Trier (Frânsk: Trèves, Latyn: Augusta Treverorum) is de âldste stêd fan Dútslân. Stedsdistrikt (kreisfreie Stadt) Trier leit op de rjochterouwer fan de Mûzel en hat sa'n 105.000 ynwenners.

Trier
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
Sifers
Ynwennertal 110.570 (2021)
Oerflak 117,06 km²
Befolkingsticht. 945 ynw./km²
Hichte 136 m
Oar
Postkoade 54290, 54292, 54293
54294, 54295, 54296
Koördinaten 49° 45' N 6° 38' E
Offisjele webside
www.trier.de
Kaart
Trier (Rynlân-Palts)
Trier

De opdracht ta de bou fan de stêd waard jûn troch de Romeinske keizer Augustus yn 16 f.Kr. De stêd hiet yn it earstoan Augusta Treverorum en wie bedoeld as haadstêd fan de Romeinske provinsje Belgica Prima. In skoftlang wie Trier de haadstêd fan it hiele West-Romeinske Ryk.

Noardkant fan de Porta Nigra

In bekend histoarysk monumint yn de stêd is de 2e-iuwske Porta Nigra, de bêst bewarre Romeinske stedspoarte benoarden de Alpen. Der binne noch ferskate oare monuminten út de Romeinske tiid, bygelyks de Kaisertermen, de Barbaratermen en it amfiteater. Ek út lettere perioades hat Trier in soad fraaie monuminten, wêrûnder de bekende 11e- oant 18e-iuwske Dom wêrfan de bou al yn de 4e iuw begûn, en in soad oare tsjerken. Troch har rike ferline har moaie lizzing yn it Moezeldal is Trier in drok toeristeplak wurden.

Trier is in sintrum fan wynhannel en hat in wichtige funksje as winkelsintrum foar in grutte regio. Trier is ek bekend as berteplak fan Karl Marx. Syn bertehûs is no ynrjochte as museum: it Karl Marx-hûs.

Op it Rote Haus oan 'e Grutte Merk fan Trier sit de ynskripsje: Ante Romam Treveris Stetit Annis Mille Trecentis (Foar Rome bestie Trier al trettjinhûndert jier). Dit is sûnder mis in myte, dy't yn de midsiuwen ûntstien is, maar dochs. Yn it dal fan de Mûzel bestienen al 3000 jaar f.Kr. minsklike delsettings en Trier kin mei rjocht ien fan de âldste stêden benoarden de Alpen neamd wurde.

Fan 27 f.- oant 14 nei Kr. wie Augustus keizer fan it Romeinske Ryk. Omtrint 16 f.Kr. waard troch de Romeinen in de buert fan it Keltyske stamhillichdom Treviren de delsetting Augusta Treverorum stifte. Oan 'e ein fan de 3e iuw ferhefte keizer Diokletianus de stêd, dy't wyls Treveris neamd waard ta Romeinske keizerlike residinsje en ta haadstêd fan it westlike diel fan it Romeinske ryk. De stêd krige de bynamme “Roma Secunda”, it twadde Rome.
Ek oan de ein fan de 3e iuw ûntwikkele him dêr in sintrum fan it iere kristendom.

Yn 'e 5e iuw waard Trier troch de Franken ferovere. Yn 870 komt it by it Eastfrankysk-Dútske Ryk.
Yn 958 waard mei it setten fan it merkkrús de hjoeddeiske Grutte Merk (Hauptmarkt) it sintrum fan de midsiuwske stêd.
Yn de 14e iuw waarden de Trierske aartsbiskoppen ek karfoarst. Trier waard de haadstêd fan it karfoarstendom, ek Kar-Trier neamd, oant ± 1800. Trier kaam koarte tiid yn Frânske hannen, mar yn 1815 waard it wer Dútsk en kaam it by Prusen.

It besjen wurdich

bewurkje seksje

De Grutte Merk

bewurkje seksje

De Grutte Merk (Hauptmarkt) fan Trier heart ta de moaiste stedspleinen (innerstädtische Plätze) fan Dútslân. Op het plein stiet it Merkkrús, dat út 958 stamt en dat it symboal wie fan it krijen fan merkrjochten. Oan it plein stean moaie gevels yn ferskate stilen. It gehiel wurdt dominearre troch de yn 1459 wijde Sint-Gangolftsjerke.

Basilyk fan Konstantyn

bewurkje seksje

De basilica, of sa't se eartiids neamd waard de Aula Palatina, is in út bakstien oplutsen gebou, dat nei alle gedachten om 310 hinne boud is yn de regearperioade fan Konstantyn de Grutte. It wie in kroanseal fan it paleis fan Konstantyn.

De St. Petersdom

bewurkje seksje

De Dom fan Trier is boud fanwege de Romeinske keizer Konstantyn (306-337), dêr't yn 326 mei de bou dêrfan útein set waard.

Amfiteater Trier

bewurkje seksje

In Trier is in Romeinsk amfiteater. It is om it jier 100 hinne boud tsjin de helling fan de Petrisberch. De arena hie sa'n 20.000 sitplakken. It kompleks is omjûn troch in ferdigeningsmuorre. De grutte iepenings wienen bedoeld om de koaien mei bisten trochlitte te kinnen. Yn de kelder ûnder de arena sieten de sellen foar de ta dea feroardielde finzenen en de bistehokken. De finzenen waarden yn de arena oan de earst úthongere wylde bisten fuorre. De kelder is op 't heden (2008) te besjen. Yn de arena sels wurde simmerdeis iepenloftfoarstelings jûn. It amfiteater stiet op de Wrâlderfgoedlist fan de UNESCO.

De Porta Nigra is in poarte yn de Romeinske stedsmuorre fan Trier. De Porta Nigra is makke fan sânstien dat yn de rin fan de iuwen, ûnder ynfloed fan it waar ferkleure. Fandêr de namme: Porta (poarte) Nigra (swart).

Berne yn Trier

bewurkje seksje

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Trier fan Wikimedia Commons.
  Rynlân-Palts  
Regierungsbezirke

Koblenz - Trier - Rynhessen-Palts

Landkreise

Ahrweiler - Altenkirchen - Alzey-Worms - Bad Dürkheim - Bad Kreuznach - Bernkastel-Wittlich - Birkenfeld - Cochem-Zell - Donnersbergkreis - Eifelkreis Bitburg-Prüm - Germersheim - Kaiserslautern - Kusel - Mainz-Bingen - Mayen-Koblenz - Neuwied - Rhein-Hunsrück-Kreis - Rhein-Lahn-Kreis - Rhein-Pfalz-Kreis - Südliche Weinstraße - Südwestpfalz - Trier-Saarburg - Vulkaneifel - Westerwaldkreis

Kreisfreie Städte

Frankenthal - Kaiserslautern - Koblenz - Landau - Ludwigshafen - Mainz - Neustadt (Weinstraße) - Pirmasens - Spiers - Trier - Worms - Zweibrücken

  ·   ·