Keulen
Keulen (Dútsk: Köln) is in stedsdistrikt (kreisfreie Stadt), metropoal en in stêd yn Dútslân, yn de dielsteat Noardryn-Westfalen, oan de Ryn, noardlik fan Bonn en súdlik fan Düsseldorf. It sintrum leit op de linkerigge. Keulen is de fjirde stêd fan Dútslân en de grutste fan Noardryn-Westfalen. Yn de hiele Keulske stêdekloft wenje mear as in miljoen minsken. It is de haadstêd fan de Keulske regio en de offisjeuze haadstêd fan it Rynlân, en de sted spile fan de Midsiuwen ôf in wichtige tsjerklike en politike rol.
Keulen Köln | ||
![]() | ||
Dom fan Keulen | ||
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.060.582 (2015) | |
Oerflak | 405,16 km² | |
Befolkingsticht. | 2.619 km² | |
Hichte | 53 m | |
Polityk | ||
Lân | Dútslân | |
Dielsteat | Noardryn-Westfalen | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 50° 56' NB, 6° 57' EL | |
Offisjele webside | ||
www.stadt-koeln.de |
SkiednisBewurkje
Al yn de 3e iuw kamen Keulske munten yn Fryslân foar. Redbad ûndernaam yn 716 mei súkses in fjildtocht nei Keulen. Keulen wie de merke foar diggelguod út Pingsdorf en Siegsburg, dowestien út Andernach, swurden út Solingen, en dat alles hiet 'Keulsk'. Om 900 hinne wie der Fryske koloanje oan de Ryn en by Sankt Gereon. Foar de hannel bleau Keulen wichtich: 'Keulske pinning' yn de âlde wetten, Keulsk gewicht grûnslach foar de Fryske gewichten (1504). Ek as setel fan de aartsbiskop en fan provinsjaals fan guon oarders hie Keulen betsjutting. De universiteit luts Fryske studinten, û.o. Anske Bockes Bruynsma. Sirka 1550 kamen der protestantske flechtlingen, yn 1580 roomske ( Cunerus Petri, Douwe Benediks Julius fan Dekema, Espelbach). Yn de 17e iuw kamen út Keulen fransiskaanske misjonarissen. Dêrnei fermindert de betsjutting fan Keulen foar Fryslân.
Mei de bou fan de Dom fan Keulen waard op 15 augustus 1248 út ein set. Yn de iuwen dêrnei waard der stadichoan wurke oan it projekt, mar yn de 15e iuw waard de bou stillein. Under ynfloed fan de Romantyk yn de 19e iuw wer oppakt en foltôge yn 1880.
By it Kongres fan Wenen nei de delfal fan Napoleon waard Keulen Prusysk, mar it Frânsk rjocht bleau jildich. Yn de Nije Tiid fermindere de ynfloed fan Keulen bûten it Rynlân, mar bleau dochs fierhinne ekonomysk, kultuereel en steatsrjochtlik de wichtichste stêd oant de Yndustriële revolúsje.
It sintrum fan Keulen waard yn de Twadde Wrâldkriich swier bombardearre. Nei de weropbou waakste de stêd al rillegau wer út ta ien fan de wichtichste stêden fan Dútslân.
DemografyBewurkje
Troch ferskate weryndielingen hie Keulen op 1 jannewaris 1975 mear as 1 miljoen ynwenners. Doe't de stêd Wesseling op 1 july 1976 troch in beslút fan de rjochter wer selsstannich waard, lei it tal ynwenners wer ûnder de 1 miljoen minsken. Sûnt 31 maaie 2010 is Keulen neffens de offisjele telling wer in stêd mei mear as 1 miljoen ynwenners. Op 31 desimber 2015 hie Keulen 1.060.582 ynwenners.[1] De kommende desennia sil it ynwennertal fierder tanimme. It Landesbetrieb Information und Technik Nordrhein-Westfalen hat berekkene dat Keulen yn 2040 20 prosint mear ynwenners hat, mei-inoar sa'n 1.243.000 persoanen.
Keulen is de grutste Dútske stêd dy't gjin eigen dielsteat hat en ek gjin haadstêd is fan in dielsteat.
KultuerBewurkje
Keulen is foaral bekend fan syn karnaval, it Kölsch-bier dat hjir broud wurdt en har museums. It Romeinsk museum stiet flakby de Dom fan Keulen en hat in moaie samling Romeinske foarwerpen, mei ûnder oaren in grut flier-mozayk. It Ludwig Museum is wijd oan de moderne keunst en besit in grut oantal wurken fan Picasso, lykas ek in tal wurken fan de Dútske ekspresjonisten. Keulen hat teffens in universiteit en in lofthaven, dy't de stêd dielt mei Bonn.
SportBewurkje
Yn 2006 wie Keulen ien fan de spylstêden fan it WK fuotbal. It Rheinenergiestadion (fuotbal) en de Lanxess Arena (multyfunksjoneel) binne de grutste stadions yn Keulen. De bekendste fuotbalteams binne 1. FC Köln, dy't trije kear Dútsk lânskampioen wie, SC Fortuna Köln en FC Viktoria Köln.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Regierungsbezirke Arnsberg - Detmold - Düsseldorf - Keulen - Münster Landkreise Kreisfreie Städte |