Saarlân
It Saarlân (histoarysk Saargebiet, Dútsk: Saarland) is mei in oerflakte fan 2570 km² en 1,08 miljoen ynwenners ien fan de sechtjin dielsteaten (Bundesländer) yn Dútslân. De haadstêd is Saarbrücken.
Saarlân | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Lokaasje yn Dútslân | |
Basisgegevens | |
Lân | Dútslân |
Haadstêd | Saarbrücken |
Oerflakte | 2570 km² |
Befolking | 1.062.000 (2003) |
Befolkingstichtens | 420 ynw./km² |
Distrikten | |
Skiednis
bewurkje seksjeIt Saarlân is ûntstien út parten fan de Prusyske Rynprovinsje en de Palts. It waard as aparte bestjoerlike ienheid foar it earst oprjochte yn 1920, doe't it ûnder de kêsten fan de Frede fan Versailles nei de Earste Wrâldoarloch as it Territoarium fan it Saarbekken in mandaatgebiet fan it Folkebûn waard. Nei fyftjin jier ûnder ynternasjonaal tafersjoch stien te hawwen, waard op 13 jannewaris 1935 it referindum oer de status fan it Saargebiet holden, dêr't út bliken die dat 90,3% fan alle kiezers oansluting by nazy-Dútslân foarstie. Neitiid waard de krite sadwaande yn Dútslân ynkorporearre, dêr't it troch de nazys de 'Westmark' neamd waard.
Nei de Twadde Wrâldoarloch kaam it Saarlân yn 1945 by de Frânske besettingssône yn Dútslân te hearren, oant it dêr yn jannewaris 1946 fan losmakke waard. Yn 1947 waard, benammen op Frânske ynstigaasje, it Protektoraat Saarlân oprjochte, dat alhiel los fan de rest fan Dútslân bestie, mei in eigen grûnwet en in eigen nasjonaliteit. It gebiet naam yn 1952 sels mei in eigen ploech atleten diel oan de Olympyske Simmerspullen yn Helsinki. Doe't de befolking op 23 oktober 1955 by in nije folksriedplachting de fêstiging fan it Saarlân as in folslein ûnôfhinklike steat ferwurp, waard dat troch de Feriene Steaten en it Feriene Keninkryk ynterpretearre as woene de Saarlanners wer by Dútslân komme te hearren. De Frânsen bûnen yn en op 1 jannewaris 1957 sleat it gebiet him as in dielsteat oan by West-Dútslân.
Geografy
bewurkje seksjeIt Saarlân wurdt begrinze troch Frankryk yn it suden, Gruthartochdom Lúksemboarch yn it westen en Rynlân-Palts yn it noarden en easten.
De dielsteat is neamd nei de Saar, in rivier dy't fan it suden nei it noardwesten troch it gebiet streamt.
Bestjoerlike yndieling
bewurkje seksjeIt Saarlân is ûnderferdield yn seis distrikten (Kreise):
- Merzig-Wadern
- Neunkirchen
- Stêdsferbûn Saarbrücken (Stadtverband Saarbrücken)
- Saarlouis
- Saarpfalz-Kreis
- Sankt Wendel
Saarlân | ||
---|---|---|
Merzig-Wadern - Neunkirchen - Saarbrücken - Saarlouis - Saarpfalz-Kreis - Sankt Wendel | ||
· · |
Dútslân | ||
---|---|---|
Baden-Wuertemberch - Beieren - Berlyn - Brandenburch - Bremen - Hamburch - Hessen - Meklenburch-Foarpommeren - Nedersaksen - Noardryn-Westfalen - Rynlân-Palts - Saarlân - Saksen - Saksen-Anhalt - Sleeswyk-Holstein - Tueringen | ||
· · |