Bundesrepublik Deutschland
Flagge fan West-Dútslân Wapen fan West-Dútslân
Lokaasje fan West-Dútslân
Taal Dútsk
Haadstêd Bonn
Steatsfoarm Federale republyk
Tal ynwenners 63.254.000 (1990)
Oerflak 248.717 km² (1939)
Tiidrek 1949 - 1990
Munt Dútske Mark
Skiednis fan Dútslân

Germaanske Aldheid
Frankyske Ryk
Hillige Roomske Ryk
Dútske Keizerryk
Weimarrepublyk
Nazy-Dútslân
Besetting troch de Alliëarden
West en East-Dútslân
Bûnsrepublyk Dútslân

West-Dútslân, offisjeel Bûnsrepublyk Dútslân, wie in it westlike part fan it hjoeddeiske Dútslân, sûnder de DDR.

Skiednis bewurkje seksje

Nei it ferlies fan Nazi Dútslân yn 1945 besetten de Alliearden it westlike part fan Dútslân. De Sowjetuny krige it eastlike part fan it hjoeddeiske Dútslân, it eardere Dútske grûngebiet beëasten de rivieren Oder en Neisse kamen by Poalen. De haadstêd soe krektlyk skieden wurde troch de Alliearden yn it westen en de Sowjets yn it easten. Yn it westen kamen lytse dielen fan it eardere Nazi Dútslân by Nederlân, Belgje en Frankryk. Op 23 maaie 1949 waard West-Dútslân as Bûnsrepublyk Dútslân oprjochte, de ûnôfhinklikens ferklearring duorre lykwols oant 5 maaie 1955. It Saarlân hearde nei de Twadde Wrâldkriich by de Frânske besettingssône en waard yn 1947 in autonome regio, yn 1957 kaam it Saarlân by West-Dútslân. West-Dútslân lei yn Kâlde Kriich yn de frontliny, om dy reden wie it tige fan belang dat West-Dútslân by de NAFO komme soe, dat barde op 9 maaie 1955.

Nei de ein fan de Berlynske Muorre op 9 novimber 1989 koene West- en East-Dútslân werienige wurde. Dat barde op 3 oktober 1990.

Dielsteaten bewurkje seksje

De steat bestie út de hjoeddeiske dielsteaten:

  1. Baden-Wuertemberch (Baden-Württemberg)
  2. Beieren (Bayern)
  3. Bremen
  4. Hamburch (Hamburg)
  5. Hessen
  6. Nedersaksen (Niedersachsen)
  7. Noardryn-Westfalen (Nordrhein-Westfalen)
  8. Rynlân-Palts (Rheinland-Pfalz)
  9. 1957: Saarlân (Saarland)
  10. Sleeswyk-Holstein (Schleswig-Holstein)

West-Berlyn (Berlin) hearde formeel net by de Bûnsrepublyk.