fan Boarkum
Oerflak 30,6 km²
Tal ynwenners 5.118↓, 165 ynw./km² (2017)
Webstee http://www.borkum.de/

Boarkum (offisjeel Dútsk: Borkum) is it meast westlike en grutste Eastfrysk eilân. Boarkum is in part fan it Dútske distrikt (Landkreis) Leer.

Kaart fan Boarkum
Boarkum út de loft
Hotel Upstalbeam

Dielen fan it eilân en it oanswettende waad behearre ta it Nationaal Park Niedersachsener Wadzee. It eilân is in troch de steat erkend Noardseekueroarde en hat tal fan spafoarsjenningen.

Om 1830 kaam dêr it baaitoerisme op en fan ûngefear 1870 ôf oan waard it eilân ekonomysk hast folslein ôfhinklik fan it toerisme. Yn 2015 wienen der 282.252 fakânsjegongers en 2.415.928 oernachtingen.

Fan 1902 oant 1996 wie Borkum, mei koarte ûnderbrekkingen nei de Earste en Twadde Wrâldkriich, ek de basis fan marine-ienheden dy't by tiden fan gruttere ekonomyske betsjutting foar it eilân wiene as it toerisme.

It eilân is mei de fearboat, fan Emden út, ferbûn mei it fêstelân, yn de simmer ek fan de Grinslânske Iemshaven út. Fan de fearhaven, mei de buorskip Reede, nei it stedsje Boarkum leit de 7,2 km. lange spoarwei fan de Borkumer Kleinbahn.

Twa eilannen

bewurkje seksje

Boarkum is ûntstien út twa eilannen, it Westlân en it Eastlân, dy't earst yn de 19e iuw hielendal ta ien eilân waarden. Op it eardere Eastlân leit noch it buorskip mei dy namme, op it Westlân leit de stêd Boarkum. Oan de westkant fan it eilân is safolle lân ferdwûn dat de stêd by heech wetter no mei in betonrâne út de see omheech komt. Oan de noardwestpunt is op it stuit in sânpunt dy't mei leech wetter drûch falt en in tige grut strân foarmet.

Op it eilân stiet de Nije Fjoertoer (Boarkum).

Boarkum leit tusken de Westeriems en de Easteriems en tusken de Noardsee en de Waadsee. It folgjende eilân nei it súdwesten ta is Rottum yn Nederlân; it folgjende eilân nei it noardeasten ta is Júst.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  Commons: Borkum – foto, fideo en harktriemmen
Fryske eilannen
 
 

Westfryske eilannen:
Noarderheaks - Teksel - Flylân - de Richel - it Gryn - Skylge - It Amelân - de Kalkman - Rif - Skiermûntseach - Simenssân - Rottumerplaat - Rottumereach - Suderdúntsjes
Eastfryske eilannen:
Boarkum - Kachelotplate - Lütje Hörn - Memmert - Júst - Norderney - Baltrum - Langereach - Spikereach - Wangereach - Minsener Each - Mellum
Noardfryske eilannen:
Helgolân - Jongnammensân - Knyp - Japsân - Sudereachsân - Noardereachsân - Noardstrân - de Halligen - Pälweerm - Oomram - Feer - Uthörn - Söl - Koardesân - Jordsân - Romeach - Mandeach - Faaneach - Langli
Ferdwûn: Bant - Bosk - Buise

  ·   ·