Tetrargy
De tetrarchy is in term út de Romeinske tiid en hâlde yn dat it bewâld oer it hiele Romeinske ryk troch fjouwer persoanen droegen waard. Dy foarm fan regearjen waard troch keizer Diokletianus ynsteld en duorre fan 285 oant 313.
Untstean en ein
bewurkje seksjeAl gau nei syn beneaming as keizer yn 284, belûkt Diokletianus Maksimianus by it regear, ynearsten as Caesar, letter as mei-keizer. Fan 285 ôf waard it Romeinske Ryk yn twa besjoerlike helten ferparte. Maksimianus krige de ferantwurdlikheid oer it westlik part, wylst it eastlik part ûnder it gesach fan Diokletianus bleau.
Yn 293 waard it Keizerryk op 'e nij organisearre ta fjouwer bestjoerlike dielen dy't ek wer ûnderferparte waarden yn 12 diosesen en 101 provinsjes. De fjouwer dielen waarden bestjoerd troch respektivelik in keizer, Diokletianus (Augustus Senior), in meikeizer, Maksimianus (Augustus Junior), en twa Caesars: Konstantius Klorus Caesar Senior en Galerius, Caesar Junior. As gefolch fan de nije struktuer wie Rome net langer it sintrum fan it Ryk, omdat it bestjoer no festige wie yn fjouwer haadstêden:
- Nikomedia: wichtichste haadstêd setel fan it betsjoer fan Diokletianus
- Tessaloniky: setel fan Galerius
- Trier: setel fan Konstantius I 'Klorus'
- Milaan: setel van Maximianus
Yn 305 komt der in ein oan de Earste Tetrarchy. De twa keizers loeken har werom en de twa Caesars waarden de nije keizers. Der komme twa nije Caesars foar har yn it plak. De twadde Tetrarchy wurdt ynsteld ûnder lieding fan keizer Konstantius Klorus. As dy keizer it jier derop komt te ferstjerren wurdt op 11 novimber 308 de Tredde Tetrarchy ynsteld tidens de Konferinsje fan Karnuntum, diskear ûnder lieding fan Galerius. Mei syn dea yn 311 komt ek in ein oan dizze bestjoersfoarm yn it Romeinske ryk.
Nei de Tredde Tetrarchy foel it keizerryk útien yn twa parten. De westlike helte wie fan Konstantyn de Grutte en it easten fan Lisinius. Dy twa keizers hienen gauris spul en lang om let krige Konstantyn de Grutte yn 324 de oerhân en waard allinnich hearsker.
Tiidrekken
bewurkje seksjeUnder de Tetrarchy wienen de wichtichste tiidrekken:
- Diokletianus 285-305
- Ferdieling East en West 285-293
- Diokletianus 285-286 (Augustus); 286-293 (Augustus Senior) - Eastlik diel
- Maksimianus (Caesar) 285-286; (Augustus Junior) 286-293 - Westlik diel
- Earste Tetrarchy 293-305
- Diokletianus (Augustus Senior) - Aazje
- Maksimianus (Augustus Junior) - Sintraal/East-Jeropa
- Konstantius Kloarus (Caesar Senior) - West-Jeropa
- Galearius (Caesar Junior) - Sintraal/East-Europa
- Konstantius Kloarus 305-306
- Konstantius Kloarus (Augustus Senior) 305-306 - West-Jeropa
- Galearius (Augustus Junior) 305-306 - Aazje
- Sevearus II (Caesar Senior) 305-306 - Sintraal/East-Jeropa
- Maksiminus Daia (Caesar Junior) - Aazje
- Galearius 306-311
- Galearius (Augustus Senior) 306-311 - Aazje
- Sevearus II (Augustus Junior) 306-307 - Sentraal-Jeropa
- Maksiminus Daia (Caesar Senior) 306-310; (Augustus) sûnt 310 - Aazje
- Konstantyn de Grutte (Caesar Junior) 306-310; (Augustus) sûnt 310 - West-Jeropa
- Lisinius (Augustus Junior) sûnt 308 - Sintraal-Jeropa
- Maksentius (usurpator) 306-312 - Sintraal-Jeropa
- Maksimianus (usurpator) 307-308 - Sintraal-Jeropa