Anisius Manlius Boëtius
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
|
Anisius Manlius Boëtius (folút: Anisius Manlius Torkwatus Severinus Boëtius; Latyn: Anicius Manlius Torquatus Severinus Boethius), yn 'e regel koartwei Boëtius neamd (Rome, ±480 – Pavia, 524), wie in kristlik, let-Romeinsk filosoof, wiskundige, teolooch, skriuwer, amtner en politikus. Hy wurdt gauris as in wichtige skeakel sjoen tusken de filosofy út 'e heidenske Aldheid en dy út 'e kristlike Midsiuwen. Syn politike belutsenens late úteinlik yn 523 ta syn fal, wêrnei't er op befel fan 'e Eastgoatyske kening Teodoarik de Grutte terjochtsteld waard op fertinking fan gearspanning mei it Byzantynske Ryk. Under syn finzenskip skreau Boëtius De Fertreasting fan de Filosofy, syn meast ferneamde wurk, dat ien fan 'e populêrste en ynfloedrykste boeken fan 'e Midsiuwen wurde soe.
Libben
bewurkje seksjeJonge jierren
bewurkje seksjeBoëtius waard om 480 (n.Kr.) hinne berne yn Rome, as telch út it âlde patrysjerslaach fan 'e Anicii, dat foarhinne twa keizers (Petroanius Maksimus en Olybrius) en withoefolle konsuls levere hie. Syn heit, Manlius Boëtius, wie konsul yn it jier 487, mar hy stoar doe't Boëtius sels noch in bern wie. De jonge Boëtius waard dêrnei lykwols as soan oannommen troch in oare Romeinske patrysjer, Kwintus Aurelius Memmius Symmachus, dy't him leafde foar literatuer en filosofy bybrocht. Yn syn lettere libben troude Boëtius mei syn pleechsuster, Symmachus syn dochter Rustisiana, mei wa't er twa soannen krige, Symmachus en Boëtius.
Boëtius hearde binnen de Romeinske elite ta de lêste generaasje dy't noch op 'e klassike Romeinske wize grutbrocht waard. Sa'n tritich oant fyftich jier letter soe dat troch de tanimmende ynfloed fan it kristendom net mear mooglik wêze. Sawol Symmachus as Boëtius sprieken floeiend Gryksk, in feardichheid dy't almar minder foarkaam ûnder de Romeinske elite fan harren tiid. Sadwaande waard foarhinne faak tocht dat Boëtius yn it Eastromeinske Ryk oplaat wie, wêrby't de namme fan Atene gauris neamd waard op grûn fan in passaazje út in brief fan 'e Romeinske steatsman en skriuwer Kassiodoarus oer dit ûnderwerp. Dat blykt lykwols op in misbegryp fan Kassiodoarus syn sinsbou basearre te wêzen, en moderne saakkundigen beskôgje Boëtius syn oplieding yn Atene dan ek as in myte. Ek in oplieding yn Aleksandrië, ûnder de neoplatonist Ammoanius Hermiai, liket ûnwierskynlik. It is mooglik dat Boëtius al syn kennis gewoan yn Rome opdie.
Lettere libben
bewurkje seksjeYn 505 waard Boëtius yn 'e Romeinske senaat keazen. Fanwegen syn leardheid waard er net lang dêrnei yn 'e tsjinst nommen troch de Eastgoatyske kening Teodoarik de Grutte, dy't doedestiden oer Itaalje hearske. Syn ierste dokumintearre wurk foar Teodoarik wie in ûndersyk nei beskuldigings dat guon fan syn liifwachten it gehalte fan syn munten ferlege hie. Ek makke er in wetterklok dy't Teodoarik oan 'e Boergondyske kening Gûndobad skinke koe, en rekrutearre er in fluitspiler om op te treden foar de Frankyske kening Klovis.
Under it regear fan Teodoarik de Grutte ferfolle Boëtius in grut tal ûnderskate funksjes, wêrûnder it konsulskip fan Rome yn it jier 510, mar neffens syn eigen sizzen (yn De Fertreasting fan de Filosofy) beskôge er as syn grutste prestaasje dat syn beide soannen Symmachus en Boëtius yn it jier 522 konsuls fan Rome wiene. Datselde jiers waard Boëtius sels beneamd ta magister officiorum, de liedende burokraat en adviseur fan 'e kening.
