Pavia (stêd)
Pavia is in stêd yn de Italjaanske regio Lombardije. It is de haadstêd fan de provinsje Pavia. Pavia leit yn de Poflakte, 25 kilometer besuden Milaan. De rivier Ticino streamt troch de stêd, in stikmannich kilometers foardat er in de Po útmûnet.
Pavia | ||
![]() | ||
Sifers | ||
Ynwennertal | 71.297 (2013) | |
Oerflak | 62 km² | |
Befolkingsticht. | 1150 / km² | |
Hichte | 77 m | |
Polityk | ||
Lân | Itaalje | |
Regio | Lombardije | |
Provinsje | Pavia | |
Boargemaster | Massimo Depaoli | |
Oar | ||
Tiidsône | CET UTC+1 | |
Simmertiid | UTC+2 | |
Offisjele webside | ||
Gemeente Pavia |
Yn de tiid fan it Romeinske Ryk hjitte de stêd, lykas als de rivier Ticinum. Doe't nei de delfal fan dat ryk ferskate Germaanske folken de kontreien ynfoelen waard de stêd fan strategysk belang. Under de namme Papia wie Pavia fan de 7e iuw ôf oan de haadstêd fan de Longobarden. De stêd krige yn de 14e iuw in universiteit. Yn dy perioade waard de dom ek boud.
Hjoeddedei is Pavia ien fan de yndustriële sintrums op de Poflakte, spesjalisearre yn ûnder mear fiedingsmiddelen, gemy en tekstyl. Yn de Enoteco regionale is in permaninte útstalling fan winen út Lombardije ynrjochte. Acht kilometer fan de stêd ôf leit it Certosa di Pavia, in bekend kartuzerkleaster mei in protte let-romaanske en goatyske keunstúterings.
Foto'sBewurkje
Berne yn PaviaBewurkje
- Girolamo Cardano (24 septimber 1501), wittenskipper
- Francesco Corbetta (1615–1681), gitaarfirtuoas, learaar en komponist
- Tranquillo Cremona (1837–1878), keunstskilder
- Claudia Muzio (1889–1936), operasjonger
- Carlo M. Cipolla (1922–2000), ekonomysk histoarikus
Stoarn yn PaviaBewurkje
- Boëtius (480-526), skriuwer
- Durk fan Hollân (?-1197), biskop
Sjoch ekBewurkje
Keppelings om utensBewurkje
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Pavia fan Wikimedia Commons. |