Falentinianus III

Falentinianus III (Latyn: Flavius Placidus Valentinianus; 2 july 419, Ravenna - 16 maart 455, Rome), wie keizer fan it West-Romeinske Ryk fan 425 oant 455.

Solidus fan Falentinianus III.

Falentinianus wie de soan fan fjildhear en letter keizer Konstantius III en Galla Plasidia, de suster fan keizer Honorius en dochter fan East-Romeinske keizer Teodosius I. Hy wie de lêste keizer dy't regearde oer in westlik ryk dat foar it grutstepart noch yntakt wie.

Skiednis bewurkje seksje

Falentinianus wie noch mar seis 6 jier âld doe't hy ta keizer kroand waard as ferfanger foar usurpator Iohannes. Syn taken as keizer waarden oernommen troch syn mem. Yn 437 boaske er mei Lisinia Eudoksia, de dochter fan East-Romeinske keizer Teodosius II. Alhoewol't hy doe mûnich wurden wie, hie er noch hieltyd net folle mei it ryk te krijen. De oerbefelhawwer fan it leger, magister militum Aetius, hie lykwols wol in protte macht. Falentinianus waard beskreaun as in ferdoarn jonkje dat ûnder ynfloed stie fan stjerrewikkers en tsjoenders en dy't wierskynlik net folle sin of kunde hie om te regearen. Hy soarge der as fanatyk kristen wol foar dat de paus folle mear macht krige.

 
Jeropa, likernôch 450.

Fieders is bekend dat ûnder syn regear it Romeinske ryk hurd tebek rûn; in tal wichtige provinsjes waard nammentlik troch barbaren ferovere: Afrika, wichtich foar de nôtfoarsjenning fan it ryk, gong ferlern oan de Fandalen, yn Hispanje waard in grut gebiet ferovere troch de Sueven, Galje kaam hieltyd mear yn besit fan de Franken, Fisigoaten en Boergonden en it Romeinske leger luts foarfêst fuort fan it Britske eilân Brittanje. Wol slagge generaal Aetius ûnder syn hearskippij, yn 451, deryn om de Hunnen tsjin te hâlden.

Yn 454 hat Falentinianus Aetius fermoardzje litten, mooglik om mear macht nei him ta te kinne lûken. It barde yn alle gefallen op inisjatyf fan Petronius Maksimus, in rike patrysjer dy't sels mear macht hawwe woe. In jier letter waard Falentinianus it slachtoffer fan in oanslach. Hy waard fermoarde troch eardere troepen fan Aetius, al wienen dy nei alle gedachten ynhierd troch Petronius Maksimus. Petronius Maksimus soe syn opfolger wurde.

Keppeling om utens bewurkje seksje