Haadmenu iepenje

Meklenburch-Foarpommeren, Dútsk: Mecklenburg-Vorpommern, Nedersaksysk: Mekelnborg-Vörpommern) is in dielsteat yn it noardeasten fan Dútslân. Yn dizze dielsteat wenje net in protte minsken en hy heart ta de tinst befolke dielsteaten. De haadstêd is Schwerin mei yn it slot de Lândei fan de dielsteat. De grutste stêd is de havenstêd Rostock. Meklenburch-Foarpommeren waard yn 1990 oprjochte nei de Dútske Ienwurding.

Meklenburch-Foarpommeren
Flagge Wapen
Vlag van Mecklenburg-Voor-Pommeren Wapen van Mecklenburg-Voor-Pommeren
Lokaasje yn Dútslân
Kaart
Basisgegevens
Haadstêd Schwerin
Oerflakte 23.170 km²
Befolking 1.693.754(31-12-2006)
Befolkingstichtens 77 ynw./km²
Distrikten
Districten van Mecklenburg-Voor-Pommeren

GeografyBewurkje

 
Schloss Schwerin
 
Mecklenburg & Pomerania

Meklenburch-Foarpommeren wurdt yn it noarden begrinze troch de Eastsee, dêr't grutte eilannen lizze as Rugen en Usedom en in rige lytsere eilannen. De neistlizzende dielsteaten binne Sleeswyk-Holstein yn it westen, Nedersaksen yn it súdwesten en Brandenburch yn it suden. Yn it easten grinzet er oan Poalen (West-Pommeren). Yn it súdwesten foarmet de Elbe de grins fan de dielsteat en yn it easten de Oder. Grutte stêden binne njonken Rostock en Schwerin ek Stralsund, Greifswald, Wysmar en Neubrandenburch.

Bestjoerlike yndielingBewurkje