Teudebert I
Teudebert I (503-548) wie in Frankyske kening dy't tusken 533-547 oer Austraasje hearske.
Skiednis
bewurkje seksjeTeudebert hearde ta de Merovingen dynasty. Hy waard berne om 501 hinne as soan fan Teuderik I en nei dy syn dea yn 533 kening fan Austraasje. De troanopfolging gong lykwols net allegearre fansels omdat syn omkes Gildebert I en Klotar I, healbruorren fan syn heit ek belang hienen by de troan. Nettsjinsteande dat koe Teudebert syn hearskippij oer Austraasje feilich stelle troch it sluten fan in ferbûn mei Gildebert.
Teuderert wie aardich súksesfol mei kriichsfieren. Troch syn heit wie er al ferskate kearen op kriichpad stjoerd, û.o. tsjin de Denen en de Fisigoaten. As kening liede hy yn 539 in fjildtocht nei it noarden fan Itaalje tsjin de Byzantinen en de Ostrogoaten. Dêrby oermastere hy Pavia. Lykwols waard syn leger teheistere troch goarren en wie hy twongen him werom te lûken. Hjirnei sleat hy in ferbûn mei de Longobarden en troude mei Wisigarda, de dochter fan de Longobardyske kening Wakko. Sadwaande krige hy stadich hieltyd mear macht en hie lang-om-let de kontrôle oer it gebiet dat it tsjintwurdige Súd-Dútslân, Eastenryk en Noard-Itaalje omfieme. Yn 545 foel er twaris Noard-Itaalje yn en besette in grut gebiet om de stêd Feneesje hinne, alhoewol't er in dalikse konfrontaasje mei it Byzantynske leger út de wei gong.
Teudebert en de Friezen
bewurkje seksjeHistoarisy gean der fan út dat de Franken ûnder Teudebert net hearske hawwe oer de Ryndelta. Yn in brief oan de Byzantynske keizer Julianus skriuwt er in rige folken oermastere te hawwen, mar dêr binne de Friezen net by. Wol hat er te krijen hân mei de Friezen. Neffens de Liber Francorum waard hy troch syn heit Teuderik nei it noarden stjoerd om tenei de Friezen by te stean tsjin de Denen dy't in ynfal dienen, (sjoch: de slach oan de Ryn).
Dea en opfolging
bewurkje seksjeNei in tige lang siikbêd ferstoar Teudebert yn 547 of 548. Hy waard opfolge troch Teudowald, in soan út in eardere ferhâlding mei in frou neamd Deoteria.
Boarne en Literatuerferwizing
bewurkje seksje- Gregorius fan Toers, Historia Francorum, Ier-Midsiuwsk skrift.
- Herre Halbertsma, Het rijk van de Friese koningen, opkomst en ondergang, Utert-2000.