Fal en dea
bewurkje seksjeYn 520 rekke Boëtius behelle yn 'e drege relaasje tusken de Tsjerke fan Rome en de Tsjerke fan Konstantinopel. Hy besocht as midsman te fungearjen en sa de beide dielen fan 'e Tsjerke wer neier ta-inoar te bringen. Uteinlik soene de strideraasjes tusken east en west mear as fiifhûndert jier letter, yn 1054, liede ta it Grutte Skisma, wêrby't de Roomsk-Katolike Tsjerke en de Eastersk-Otterdokse Tsjerke alle bannen ferbrieken.
Yn 523 waard Boëtius ûnder in gearkomste fan 'e Keninklike Rie fan it Eastgoatyske keninkryk te Verona troch de referandarius Syprianus beskuldige fan ferrie. Yn syn briefkerij mei de Byzantynske keizer Justinianus I, yn it ramt fan syn kontakten mei de Tsjerke fan Konstantinopel, soe Boëtius nammentlik mei dyselde gearspand hawwe tsjin Teodoarik de Grutte. Syprianus kaam op 'e lapen mei trije manlju dy't seine tsjûge west te hawwen fan Boëtius syn misdie. It is ûndúdlik wat der fan 'e oanklacht oan wie; Boëtius sels skreau dat ien fan 'e tsjûgen, in Basilius, út keninklike tsjinst ûntslein wie om't er withoehege skulden makke, wylst de oare beide, Fenantius Opilio en in Gaudentius, ferballe west hiene om't se skuldich befûn wiene oan fraude. Yn oare boarnen, lykas Kassiodoarus, wurde sawol Syprianus as Fenantius Opilio as goudearlik en oprjocht omskreaun.
Mar hoe't dat ek krekt sij, Boëtius hie yn Teodoarik syn eagen de skyn tsjin, want de kening fielde him yn dy tiid yn 'e benearing brocht. Sels hong er de ariaanske foarm fan it kristendom oan, wylst sawol Boëtius as de Byzantinen katolyk wiene. Yn it Byzantynske Ryk waarden de arianen ferfolge, en koartby wie de katolike Hilderik kening fan 'e Fandalen wurden, en hie Teodoarik syn suster Amalafrida terjochtsteld fanwegen har ariaanske leauwe. Fan gefolgen waard Boëtius in healjier oant in jier finzenset te Pavia, en ûnder syn finzenskip skreau er syn meast ferneamde en ynfloedrike wurk, De Fertreasting fan de Filosofy.
Yn 524 waard Boëtius yn 'e âlderdom fan 44 jier te Pavia terjochtsteld, mooglik mei in swurd of in bile, mar it is ek mooglik dat er deakneppele waard. Syn stoflik omskot waard begroeven yn 'e tsjerke fan Sant Pietro in Ciel d'Oro te Pavia, dat ek it lêste rêstplak fan 'e ferneamde Augustinus fan Hippo is. Koarte tiid nei Boëtius syn dea liet Teodoarik ek syn pleechheit Symmachus eksekutearje, mei't dy derfan fertocht waard dat er mei Boëtius gearspand hie. Sawol de Roomsk-Katolike as de Eastersk-Otterdokse Tsjerke erkende Boëtius neitiid as hillige, en syn feestdei falt op 23 oktober.
Boëtius as wittenskipper
bewurkje seksjeOersetter fan Plato en Aristoteles
bewurkje seksjeBoëtius wie dwaande mei in folsleine oersetting fan it oeuvre Plato en Aristoteles fan it Aldgryksk nei it Latyn, mar syn ûntidige dea makke dêr in ein oan. Yn 'e Midsiuwen wied er benammen bekend troch syn oersettings fan Aristoteles syn wurken oangeande logika en om syn eigen wiskundige ferhannelings. De oan Aristoteles ûntliende, mar fia de oersettings fan Boëtius trochjûne omskriuwing fan 'e natuer fan 'e minske: persona est rationalis naturae individua substantia (de minske is in yndividuële substânsje mei in rasjoneel aard) waard by de ein fan 'e universaliëstriid troch alle filosofen ienstimmich beliden. Syn treflike kennis fan 'e prekristlike en neoplatoanyske filosofy makke Boëtius lykwols by in protte kristenen út syn eigen en letter tiid fertocht, as soed er temûk it heidendom beliden hawwe (wat nei alle gedachten net sa wie).
