Haadmenu iepenje
Merovingyske fibula's

De Merovingen wienen in dynasty fan Frankyske keningen, dy't oer it Frankyske ryk regearden dat bestie út dielen fan it hjoeddeiske Frankryk en Dútslân. Sy regearden fan de 5e iuw ôf oant de 8e iuw.

SkiednisBewurkje

De namme fan de Merovingyske dynasty is ôflaat fan Merovech, de earste kening van de Salyske Franken, dy't hearske fan 447 oant 457 oer in lyts gebiet yn Noard-Galje. In pakesizzer fan him, Klovis, slagge deryn it grutste part fan Galje te ferienjen. Hy hat ek ferantwurdlik west foar it fersprieden fan it roomske leauwen yn Frankryk en omkriten, doe't hy him yn 496 dope liet. Nei goed Germaanske gebrûk waard it ryk fan Klovis ferdield tusken syn fjouwer soannen.

De Merovingen wienen ek ferantwurdlik foar it ûntstean fan it feodalisme, doe't dizze keningen hartoggen oanstelden foar it regearen, ferdiedigjen en de rjochtspraak oer lytse dielen fan harren keninkryk.

Tsjin de 7e iuw hienen de keningen net folle feitlike macht mear oer, en wienen sy foaral symboalyske figueren wurden. Sy hâlden har hieltyd mear dwaande mei wrâldske saken, en lieten it regearen fan it keninkryk oer oan de hofmeiers (major domo yn it Latynsk). Yn de tiid fan de Karolingen waard it amt fan hofmeier erflik. (Sjoch: Karel Martel)

Uteinlik ûnttroanden de Karolingers de Merovingen yn 751, doe't Pippyn de Koarte de Frankyske eallju efter him krige en de lêste Merovingyske kening, Gilderik III, ôfsetten waard.

Gronology en territoriale ferdielingenBewurkje

Sjoch ekBewurkje