Petroanius Maksimus

Petroanius Maksimus (likernôch 396 - 31 maaie 455) wie keizer fan it West-Romeinske Ryk fan 17 maart oant 22 maaie 455.

Solidus fan Petroanius Maksimus

Petroanius Maksimus wie in ferneamd boarger fan Rome dêr't grutte achting foar wie by de minsken. Hy die in protte ambten, ûnder oaren as konsul en senator, syn lege ôfkomst wie lykwols net fan belang. Mar hy wie net bysûnder populêr by it Romeinske folk lykas generaal Aetius, de magister militum fan it Romeinske leger generaal dy't Attila de Hun ferslein hie. Derom besocht er (mei súkses) keizer Falentinianus III sa fier te krijen om Aetius te fermoardzjen.

Doe't Aetius dea wie, woe Maksimus in hegere posysje ha. Falentinianus wegere dêr oan mei te wurkjen. Petroanius Maksimus wie hjir bysûnder lilk oer, en guont sizze dat hy de persoan wie dy't opdracht joech om Falentinianus op 16 maart 455 te fermoardzjen. De folgjende dei grypte Maksimus de macht en waard keizer. Dêr koe er net lang fan profitearje. Eudoksia, de frou fan Falentinianus, dy't er twongen hie mei him te trouwen, frege de Fandalekening Geiserik om help. Op 22 maaie 455 foelen de Fandalen Rome yn en wylst hja de stêd plonderen waard Maksimus fermoarde troch syn eigen soldaten, doe't er besocht te flechtsjen.

Keppeling om utens

bewurkje seksje