Nazy-Dútslân

(Trochferwiisd fan Nazi Dútslân)
Deutsches Reich

Großdeutsches Reich (1943-1945)

Flagge fan Nazy-Dútslân Wapen fan Nazy-Dútslân
Lokaasje fan Nazy-Dútslân
Taal Dútsk
Haadstêd Berlyn
Steatsfoarm Diktatuer
Tal ynwenners 69,314,000 (1939)
Oerflak 633,786 km² (1939)
Tiidrek 1933 -1945
Munt Reichsmark

Mei Nazy-Dútslân, it Grutdútske Ryk of it Tredde Ryk is it Dútslân yn it tiidrek 1933 oant en mei 1945. Yn 1939 waard de Poalske Fjildtocht troch Nazy-Dútslân it begjin fan wat de Twadde Wrâldkriich waard, dy't earst einige yn 1945.

De eftergrûn fan de nasjonaal-sosjalistyske machtsoername yn 1933 spilet him ôf yn de demokratyske Weimarrepublyk. Yn dy republyk binne grutte sosjaal-ekonomyske problemen. Sawol kommunisten as nasjonalisten krigen yn 'e rin fan it ynterbellum stadich harren nocht fan de liberale demokrasy. Oan de tritiger jierren ta wienen de demokratyske partijen wol oan 'e macht, mar it bestjoer siet yn swier waar. De ekonomyske problemen dy't folgen op de Wall Street crash yn 1929 en de oanboazjende wurkleazens joegen de Weimarrepublyk de deastek. Nei 1930 krige de ekstreem-rjochtse NSDAP hieltyd mear stimmen by de ferkiezings. Mei populistyske gjalpen koe de partij it folk bewege om nasjonaal-sosjalistysk te stimmen. It nasjonaal-sosjalisme waard troch de partij keppele oan de langstme fan it folk nei in nasjonale ienheid.

Machtsoername

bewurkje seksje
 
Hindenburg en Hitler op de dei fan Potsdam 1933.

Op 30 jannewaris 1933 waard Adolf Hitler fan rykspresidint Paul von Hindenburg beneamd ta rykskânselier fan de Weimarrepublyk. Nei de beneaming fan Hitler moasten der nije ferkiezings komme foar de Ryksdei, dy't 5 maart 1933 keazen wurde soe. De Ryksdeibrân fan 27 febrewaris 1933 brûkten de nazys foar harren propaganda. De nasjonaal-sosjalisten joegen de kommunisten dêrfan de skuld. De NSDAP krige 44 persint fan de stimmen. Troch it oannimmen fan de wet 'Gleichschaltung der Länder mit dem Reich' (lykskeakeling tusken de dielsteaten en it ryk) moast de KPD syn sitten yn it parlemint opjaan. Dêrmei hie de NSDAP de absolute mearderheid yn it parlemint. Op dyselde wize waard yn de simmer fan 1933 besletten om de SPD út de Ryksdei te setten. Der folgen wetten dy't in ein makken oan de minskerjochten en de skieding fan de machten. De Gestapo hold tafersjoch op mooglike ynlânske wjerstân.

De Dútske ekonomy waard hieltyd mear troch de oerheid stjoerd. Dy ûntjouwing wie al foar Hitler begûn, de NSDAP gie dêrmei fierder. Diels ynspirearre troch de New Deal fan Franklin Delano Roosevelt kamen grutte bouprojekten fan 'e grûn. Arbeiders waarden massaal ynset foar de oanlis fan ferskillende sneldiken. Neist in minderjend tal wurkleazen en bettere hannelsmooglikheden troch de sneldyk wie der ek in strategysk militêr foardiel. It ferfier fan soldaten en materieel waard in hiel stik makliker. De ekonomyske oplibbing en it minderjende oantal wurkleazen en stigende produksje wie finansjeel mar foar de helte dutsen troch belestingen en oare ynkomsten fan de oerheid. It wie nedich om grutte lieningen te nimmen sadat de oerheidsskuld yn 1939 fjouwer kear heger wie as yn 1933.

