Rynlân-Palts
Rynlân-Palts (Dútsk: Rheinland-Pfalz) is ien fan de 16 Bundesländer (federale steaten) fan Dútslân. It is 19,846 km² grut en hat likernôch fjouwer miljoen ynwenners. De haadstêd is Mainz. Rynlân-Palts waard oprjochte yn 1946 as de Rynpalts (Rheinpfalz); de namme 'Rynlân-Palts' waard yn 1947 ynfierd.
Rynlân-Palts | |
---|---|
Flagge | Wapen |
![]() |
![]() |
Lokaasje yn Dútslân | |
![]() | |
Basisgegevens | |
Haadstêd | Mainz |
Oerflakte | 19.853,44 km² |
Befolking | 4.042.860 (31 desimber 2006) |
Befolkingstichtens | 205 ynw./km² |
Distrikten | |
![]() |
GeografyBewurkje
De Rynlân-Palts grinzet oan Noardryn-Westfalen, Hessen, Baden-Wuertemberch, Frankryk, Saarlân, Lúksemboarch en Belgje.
De Ryn rivier is in wichtich part fan it lânskip, it foarmet in natoerlike grins mei Baden-Wuertemberch en Hessen en streamt fierder troch it noarden fan de Rynlân-Palts. Oan beide siden fan de Ryn binne geberchtes mei in protte histoaryske plakken.
Yn it noarden binne lofts fan de Ryn it Eifel en Hûnsrêch geberchte, en rjochts fan de Ryn leit it Westerwâld en Taunusberchte. It gloaiende lânskip mei syn boskgebiet yn it suden wurdt ek wol it Paltser Wâld neamd.
De twadde yn grutte is de wichtige rivier de Mosel. By de Mosel en benammen yn it súd-easten binne wynfjilden, de wynfjilden yn it súd-easten wurde meiïnoar ek wol de Dútske-wynstrjitte neamd.
Bestjoerlike yndielingBewurkje
De Rynlân-Palts is skieden yn 24 distrikten, yn trije bestjoerlike regio´s (Regierungsbezirken): Koblenz, Trier en Rynhessen-Palts.
Op de kaart stean 12 stêdekloften ôfbylde mei de neikommende ôfkoartings:
- Frankenthal (F)
- Kaiserslautern (Ka)
- Koblenz (Ko)
- Landau (La)
- Ludwigshafen (Rynlânpalts-Kreis) (L)
- Mainz (M)
- Neustadt (Weinstraße) (N)
- Pirmasens (P)
- Speyer (S)
- Trier (T)
- Worms (W)
- Zweibrücken (Z)
Keppeling om utensBewurkje
Regierungsbezirke Koblenz - Trier - Rynhessen-Palts Landkreise Kreisfreie Städte |