List fan Romeinske keizers
De Romeinske keizers wienen de hearskers fan it Romeinske Ryk fan 27 f.Kr. oant, yn it westen, likernôch 476. Formeel wie harren funksje dy fan prinseps, mar dêrmei kombinearre wienen ferskate oare funksjes dy't harren byelkoar de macht fan in keizer joegen. Der wie lykwols ien ferskil mei dy funksje: Om't it erflike, keningsskip fan Rome ta grutte swierrichheden laat hie, wie dizze nije foarm fan de prinseps-funksje net erflik.
It prinsipaat
bewurkje seksjeBegjin fan it Keizerryk
bewurkje seksjeJulius Caesar hie foar syn dea de macht oer it Romeinske Ryk yn syn persoan ferienige. Dêrta wie er lykwols ta diktator beneamd, wat it normale funksjonearjen fan de republyk stopsette. Hjirút kaam in protte wjerstân fuort, wat úteinlik late ta syn dea. Syn adoptyf soan, Augustus Oktavianus joech yn 27 f.Kr. in nije ynfolling oan it prinsipaat, wêrtroch't er deselde macht yn ien persoan ferienigje koe sûnder de organen fan de republyk alle macht ôf te nimmen. Hy waard
- Prinseps - earste fan de senaat
- Augustus - ferheven bestjoerder
- Tribún - korrektor fan it regear, hoewol't er net dy titel hie, om't er dy formeel net hawwe koe
- Imperium maius - oerbefelhawwer
- Pontifeks maksimus - oerpreester
Augustus sels lei klam op syn funksje fan prinseps en op it doel it ryk byelkoar te hâlden. Troch syn opfolger en adoptyf soan Tibearius waard de kombinaasje fan machten lykwols ta in fêste funksje makke, ûnôfhinklik fan de omstannichheden.
Under de opfolgers begûn it keizerryk stadichoan hieltyd mear op in monargy te lykjen, al bleau yn teory de keizer in amtner fan de Res Publica (republyk; letterlik: "saak fan de steat", steatssaken). De keizer koe nammentlik de titel fan kening (rex) net drage, omdat sûnt iuwen in taboe op dizze funksje rêste, troch de ûntspoaring dy't plak fûn hie ûnder de lêste kening Tarquinius Superbus. It ûntbrekken fan in dynastike tradysje wie in swakke skeakel yn it systeem, omdat de opfolging net offisjeel regele wie. Yn it begjin soarge de sittende keizer troch adopsje foar in folwoeksen - en hooplik - betûft opfolger. Letter gong de opfolging faak troch moard op de keizer en it útroppen fan in nije troch it leger. Earst yn de 4e iuw waard it keizerskip erflik mei bern op de troan wylst it regear waarnomd waard troch in regint.
Ein fan it West-Romeinske Diel
bewurkje seksjeYn de tiid fan Romulus Augustulus wie fan it westlik diel fan it keizerryk allinnich noch Itaalje, in stik fan Joegoslaavje en in lyts stikje fan Galje oer. Dizze keizer hat net langer as 10 moannen regearre, wierskynlik oant 4 septimber 476. Op dy datum, of mooglik koart dêrnei, waard hy oan de kant set troch Odoaker, lieder fan de opstannige Germaanske troepen, dy't himsels kening fan de Germanen yn Itaalje neamde, ûnder it (teoretyske) keizerskip fan it easten. Sadwaande wurdt it jier 476 yn it generaal beskôge as de ein fan it West-Romeinske keizerskip. It teoretyske net opdielde keizerskip fan de east-Romeinske keizers oer it hiele Romeinske ryk bleau yn stân oant Karel de Grutte troch Konstantinopel, lykwols mei tsjinsin, erkend waard as nije 'Keizer fan het Westen'. Dat 'wernijde West-Romeinske Ryk' gie de skiednis yn as it 'Hillige Roomske Ryk'.
List mei Keizers fan Rome
bewurkje seksjeDizze list is opdield neffens dynastyen en wichtige kearpunten.
