Ragenfrid
Ragenfrid, ek wol Ragenfred, Raganfred en Ragamfred, (? -731) wie hofmeier fan Neustrje en Boergonje fan 715 ôf oant 718.
Skiednis
bewurkje seksjeRagenfrid hearde ta de Frankyske eallju en hie syn machtsintrum yn Feksin yn it noardwesten fan Frankryk. Nei de dea fan hofmeier Pippyn fan Herstal waard hy troch kening Dagobert III oansteld as opfolger, ynstee fan Teudobald, de pakesizzer en erfgenamt fan Pippyn.
Yn 716 fochten Raganfrid en Dagoberts opfolger, Gilperik II, djip yn it machtsgebiet fan de Pippyniden: it gebiet by de Maas en Ardennen. Sy sleaten in alliânsje mei de Fryske kening Redbad, in âlde fijân fan Dagobert en wienen by steat om harren rivaal Karel te ferslaan yn de Slach by Keulen.
Yn de tuskentiid skode Karel syn eigen Merovyske kening nei foaren, Klotarius IV. Ragenfrid en kening Gilperik III fregen stipe by Odo fan Akwitaanje, mar meiïnoar wienen sy net by steat Karel te ferslaan. Yn in oantal fjildslaggen waarden sy kear op kear ferslein. Nei de ferlerne Slach by Soissons wie Ragenfrids macht brutsen en flechte hy nei Angers. Hy waard út syn amt setten en nei de kriich hie hy allinne noch wat lân oer yn Anjou.
Hy soe noch yn kear fan him hearre litte. Yn 724 kamen Neustrjers ûnder syn lieding yn opstân, mar sy wienen gjin partij foar Karel en waarden ferslein. Raganfrid libbe oant 731.