Rhein-Pfalz-Kreis
De Rhein-Pfalz-Kring (oant 31 desimber 2003 Landkreis Ludwigshafen) is in lânkring yn it súdeasten fan it Dútske bûnslân Rynlân-Palts yn de metropoalregio Rhein-Neckar. It bestjoer hat syn sit yn de kringfrije stêd Ludwigshafen am Rhein, dy't fierder gjin diel útmakket fan de lânkring. De ferbânsfrije stêd Schifferstadt is it grutste plak wat ynwennertal oanbelanget.
Landkreis Südliche Weinstraße | |
---|---|
flagge | wapen |
polityk | |
soarte gebiet | Lânkring |
lân | Dútslân |
bûnslân | Rynlân-Palts |
grutste plak | Schifferstadt |
tal gemeenten | 25 |
kenteken | RP |
Kreisschlüssel | 07 3 38 |
sifers | |
ynwennertal | 154.609 (2019) |
oerflak | 304,92 km² |
befolkingstichtens | 507 / km² |
oar | |
stifting | 1969 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
koördinaten | 49°25′ N 8°22′ E |
webside | rhein-pfalz-kreis.de |
Geografy
bewurkje seksjeDe Rhein-Pfalz-Kreis leit yn it Boppe-Rynske leechlân. De lizzing yn de metropoalregio Ryn-Neckar mei in soad oanbuorjende kringfrije stêden en de lokaasje oan de Ryn makket dat de Rhein-Pfalz-Kreis oan in soad ferskillende distrikten grinzget, dy't yn trije ferskillende bûnslannen lizze. Yn it bûnslân Rynlân-Palts grinzget de lânkring oan de stêd Worms, Frankenthal, Ludwigshafen am Rhein, Speyer, de lânkringen Germersheim en Südliche Weinstraße, Neustadt an der Weinstraße en Bad Dürkheim.
Yn it easten foarmet de Ryn de grins fan de Rhein-Pfalz-Kreis mei de dielsteaten Hessen en Baden-Württemberg. In útsûndering is it Kollereilân op de loftse kant fan de Ryn, dat by Baden-Württemberg heart. Begjinnend yn it noarden grinzget de lânkring oan de kring Bergstraße (yn Hessen), de stêdkring Mannheim, de Rhein-Neckar-Kreis en de lânkring Karlsruhe (allegear yn Baden-Württemberg).
Stêden en gemeenten
bewurkje seksjeFerbânsfrije gemeenten
bewurkje seksje(Ynwennertallen op 31 desimber 2019)
Bobenheim-Roxheim | 10.096 ynwenners | 20.5 km² | ||
Böhl-Iggelheim | 10.394 ynwenners | 32.8 km² | ||
Limburgerhof | 11.461 ynwenners | 9 km² | ||
Mutterstadt | 12.844 ynwenners | 20.5 km² | ||
Stadt Schifferstadt | 20.412 ynwenners | 28 km² |
Ferbânsgemeenten
bewurkje seksjeVerbandsgemeinde Dannstadt- Schauernheim |
13.573 ynwenners | 33.2 km² | |||
Dannstadt- Schauernheim * |
7.448 ynwenners | 15.3 km² | |||
Hochdorf- Assenheim |
3.212 ynwenners | 9.7 km² | |||
Rödersheim- Gronau |
2.913 ynwenners | 8.2 km² | |||
Verbandsgemeinde Lambsheim-Heßheim |
17.000 ynwenners | 37.68 km² | |||
Beindersheim | 3.335 ynwenners | 5.7 km² | |||
Großniedesheim | 1.309 ynwenners | 3.8 km² | |||
Heßheim | 3.147 ynwenners | 5.8 km² | |||
Heuchelheim bei Frankenthal |
1.281 ynwenners | 5.8 km² | |||
Kleinniedesheim | 946 ynwenners | 3.9 km² | |||
Lambsheim * | 6.982 ynwenners | 12.8 km² | |||
Verbandsgemeinde Maxdorf |
12.935 ynwenners | 16.9 km² | |||
Birkenheide | 3.192 ynwenners | 2.9 km² | |||
Fußgönheim | 2.593 ynwenners | 6.7 km² | |||
Maxdorf * | 7.150 ynwenners | 7.4 km² | |||
Verbandsgemeinde Rheinauen |
24.263 ynwenners | 51.28 km² | |||
Altrip | 7.709 ynwenners | 10.5 km² | |||
Neuhofen | 7.194 ynwenners | 12.3 km² | |||
Otterstadt | 3.475 ynwenners | 15.6 km² | |||
Waldsee * | 5.885 ynwenners | 12.9 km² | |||
Verbandsgemeinde Römerberg-Dudenhofen |
21.631 ynwenners | 54.98 km² | |||
Dudenhofen * | 6.061 ynwenners | 13 km² | |||
Hanhofen | 2.576 ynwenners | 5.8 km² | |||
Harthausen | 3.118 ynwenners | 8.4 km² | |||
Römerberg | 9.876 ynwenners | 27.9 km² |
* sit fan de ferbânsgemeente
Keppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Rhein-Pfalz-Kreis fan Wikimedia Commons. |
Rynlân-Palts | ||
---|---|---|
Regierungsbezirke | ||
Landkreise Ahrweiler - Altenkirchen - Alzey-Worms - Bad Dürkheim - Bad Kreuznach - Bernkastel-Wittlich - Birkenfeld - Cochem-Zell - Donnersbergkreis - Eifelkreis Bitburg-Prüm - Germersheim - Kaiserslautern - Kusel - Mainz-Bingen - Mayen-Koblenz - Neuwied - Rhein-Hunsrück-Kreis - Rhein-Lahn-Kreis - Rhein-Pfalz-Kreis - Südliche Weinstraße - Südwestpfalz - Trier-Saarburg - Vulkaneifel - Westerwaldkreis | ||
Kreisfreie Städte Frankenthal - Kaiserslautern - Koblenz - Landau - Ludwigshafen - Mainz - Neustadt (Weinstraße) - Pirmasens - Spiers - Trier - Worms - Zweibrücken | ||
· · |