De Slach by Amel of de Slach by Amblève wie yn 716, tichtby Amel (yn de noardlike Ardennen, yn it Dútsktalige diel fan it hjoeddeiske Belgje). De hofmeier fan Austraasje, Karel Martel, fersloech syn Neustryske en Fryske rivalen (laat troch kening Gilperik II) syn meier Ragenfrid en Redbad, kening fan de Friezen. It wie de earste wichtige oerwinning fan Karel Martel. Nei de slach by Amel soe hy de restearjende fiifentweintich jier fan syn libben oant syn dea yn 741 tsjin in grut ferskaat oan tsjinstanners nea wer in fjildslach ferlieze.

Yn dizze fjildslach liet Martel foar it earst sjen dat hy treflike militêre kwaliteiten hie. Nei syn nederlaach yn de slach by Keulen sammele Martel syn troepen yn it Eifelberchtme. Syn manskippen foelen it folle gruttere leger fan Gilperik II en syn bûnsgenoaten oan wylst se middeis oan it rêsten wienen. Doe't de ferdigening him organisearre hie, fingearre Karel Martel in weromtocht. Syn tsjinstanners efterfolgen him en rûnen sa yn in troch Karel Martel leine mûklaach en waarden ferslein.

In sabeare ôftocht wie sûnt de âldheid net mear fertoand yn West-Europa. Dat freget in goede tarieding en ferkenning fan it terrein, in goed organisearre en laat leger, en benammen in perfekte timing. Mei dizze fjildslach liet Karel foar it earst syn militêre sjeny sjen.

Yn de Annales Mettenses, de meast folsleine boarne oer it gefjocht by Amel, wurdt nei de komplikaasjes dy't it gefolch wiene fan de ynfal troch kening Redbad, neat mear fernommen oer de triomfearjende Fryske kening neidat er Karel Martel earder ferslein hie. Syn ûnderstelde belutsenens by de slach is ûntliend oan in by de noas lâns diene opmerking yn de Passio Agilolfi (skreaun yn de 11e iuw) oer Redbad as in bûnsmaat fan Ragenfred. [1].

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Literatuer:

  • Herre Halbertsma, Het rijk van de Friese koningen, opkomst en ondergang, Utert-2000.

Primêre boarne:

  • Fredegarius, Liber Histoariae Francorum,
  • Continuationes Chronicarum Fredegarii,
  • Annales Mettenses,
  • Passio Agilolfi

Fuotnoat:

  1. Halbertsma, H. (2000), Het rijk van de Friese Koningen, opkomst en ondergang, side 87.