Schifferstadt
Schifferstadt is in ferbânsfrije stêd yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts en makket diel út fan 'e Jeropeeske metropoalregio Ryn-Neckar.
Schifferstadt | ||
Histoarysk riedshûs. | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Rynlân-Palts | |
lânkring | Rhein-Pfalz-Kreis | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 20.615 (31.12.2022)[1] | |
Oerflak | 28,06 km² | |
Befolkingsticht. | 735 ynw./km² | |
Hichte | 104 m boppe seenivo | |
Oar | ||
Postkoade | 67105 | |
Koördinaten | 49° 23' N 8° 22' E | |
Offisjele webside | ||
www.schifferstadt.de | ||
Kaart | ||
Geografy
bewurkje seksjeSchifferstadt leit 93 oant 103 m boppe seenivo yn 'e Jeropeeske metropoalregio Ryn-Neckar, dy't likernôch 2,5 miljoen ynwenners telt. East fan 'e stêd leit it Odenwâld en west it Paltswâld. It lânskip om 'e stêd wurdt karakterisearre troch fjild, greide en bosk. Tichteby leit it streamgebiet fan 'e Ryn. Troch Schifferstadt streamt de Rehbach, dy't yn 'e Ryn útmûnet. It stedsgebiet hat in oerflak fan sawat 6,77 km².
Schifferstadt leit wat ferkear oangiet geunstich mei in oansluting op 'e A61. De stêd leit likernôch 12 km súdwest fan Ludwigshafen en 6 km noardwest fan Spiers.
Skiednis
bewurkje seksjeDe âldst dokumintearre plaknamme Sciffestad datearret fan 868. Yn 977 (of 987) wie it Skeferstat en yn 1035 Sciferstat. It wurd scif of scef betsjut yn it Aldheechdútsk skip. Dêrom wurdt der troch guon tocht dat de namme fan 'e stêd te meitsjen hat mei it ferkear eartiids fan flotten op 'e Rehbach. In oare ferklearring is dat namme fan 'e stêd ôflaat is fan 'e persoansnamme Skifheri of Skiffo.
Yn 1835 waard by fjildwurk yn 'e omkriten fan Schifferstadt de Gouden Hoed fan Schifferstadt fûn, de âldste fan 'e fjouwer bekende huodden fan dy soarte. De Gouden Hoed fan Schifferstadt wurdt op 1400-1300 f.Kr. datearre en is yn it Histoarysk Museum fan 'e Palts yn Spiers te sjen. In replika wurdt yn it Heimatmuseum fan Schifferstadt toant.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|