Yn 1933 luts it Dútske Ryk him op oantrunen fan Adolf Hitler werom út it Folkebûn. De nazy-lieding hie gjin ferlet fan gearwurking. Yn novimber 1937 die Hitler syn minister fan bûtenlânske saken te witten dat hy it Lebensraum-probleem oplosse woe troch it Dútske Ryk út te wreidzjen mei Eastenryk en Tsjechoslowakije. Eastenryk wie pas yn 1918 in lân wurden dat ûntstean wie út it Eastenryksk-Hongaarske keizerryk. It gearfoegjen fan Dútslân en Eastenryk, de 'grut-Dútske oplossing', wie yn 1871 net slagge en wie neffens de Frede fan Versailles ferbean. De benaudens foar in sterk Dútslân wie grut. Dochs wienen de minsken sawol yn Dútslân as yn Eastenryk posityf oer in gearfoeging. Dútslân stelde it regear fan Eastenryk in ultimatum. Fuort nei it ferrinnen fan it ultimatum yn maart 1938 marsearren Dútske soldaten troch Eastenryk. It Dútske leger ûnderfûn amper wjerstân fan de befolking. Hja sprieken oer in "Heim ins Reich". Dêrmei wie it earste part fan de útwreiding fan it Ryk dien. Op de Konferinsje fan München yn septimber 1938 waard tusken Frankryk, it Feriene Keninkryk, Dútslân en Italië praten oer de takomst fan Tsjechoslowakije. Mei it Ferdrach fan München lieten de oanwêzige Europeeske lannen in Dútske besetting fan it Sudetelân ta. In healjier letter waard de rest fan Tsjechoslowakije ynlive as it Protektoraat Bohemen en Moravië. It Feriene Keninkryk en Frankryk woenen gjin fierdere anneksaasjes fan it Dútske Ryk. De beide lannen joegen in garânsje oan Poalen, foar it gefal dat dat lân oanfallen wurde soe.

Twadde Wrâldkriich

bewurkje seksje

Fierdere útwreiding fan it Ryk

bewurkje seksje
 
It Dútske Ryk 1941-1942

Mei it Ingelsk-Frânske ultimatum wie it dúdlik dat in Dútske opmars yn Poalen ta in grutte Europeeske kriich liede soe. Dútslân wie dêr net benaud foar, it wie earder in ûnderdiel fan it plan om de striid oan te gean. De Dútske yndustry en de Dútske mienskip wienen ûnder Hitler taret op in oarloch. De nije sneldiken wienen net allinnich foar de sivile befolking, mar ek foar ienheden fan it leger. De Dútske Wehrmacht wie by de tiid en op topsterkte. Hitler betocht in myte om it Dútske folk derfan te oertsjûgjen dat in nije wrâldkriich net te kearen wie. Dútslân soe fjochtsje foar syn bestean. Nei de Dútske ynfal yn Poalen fertelde Hitler yn in taspraak dat Poalske soldaten de Dútske grins oanfallen hienen, en dat dy oanfal in ûnderdiel wie fan in Anglo-Frânsk plan om Dútslân fan de kaart te reagjen.

Mei de Dútske oanfal op Poalen yn septimber 1939 begûn de Twadde Wrâldkriich. Mei twa wiken striid wie Poalen ferovere. It westlike part waard ynlive yn it Dútske Ryk. De rest fan it gebiet dat troch de Dútsers beset wie kaam ûnder it 'Generalgouvernement Polen'. In wykmannich letter besette de Sowjetuny it eastlike diel fan Poalen. Dútslân en de Sowjetuny hienen yn augustus in net-oanfalspakt tekene, it saneamde Molotov-Ribbentroppakt. Yn maaie-juny 1940 rûn it Dútske leger de Benelúks, Frankryk, Denemark en Noarwegen ûnder de foet. Yn juny 1941 naam Hitler it beslút ta Operaasje Barbarossa. Op 5 desimber stiet it Dútske leger foar de stêden Moskou en Leningrad.

It grutste ferlies fan Dútslân oan it eastfront wie yn de Slach om Stalingrad. Sawol Hitler as Stalin wie Stalingrad symbolysk, omdat de stêd de namme fan Josef Stalin droech. De Dútsers hienen sawat de hiele stêd beset, mar nei in lange striid setten de Sowjets in tsjinoanfal yn it noarden en westen fan de stêd yn. De folsleine Dútske legermacht mei in oarspronklike sterkte fan 300.000 soldaten waard besingele. Sawol de Dútsers as de Sowjets hienen grutte ferliezen. Nei de besingeling fan de Sowjets krigen de Dútsers help fan de Luftwaffe, om mei help fan fleantugen oan kûgels en iten te kommen. Swiere wapens koenen beide partijen net ynsette by de stedsgefjochten. By de grutte Russyske oanfal waard sa likernôch 1 miljoen soldaten ynset. De grutste fout fan Hitler wie it net-weromlûken fan Dútske troepen wylst der genôch tiid wie. De Alliearden koenen dy fout skoan brûke.

 
De ein fan it hakekrús op it Reichsparteitagsgelände yn Neurenberch.