Julysk-Klaudyske dynasty
bewurkje seksjeFjouwerkeizerjier
bewurkje seksjeFlavyske dynasty
bewurkje seksjeAdoptyfkeizers & Antonynske dynasty
bewurkje seksje- Markus Kokseius Nerva 96-98
- Trajanus 98-117
- Hadrianus 117-138
- Antoninus Pius 138-161
- Markus Aurelius 161-180
- Kommodus (177)/180-192
Boargeroarloch fan 193-197
bewurkje seksje- Pertinaks 193 (31 desimber 192-28 maart 193)
- Didius Julianus 193 (28 maart-2 juny)
- (ûnder Septimius Sevearus)
- Pessennius Niger 193-194 (yn it eastlik diel, as rivaal)
- Klodius Albinus 195-197 (yn Britannia, as rivaal)
Sevearyske dynasty
bewurkje seksje- Septimius Sevearus 193-211
- Karakalla 211-217
- Makrinus 217-218
- mei-keizer Diadumenianus 218
- Elagabalus 218-222
- Sevearus Aleksander 222-235
Romeinske krisis fan de 3e iuw
bewurkje seksje- Maksiminus de Traasjer 235-238
- Gordianus I 238
- mei-keizer Gordianus II 238
- Pupiënus 238
- Gordianus III 238-244
- Filippus de Arabier 244-249
- mei-keizer Filippus II 247-249
- Pakatianus de usurpator 248-249
- Iotapianus de usurpator 248-249
- Silbannakus de usurpator 249?
- Desius 249-251
- Priskus de usurpator 249-250
- mei-keizer Herennius Etruskus 251
- Trebonianus Gallus 251-253
- mei-keizer Hostilianus 251
- mei-keizer Folusianus 251-253
- Aemilianus 253
- Falerianus 253-260
- Galliënus (253)/260-268
- mei-keizer Saloninus 260
- Ingenuus de usurpator 260
- Regalianus de usurpator 260
- Makrianus Major, Makrianus Minor en Quietus 260-261 de usurpators fan it easten
Separatistyske riken
bewurkje seksje- Gallo-Romeinske Ryk
- Postumus 260-269
- Marius 269
- Fiktorinus 269-271
- Domitianus (usurpator) 271?
- Tetrikus I 271-274
- Tetrikus II 274 (wie Caesar 273-274, mooglik Augustus yn 274)
Werstel fan de Romeinske krisis fan 'e 3e iuw
bewurkje seksje- Klaudius Goatikus 268-270
- Kwintillus 270
- Aurelianus 270-275
- Tasitus 275-276
- Florianus 276
- Probus 276-282
- Karus 282-283
- Karinus 283-285
- mei-keizer Numerianus 283-284
- Julianus I 284-285 de usurpator
- Diokletianus 284-305
- Maksimianus (mei-keizer, West) 286-305
- Konstantius Kloarus 305-306
- Galearius (mei-keizer, East) 305-306/(311)
- Sevearus II (mei-keizer, West) 306-307
- Maksintius (usurpator) 306-312 en Maksimianus (op 'e nij, no as usurpator) 306-308
- Konstantyn de Grutte 308-324 (324-337 ryk werienige)
- Galearius (mei-keizer, East) (305)/308-311
- Maksiminus Daia (mei-keizer, East) 310-313
- Lisinius (mei-keizer, East) 308-324 mei Falens 316-317 en Martinianus 324
- Domitius Aleksander (usurpator Afrika) 308-311
- Maksimianus (nochris, wer as usurpator) 310
Dynasty fan Konstantyn
bewurkje seksje- Konstantyn de Grutte (308)/324-337
- Konstantyn II 337-361
- mei-keizer Konstantyn II 337-340
- mei-keizer Konstâns I 337-350
- Magnentius de usurpator 350-353
- Silvanus 355
- Fetranio en Nepotianus 350, opstannelings tsjin Magnentius
- Julianus Apostata 360-363 fan 361 ôf wer byinoar brocht ryk
Ein fan 'e Konstantinyske dynasty
bewurkje seksjeDynasty fan Falentinianus
bewurkje seksjeDynasty fan Teodosius
bewurkje seksje- Teodoasius de Grutte (379)/392-395
Keizers fan 't West-Romeinske Ryk
bewurkje seksjeDynasty fan Teodosius
bewurkje seksje- Honoarius (393)/395-423
- Konstantyn III 407-411 en Konstans II 409-411 de usurpators
- Priskus Attalus (usurpator út namme fan de Fisigoaten) 409-410 en 414-415
- Maksimus fan Hispania de usurpator yn Spanje 409-422?
- Jovinus 411-413 en Sebastianus 412-413 de usurpators; neifolger fan Konstantyn III
- ko-keizer Konstantius III 421
- Jehannes (usurpator) 423-425
- Falentinianus III 425-455
Ein fan Teodosius-dynasty
bewurkje seksje- Interregnum fan 18 moannen -
- Antemius 467-472
- Olybrius 472
- Glysearius 473-474
- Julius Nepos 474-480
- Romulus Augustulus 475-476 de usurpator