Muzyk
bewurkje seksjeBoëtius wie ek in bekende muzykteoretikus. Hy skreau "De Institutione Musica", in hânboek dat oant yn 'e sechstjinde iuw brûkt waard as standertwurk foar 'e musikology. Dat wurk wie in diel fan syn "Quadrivium"-rige en ferparte de stúdzje fan muzyk yn trije kategoryen. "De Institutione Musica" wie ien fan 'e earste muzikale wurken dy't printe waard. It wie in learboek dat foar it earst yn Feneesje yn it jier 1491 of 1492 yn print ferskynde, en der binne fiif dielen fan oerlevere. Fan it fyfde diel binne lykwols net alle haadstikken bewarre bleaun; mooglik wiene der oarspronklik ek noch in sechsde en in sânde boek.
De Fertreasting fan de Filosofy
bewurkje seksjeSyn wurk De Consolatione Philosophiae ("De Fertreasting fan de Filosofy", of "Oer de Fertreasting fan de Wiisbegearte") is troch Boëtius nei alle gedachten yn it tichthûs skreaun yn ôfwachting fan syn terjochtstelling. Dat boek, dêr't proaza en poëzij inoar yn ôfwikselje, soe sa'n tûzen jier lang in tige grutte ynfloed útoefenje op it Midsiuwske tinken mei begripen as 'fortún' (fortuna) en 'de foarsjennichheid' (providentio). Fan dat lêste begryp lei Boëtius wiidweidich út dat it net itselde is as predestinaasje.
Wurk
bewurkje seksje- oer wiskunde
- ±500-506 – De Arithmetica ("Oer Rekkenkunde", in oanpaste oersetting fan Introductionis Arithmeticae, fan Nikomachus fan Gerasa)
- >506 – De Institutione Musica ("Oer Muzyk", basearre op 'e Harmonica, fan Ptolemeus en op in ferlern gien wurk fan Nikomachus fan Gerasa)
- ±510 – In Categorias Aristotelis (nei Categoriae, fan Aristoteles)
- 5?? – mooglik in traktaat oer geometry, dêr't lykwols mar in fragmint fan oerlevere is
- oer logika
- oersettings
- 5?? – Dialogi in Porphyrium a Victorini Translati (nei Isagoge, fan Porfyrius)
- 5?? – Interpretatio Priorum Analyticorum (2 ferzjes, nei Analytica Priora, fan Aristoteles)
- 5?? – Interpretatio Topicorum Aristotelis (nei Topica, fan Aristoteles)
- 5?? – Interpretatio Elenchorum Sophisticorum Aristotelis (nei De Sophisticis Elenchis, fan Aristoteles)
- oer logika
- kommentaren
- ±505-509 – In Isagogen Porphyrii Commenta (2 kommentaren op Isagoge, fan Porfyrius, wêrfan ien basearre op 'e oersetting fan Marius Viktorinus en de oare op Boëtius syn eigen oersetting)
- ±510 – In Categorias Aristotelis (kommentaar op Categoriae, fan Aristoteles)
- ±513-516 – In Librum Aristotelis de Interpretatione Commentaria Majora (kommentaar op it wurk fan Aristoteles)
- ±520-523 – Scholia in Aristotelis Analytica Priora (oersettings fan oare Grykske kommentaren op Aristoteles)
- 5?? – Commentaria in Topica Ciceronis (in kommentaar op it wurk fan Sisero; ûnfolslein, mei't de ein fan boek VI en it hiele boek VII misse)
- traktaten (folslein fan Boëtius syn eigen hân)
- 505-506 – De Syllogismo Cathegorico
- 515-520 – De Divisione
- ±520-521 – Opuscola Sacra (teologyske traktaten)
- De Trinitate
- Utrum Pater et Filius en Spiritus Sanctus de Divinitate Substantialiter Praedicentur
- Quomodo Substantiae in Eo Quod Sint Bonae Sint cum Non Sint Substantialia
- De Fide Catholica
- Contra Eutychen et Nestorium
- ±522-523 – De Topicis Differentiis
- ±523 – Introductio ad Syllogismos Cathegoricos
- 523-524 – De Consolatione Philosophiae
- 5?? – De Hypotheticis Syllogismus
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) De Latynske tekst fan De Consolatione Philosophiae
- (in) It wurk fan Boëtius op 'e side fan Project Gutenberg
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further readin, op dizze side.
|