Yn 1943 waard it by de Dútske befolking stadichwei dúdlik dat se rekken hâlde moasten mei in ferlies. It ferlies fan de Slach om Stalingrad wie net it iennichste militêr-strategyske kearpunt yn de Twadde Wrâldkriich. It stie al langer fêst dat Dútslân de oarloch net winne koe, mar foar de befolking wie Stalingrag in psychologyske foarfal. Sawat elke famylje hie in sibbe ferlern yn Stalingrad. Yn febrewaris 1943 hold Joseph Goebbels syn "Wollt Ihr den totalen Krieg"-rede (wolle jim de folsleine kriich?). Goebbels die dat nei it ferlies fan Stalingrad en militêre tebeksetters yn Noard-Afrika. Hy besocht de Dútsers safier te krijen om te fjochtsjen foar harren 'bestean'. De tanimmende alliearde bombardeminten en de Russyske opmars yn it easten brûkten de nazys as propaganda. Yn july 1943 waard in grut part fan Hamburch troch in bombardemint fan de alliearden ferneatige. Yn july 1944 oerlibbe Hitler in oanslach fan Dútske offisieren dy't in ein meitsje woenen oan de ferlerne kriich.

Nei de ynfaazje yn Normandië en de alliearde opmars oan it westfront beslute Hitler ta it Ardennenoffensyf. It wie it lêste offensyf fan Nazy-Dútslân yn de Twadde Wrâldkriich. Nettsjinsteande it ferrassingselemint rûn it offensyf frij gau fêst. Operaasje Market Garden wie definityf it lêste Dútske sukses. Yn de earste moannen fan 1945 wie der sawol oan it eastfront as oan it westfront sprake fan grut terreinferlies. Yn jannewaris 1945 bruts it eastfront hast nei in massale Russyske oanfal. Yn de Slach om Berlyn waard de Volkssturm ynset, in folksmilysje mei manlju fan tusken de 16 en 60 jier. Op 30 april 1945 die Hitler himsels tekoart yn syn bunker yn Berlyn. Op 8 maaie tekene Karl Dönitz de folsleine Dútske kaputilaasje. Dêrmei kaam it nazy-rezjym ta in ein.

Lieding fan it Ryk

bewurkje seksje

Adolf Hitler wie de iennige politike lieder, as diktator mei Führer as titel. De twadwichtichste persoan, nei Hitler, wie Heinrich Himmler, de lieder fan de Schutzstaffel. Doe't Hitler himsels tekoart die op 30 april 1945, waard admiraal Karl Dönitz Dútslâns politike lieder. Under Dönitz ûntstie it Flensburchregear. Op 23 maaie 1945 waard Dönitz en syn regear fêstnommen troch de Alliearden. De folsleine kaputilaasje fan Dútslân yn de Twadde Wrâldkriich wie dêrfoar al tekene, wat feitlik de ein wie fan it Tredde Ryk.

Oersjoch fan pommeranten en organisaasjes

bewurkje seksje
Skiednis fan Dútslân

 

Germaanske Aldheid
Frankyske Ryk
Hillige Roomske Ryk
Dútske Keizerryk
Weimarrepublyk
Nazy-Dútslân
Besetting troch de Alliëarden
West en East-Dútslân
Bûnsrepublyk Dútslân

Bestjoerlike yndieling

bewurkje seksje

Yn 1933 bestie Nazy-Dútslân út de neikommende lannen:

 
Grutdútske Ryk yn 1944

De NSDAP besocht it bestjoer safolle mooglik te sintralisearjen yn Berlyn. Dêrby hearde in nije bestjoerlike yndieling. De bestjoerlike ienheid dy't ûnder it sintrale regear foel wie de 'Ryksgoa'. Oan 'e ein fan 1942 wienen Lúksemboarch en Eastenryk folslein anneksearre troch it Tredde Ryk. Elsas en Lotaringen hearden foar de Earste Wrâldkriich by Dútslân en waarden ek anneksearre. Yn it easten waard it Sudetelân in ryksgoa. Wat oerbleau fan Tsjechje wie it Protektoraat Bohemen en Moravië. It grutste part fan it hjoeddeiske Poalen waard anneksearre, it eastlike part foel ûnder it 'Generalgouvernement Polen'. De anneksearre gebieten waarden yn Ryksgoäen yndield.

Om fierdere anneksaasje mooglik te meitsjen waard it Reichskommissariat ynfierd. Meiïnoar wienen der fjouwer Reichskommissariaten:

It ferskil tusken in Reichskommissariat en Militärverwaltung is it bestjoer. By in Reichskommissariat wurdt it gebiet troch NSDAP pommeranten bestjoerd. By de Militärverwaltung wie in militêre kommandant bestjoerder.

  • Militärverwaltung in Serbien
  • Militärverwaltung in Belgien und Nordfrankreich

  Tema:Twadde Wrâldkriich – Wikipedy hat ek in temaside oer de Twadde Wrâldkriich

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  Commons: Tredde Ryk – foto, fideo en harktriemmen