Borkumer Kleinbahn

De Borkumer Kleinbahn is in smelspoarbaan, mei in spoarwiidte fan 900 mm, fan sa'n 7,5 kilometer op it East-Fryske waadeilân Boarkum. It spoar ferbynt de fearboathaven mei de stêd Boarkum.

Kaart fan Borkum mei de Kleinbahn
Borkumer Kleinbahn
Stasjon Reede

Skiednis bewurkje seksje

Neidat de âlde fjoertoer fan Boarkum troch brân ferwoastge wie, waard yn 1879 in hynstetramline oanlein. Dy line wie ornearre foar it ferfier fan boumaterialen foar de nije fjoertoer; hy roan fan de Waadsee nei it plak Boarkum. Fan 1883 ôf waarden ek stoomlokomotiven op it spoar brûkt. Yn de Twadde Wrâldkriich waard it spoar fral brûkt troch de marine. Nei de jierren 70 waard it spoar mear en mear wichtich foar it ferfier fan toeristen.

De eksplotaasje fan it spoar is tsjintwurdich yn hannen fan AG Ems.

Literatuer bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje

  Commons: Borkumer Kleinbahn – foto, fideo en harktriemmen